Berne: 25-10-1942, Snits

Libben en wurk

Klaas Rusticus waard berne yn Snits as soan fan Ybe Sjoerd Rusticus en Trijntje Martens. Hy hat twa bern en wennet op dit stuit yn Oerisel.

Yn syn berteplak folge er in oplieding ta skoalmaster. Mei skriuwer Anne Wadman rjochte er ein fyftiger jierren in ôfdieling fan de stifting Jeugd en Muziek op. Ek skreau er ferhalen dy’t yn De Strikel publisearre waarden. As ûnderwizer wurke er û.o. yn Zwolle en Boskoop. Fan 1968 ôf rjochte er him op it teater en in pear jier dêrnei op telefyzjeproduksjes. Hy wie fan 1970-1977 yn tsjinst fan de NCRV. Dêr wie er ferantwurdlik foar tsientallen jeugd-, drama- en keunstproduksjes. Sels sjocht er Orimoa (1971-1975) as syn wichtichste wurk út dy perioade. Letter waard er programmamakker by de NOS en nei 1990 yn it bûtelân.As teaterregisseur wurke er foar de Noorder Compagnie en de Theaterunie. Ien fan syn filmproduksjes is it Frysktalige Boete dwaen, basearre op trije ferhalen út de bondel Diggels fan Teatske Alzum, ‘Boete dwaen’, ‘Dy hannen’ en ‘It heimnis’.
Yn maart 2010 publisearre er tegearre mei syn jeugdfreon Simen de Jong it Nederlânsktalige kearboek Twee. Yn 2013 kaam syn Frysktalige bondel De brimstige ingel út, mei ferhalen dêr’t guon al earder fan publisearre wiene yn it literêre blêd Ensafh.

Tematyk en resepsje
De ynfloeden dy’t Klaas Rusticus opdie yn syn jeugdjierren komme yn syn wurk hieltyd wer werom. Opgroeid yn in slim religieuze húshâlding besiket Rusticus dat ferline in plak te jaan, al falt dat net ta: ‘Als ik een speelfilm over mijn jeugd maak, wordt dat een grote astma-aanval, een reeks van hallucinerende beelden.’ In skerp each foar it lytse, it kwetsbere is dan ek it tema yn sawol syn films en dokumintêres as yn syn boeken. Sa seit er oer syn telefyzjespul Boete dwaen: ‘Het is het feest van de machteloosheid, een fatalistische visie, waarbij God een onvermijdelijk centrale plaats inneemt als de bestemmer van het noodlot.’
Yn Twee sjogge de beide auteurs ûnôfhinklik fan inoar werom op har stúdzjetiid. Dy spile him ôf op de kristlike kweekskoalle yn Snits. Yn it boek ûndersykje se elk út in ferskillende achtergrûn wei har komplekse relaasje yn dy jierren. Rusticus oer himsels: ‘Ik hoorde nergens bij, liep op zondagmiddag met mijn ziel onder de arm door de straten van Sneek. Alles wat ik wist, wat ik deed, was nood. Ik kon geen kant op met mijn gevoelens.’
Syn Frysktalich debút De brimstige ingel is opdield yn trije skiften: ‘Wynpûsten by in iepen finster’, ‘De Snitser tiid’ en ‘De wide, wide wrâld’. Jaap Krol merkt yn it Frysk Deiblêd op dat de ienheid fan de trije kompartiminten him wat forsearre oerkomt. De grutste wurdearring hat er foar it middendiel oer de jeugdjierren fan de skriuwer yn Snits. Krol neamt de bylden dy’t de ferhalen oproppe, sterk, draaid yn moaie taal. Doeke Sijens neamt yn de Ljouwerter Krante it middendiel ‘in pronkstik’, in searje ferhalen yn in sobere styl, mei altyd sprekkende details. Lykas oare besprekkers neamt ek Nienke Jet de Vries yn literêr blêd De Moanne de ynfloed fan Rusticus syn regisseurskip op syn manier fan skriuwen: koarte sinnen, wêrtroch’t de lêzer him maklik in byld foarmje kin fan de romte dêr’t de ferhalen har yn ôfspylje.

Boarnen foar dit stik

Underneamd krante-artikel, resinsjes en Rusticus sels.

Proaza
2011: Twee (tegearre mei Simen de Jong)
2013: De brimstige ingel

Filmproduksjes (in kar)
1977: Boete dwaen (NCRV)

Prizen
1992: CIDALC-prijs voor beste literaire film - Festival Figueira da Foz
1994: Prix d’Innovation-nominatie Monte Carlo

Nominaasjes
2014: Douwe Tammingapriis, De brimstige ingel

Mear oer wurk en libben fan Klaas Rusticus
Sietse de Vries, fraachpetear LC 26-03-2010 diel 1 en diel 2
Wikipedia


© Tresoar, 08-06-2015