Berne: 12-09-1947, Zevenhuizen (Grl)

Libben en wurk

Pim Rodenboog groeide op yn Grinslân. Nei har stúdzje Maatskiplik Wurk fûn se in baan by de Raad voor de Kinderbescherming yn Ljouwert. Letter wurke se as koördinator by it Bureau Taakstraffen voor Jeugdigen.

Se skreau altyd al gedichten, mar ein santiger jierren fan de foarige iuw rekke se belutsen by de organisaasje fan in gedichtejûn yn Snits. Dêr kaam se yn ’e kunde mei dichter Sybe Sybesma, dy’t har stimulearre om it ris yn it Frysk te besykjen. Likegoed wie har earste bondel yn it Nederlânsk. Dy bondel (1980) mei as titel Samen spitten we wat onwennig, waard útjûn yn ’e mande mei keunstner Koos Foekema. Dêrnei skreau se fersen foar ûnder oare Hjir en de Skriuwerskalinder. It duorre oant 2000 ear’t in nije bondel ferskynde. Meande wurden hearde by in útstalling yn it Coopmanshûs yn Frjentsjer mei skilderijen fan Doet Boersma. By in soartgelikense útstalling op ’t Hearrenfean (Ferbining / Verbinding) binne fan skilderijen fan Doet Boersma mei gedichten fan Pim Rodenboog 10 kaarten útjûn. Yn 2010 ferskynde De muze dûnset op ’e jarrekolk, mei sawol Nederlânsk- as Frysktalige gedichten.
Pim Rodenboog is mei pensjoen en wennet sûnt 2000 te Bears. Mei har partner eksploitearret se de teäterpleats ’t Aldahuys, dêr’t se sels ek poëzijworkshops jout. Fierder is se trouamtner en sprekker by begraffenissen en kremaasjes.

Tematyk en resepsje
Wieke de Haan neamt op de F-side de resultaten fan de gearwurking tusken Pim Rodenboog en Doet Boersma yn Meande wurden ‘ferrassend’. Ek priizget se de fersoarging fan de bondel. Henk van der Veer seit yn Trotwaer dat er it oantal fan tsien gedichten te min fynt om in oardiel út te sprekken oer it dichtsjen fan Pim Rodenboog, mar ‘dat Rodenboog in dichter mei literêre potinsje is, dy stelling doar ik wol oan.’ Yn it wurk fan Pim Rodenboog komme tema’s as it ferstriken fan de tiid en it âlder wurden gauris werom.

Boarnen foar dit stik
Hjirûnder neamde artikels

Bondels en oar wurk
1980: Samen spitten we wat onwennig (mei yllustraasjes fan Koos Foekema)
2000: Meande wurden (mei byldwurk fan Doet Boersma)
2010: De muze dûnset op ’e jarrekolk

Prizen
1998: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Tiidgeasten’
1999: Rely Jorritsmapriis far it gedicht ‘Ripens’

Mear oer wurk en libben

Foar Operaesje fers, LC 03-06-1983
Henk van der Veer, Trotwaer 2001, nr. 4, 172-173.
Oer ’t Aldahuys, LC 05-11-2003
Sietse de Vries, fraachpetear LC 07-05-2010 diel 1 en diel 2
Website ’t Aldahuys

© Tresoar, 24-04-2015