Berne: 207-10-1959, Longerhou

Libben en wurk

Sipke de Schiffart is boeresoan. It wie de bedoeling om it bedriuw fan syn heit oer te nimmen, seit er yn in petear mei Hedwig Terpstra fan Ensafh.

Doe’t it safier wie, belibbe er dat wurk lykwols as tige yntinsyf en ferkocht er de pleats nei tsien jier boer west te hawwen. No hat er alle tiid om him op it skriuwen út te lizzen. Eartiids sykjend om ‘djipper’ as it boerebestean, krige De Schiffart hieltyd mear nocht oan literatuer. Hy lies in soad, learde gedichten út ’e holle en skreau doe’t er in jier as tweintich wie sels ek poëzij.
Tsjintwurdich is er njonken it skriuwen ek warber as skilder. Sa hat er sels it byld makke fan it lânskip op it omslach fan syn debút Wat it is om bang te wêzen, dat it Longerhou fan de ein jierren sechtich ferbyldet. ‘De tiid dat it lân noch fol mei blommen stie,’ seit er dêroer. Sipke de Schiffart wennet yn Boalsert.

As in earste stap ta it skriuwen, gie De Schiffart yn 2005 nei in skriuwkursus fan Tresoar, by Akky van der Veer en Hylke Tromp. Doe skreau er foar it earst yn it Frysk. De koarte ferhalen dy’t sa ûntstiene, waarden publisearre yn Hjir en Ensafh.
Yn 2006 krige De Schiffart erkenning foar de kwaliteit fan syn wurk yn ’e foarm fan de Rely Jorritsmapriis. Oer syn ynspiraasje seit er: ‘Ik mei graach lâns it wetter rinne, ûnder it kuierjen krij ik dan gauris in idee. Soms helje ik foar myn ferhalen ek dingen út de werklikheid en gean dan mei sa’n idee oan ’e haal.’
In tema fan de dea komt gauris werom yn syn wurk want ’De dea stiet úteinlik op ús allegear te wachtsjen.’
In werklikheid dêr’t De Schiffart in idee oan ûntliende wie syn ferbliuw yn it arkje fan Rink van der Velde, dat him ynspirearre ta it ferhaal ‘Lotte op De Feanhoop’.
Syn debút Wat it is om bang te wêzen waard tige entûsjast ûntfongen. Doeke Sijens yn syn besprek yn de LC: ‘Hast altyd binne de komposysjes fan de ferhalen sterk, mei oertsjûgjende situaasjes.’ Jelle van der Meulen neamt de ferhalen ‘Indringend, met prachtige details en hooggeplaatst op mijn lijstje van beste Friese boeken uit 2012.’

Dichter
De Schiffart skriuwt ek gedichten. Oer syn poëzy seit er dat dy tagonklik en net kriptysk of hermetysk is. Hy krige yn 2011 foar syn gedicht ‘Koosje’ in blyk fan wurdearring fan de Rely sjuery 2011.

List fan belangrykste wurk

Proaza
2012: Wat it is om bang te wêzen (ferhalen)

Poëzy
2017: Oan dy tinke: leafdesgedichten dy't it bestean wat lichter meitsje

Prizen
2006: Rely Jorritsmapriis, ‘Toe Sippy ju!’ (ferhaal)
2010: Rely Jorritsmapriis, ‘Leafde nei de dea’  (ferhaal)

Nominaasjes
2014: Rink van der Veldepriis, Wat it is om bang te wêzen
2014: Douwe Tammingapriis, Wat it is om bang te wêzen
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, Wat it is om bang te wêzen

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, Fraachpetear op Ensafh 13-03-2013
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite


© Tresoar, 14-06-2013