Berne: 25-08-1865, It Hearrenfean
Ferstoarn: 10-07-1937, Haarlem

Libben en wurk

Johannes Bernard Schepers waard berne as âldste soan fan in húsdokter. Hy groeide op yn Grou, in perioade dêr’t er syn hiele libben oer dichtsje soe.

It wie de tiid dat Grou troch de bruorren Halbertsma in literêre namme op te hâlden hie. Schepers droech syn earste bondel Gedichten dan ek op oan dr. Eeltsje Halbertsma. Letter die er ek noch ûndersyk nei dr. Eeltsje en wie er mei-oprjochter fan syn stânbyld.

Yn Grins studearre Schepers fan 1877-1892 taal- en letterkunde mei dêrby skiednis. Fan dy perioade die er ferslach yn in searje deiboeken. Yn 1885 kaam er yn ’e kunde mei Piter Jelles Troelstra, dy’t him oantrune en begjin te dichtsjen yn it Frysk. Dêrneist wie de moeting mei A.W. Kroon–Star Numan fan beskiedende ynfloed op de ûntjouwing fan syn dichterskip. Sy wiisde him it paad nei natuerlyryk mei in persoanlike ynslach.

Yn 1892 troude er mei Trien (Tryntsje) Lykles. Nei syn stúdzje sette er him nei wenjen yn Tilburch, dêr’t er wurke as learaar Nederlânsk en ierdrykskunde. Yn Tilburch moete er Obe Postma, dy’t dêr in koart skoftke wiskunde joech. Yn 1895 ferfear er mei syn húshâlding nei Haarlem, dêr’t er ferbûn wie oan it Stedelijk Gymnasium.

Schepers sette him yn foar fernijing fan de Fryske literatuer, foar ûnderwiis yn it Frysk en foar in dúdlik plak fan it Frysk yn Nederlân. Syn stânpunten waarden him net altyd yn tank ôfnommen. Dêrby rjochten de kritisy har benammen op wat sy as ‘ferhollânsking’ fan syn Frysk seagen, wylst ek de ferienfâldige stavering dy’t Schepers brûkte fuorthúnd waard. It late yn 1900 ta in ôfskied fan de Fryske literatuer, al soe dat net lang duorje.

Nei 1900 besocht er namme te meitsjen as Nederlânsktalich dichter. Hy publisearre yn de Nieuwe Gids, it tydskrift fan de Beweging van Tachtig mei as einredakteur Willem Kloos. Underwilens wurke er stûf troch oan syn grut epos yn trije dielen Bragi, dat yn 1900 útbrocht waard.

Fan 1907 ôf brocht er wer Frysktalige poëzy út, dy’t er publisearre yn in ferskaat fan blêden en kranten. De bân mei Piter Jelles Troelstra soarge der net allinnich foar dat Schepers it wurk fan Troelstra mei oersettingen ûnder de oandacht fan it Nederlânske publyk brocht, mar ek dat de lêstneamde nei in skoftlang swijd te hawwen, dochs wer Frysktalich dichtwurk publisearre.

Op lettere leeftiid brocht Schepers syn Frysktalich wurk ûnder by de Provinsjale Biblioteek (no Tresoar) yn Ljouwert, wylst er it Nederlânsktalige bewarje liet yn it Argyf fan de Maatschappij van Letterkunde (no Letterkundig Museum te Den Haag).

Tematyk en resepsje

Johannes Bernard Schepers rjochte him yn neifolging fan de Tachtigers op natuerlyryk dy’t yn tsjinstelling ta wat yn de Romantyk makke waard in mear yndividuële ûndertoan sjen liet. Syn gedichten binne net dreech te begripen, de taal is ienfâldich.

De Frysktalige debútbondel Gedichten (1897) waard oer it generaal yn Fryslân folslein negearre, benammen fanwege it (te ‘Hollânske’) taalgebrûk en de ferienfâldige stavering. By einsluten resultearre dy ôfwizende hâlding yn in tige fûl skreaun stik fan J.J. Hof (‘Jan fan ’e Gaestmar’), dêr’t Schepers yn útmakke waard foar in ‘sabeare-Fries’. Dêrmei luts Schepers de doar nei de Fryske literatuer foar in (koart) skoftke achter him ticht.

Al yn Tilburch wie er úteinset mei syn grutte mytysk-epyske poëzyfertelling Bragi, dy’t er yn Haarlem foltôge. Willem Kloos wie goed te sprekken oer dit wurk, in moaie opstekker dy’t Schepers wol brûke koe. Kloos neamde Bragi ‘een stevig kunstwerk, midden-in, en als tegen-in, het huidige, harde, onrecht-ademende wereldrumoer’. Ek yn de NRC (Johan de Meester) waard de kwaliteit wakker priizge, wêrby’t in ferbân lein waard mei de Mei fan Gorter.

It toanielwurk dat Schepers skreau, waard gauris kritysk besjoen. Sa waard yn it Leeuwarder Nieuwsblad (15-10-1932) oer Radbout opmurken dat de histoaryske betrouberens net al te heech ynskat wurde moast: ‘Van dergelijke lichtzinnigheid is Dr. Schepers allerminst vrij te pleiten.’

Ta beslút in fragmint út it gedicht ‘Oan ús heit’:

O, heit, hjersttoan oer de fjilden
En de ljippen oan ’t boskjen foar ’t gean
Koele weagen klosse oan ’e reidwâl:
Sis, wêrom bleauwen wy stean?

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
Tsjerk Veenstra – Zonder liefde leefde nooit een lied (blomlêzing fan Schepers’ wurk)
Abe de Vries – ‘Skriuwer Schepers út it ferjitten fiske’ (FD 12-04-2013)

Bibliografy
1891: Groningen als Hanzestad (proefskrift)
1897: Gedichten (Frysktalich)
1900: Bragi (epos)
1900: Het Fries en de Friezen
1901: Bragi (mei ynlieding)
1905: Alwin, woudspel in 5 bedrijven
1918: G.A. Bredero’s liefde en lied
1924: Pier Panders keunst ta eare (8 Frysktalige sonnetten)
1925: Troelstra als Fries dichter
1935: Radbout, drama in 5 bedrijven

Oer J.B. Schepers
1900: Iepen brief oan Dr. J.B. Schepers (J.J. Hof)
1910: Fen liet en libben (Lêzing fan P.J. Troelstra)
1985: Fen Fryslâns fjilden (Sammele artikels fan D. Kalma)
2012: De forgetten hear Schepers (masterskripsje Tsj. Veenstra)

Tresoar, 01-06-2016