Berne: 220-09-1952, Oranjewâld

Libben en wurk

As soan fan in timmerman gie Jan Schokker in oare kant út as dy fan syn heit, hy learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk.

Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy koe goed tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen of bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, seit er yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante. As jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening.
Yn ’e rin fan de tiid skreau er in grut tal revu’s en in stik as fyftjin toanielstikken. Yn it earstoan inkeld yn it Nederlânsk, letter ek yn it Frysk.
Jan Schokker wennet yn Jonkerslân en hat sûnt syn 24-ste in eigen bedriuw foar standbou en belettering. Doe’t er fyftich waard brocht er syn bedriuw werom ta in beskiedener formaat, om sa mear tiid foar it skriuwen te krijen.
Syn favorite skriuwers binne de Sweedske auteur Henning Mankell (oer resersjeur Kurt Wallander) en Rink van der Velde.

Skriuwer
Schokker skreau njonken toaniel ek koarte ferhalen en letter woe er it ek wol ris mei in roman besykje. Hy keas foar de foarm fan in plysjeroman. ‘In moaie kapstok,’ seit er dêroer, ‘dêr kinst alles yn kwyt: spanning, humor en romantyk.’
Sa ûntstie in rige oer de plysjeman Ale Alema. ‘In rige jout je as skriuwer de kâns om sa’n man út te djipjen.’ De boeken fan Schokker spylje har gauris ôf op bekende plakken yn Fryslân lykas Bontebok, It Hearrenfean en de plakken dêromhinne. ‘Dat makket myn boeken werkenber en realistysk. Dat fine de measte minsken moai.’
Jaap Krol fan it Frysk Deiblêd oer Djipdún, de tredde roman fan Schokker, ‘Djipdún is flot skreaun en hat in apart soart humor. Ek hâldt de spanning lang oan en is it ferhaal hast oan de lêste side ta ûnfoarsisber.’ De haadpersoanen fynt Krol lykwols net altyd like realistysk. Doeke Sijens fan de Ljouwerter Krante syn besprek fan Lykspul: ‘Troch persoanlike kwestjes rekket de lêzer tige behelle by de ynspekteur en syn kollega’s en it ferhaal is fernimstich opset.’

List fan belangrykste wurk

Proaza
2008: De Koalmasaak
2011: De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
2011: Djipdún
2012: Lykspul
2015: Tichtby
2016: Kabel en tou

Toaniel
1995: Baron Pier
2001: It gefoel fan Abe Santema
2006: Boer siket frou
2004: Tuskentiidteater (ienakter)
2010: Kwyt
2007: It sipelfolk
2011: Klontsjes
2014: Pake Brûsstien - in fleurich stik
2015: Kabel en tou

yn it Nederlânsk
1995: Oepie multifunctioneel
1997: Stormvloedkering
1998: Reitze Rubber de (s)jofele autohandelaar
1999: Reitze Rubber 1
2011: Baron Pier

Mear ynformaasje
Eigen webside www.janschokker.frl

© Tresoar, 24-02-2016