Berne: 22-07-1959, Ternaard

Libben en wurk

Willem Schoorstra waard berne op 22 july 1959 yn Ternaard, it doarp dêr’t er ek opgroeide. ‘In lullich jier’, skriuwt er op syn webside.

‘Te jong om bewust de jierren sechtich mei te meitsjen, te nofteren en te rasjoneel om mysels hals oer ’e harsens yn ’e punk te stoarten, mids jierren santich. Faaks dat út dy ûnfrede om altyd oan ’e sydline fan de grutte omkearings te stean, de driuw om wat te kreëarjen ûntstie.’ Hy folge de lts en wie dêrnei learbewurker, skilder en glêssetter. Sûnt de jierren tachtich wurket er as teamlieder by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Hy is troud en hat trije bern.

Schoorstra hie fan jongs ôf nocht oan lêzen. Syn kreative driuw kaam yn it earstoan yn de muzyk ta utering. Wichtige ynspiraasjeboarnen yn syn literêr wurk hellet er ek út muzyk. Hy lit him ynspirearje likegoed troch midsiuwske Madrigalen as troch de yndustriële metal fan Rammstein. Mar ek films kinne him oansette ta skriuwen. Hy begûn mei gitaarspyljen, yn it begjin nûmers fan oaren, mar al rillegau skreau er se sels. Hy murk dat it skriuwen fan teksten him wol lei en sa linkendewei transformearren de lietteksten yn gedichten. Yn 1998 krige er de Ruurd Wiersma Poëzieprijs foar it fers Neffens it ynderlik bern. In jier letter wûn er in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal Trettjin dagen.

Njonken syn publikaasjes yn boekfoarm publisearret Willem Schoorstra geregeld yn literêre tydskriften, op ynternet en yn printe foarm. In skoft wie er geregeld yn it nijs fanwege syn stribjen om de Fryske nasjonaliteit te krijen. Yn 2015 setter útein mei in wyklikse kollum op Omrop Fryslân.

Tematyk en resepsje
Willem Schoorstra debutearre yn 2001 mei de dichtbondel Ynwijing. Durk van der Ploeg neamde yn syn besprek fan de bondel [1] Schoorstra ‘in fertellend dichter, dy’t de lêzer meifiert yn soms heftige situaasjes, nei lânskippen dy’t, losmakke fan de jeugdige ûnskuld, losrekke út it tiidrek fan in arkadyske wrâld, in wrede werklikheid sjen litte. Dy werklikheid jout Schoorstra net sa maklik bleat. /…/ En dat komt neffens myn betinken út in hâlding fan dichtsjen, dy't ik by Schoorstra in dreamhâlding neame wol.’ Krityk hie Van der Ploeg op it útwrydsk brûken fan bylden en it soms te barokke taalgebrûk fan de dichter. Tsjerk Veenstra [2] sinjalearre yn it Friesch Dagblad ‘in dichter dy’t syn ark yn ’e macht hat en goed op ’e hichte is fan de mooglikheden dêrfan’. Hy priizge de gedichten fanwege it hege, poëtyske gehalte. Babs Gezelle Meerburg [3] miste djipgong yn de gedichten, al seach se wol in pear ljochtpuntsjes. Se fûn it spitich dat Schoorstra syn wurk sa hastich útjûn hat. Neffens har hie it better west earst mear te publisearjen yn tydskriften om sa te oefenjen oan ’e hân fan de dêr levere kritiken.

It jier derop ferskynde fan Schoorstra de ferhalebondel Berjochten út Babel. In part fan de tsien ferhalen út de bondel wiene earder al ferskynd yn Trotwaer, Kistwurk, Hjir en yn de sammelbondel 21 Nije Fryske winterferhalen. De ferhalen út Berjochten út Babel waarden troch de kritisy trochstrings tige posityf ûntfongen. Elske Schotanus neamde it in skitterjende ferhalebondel [4]. Sy priizge it ferteltalint en taalgebrûk fan de skriuwer. De haadpersoanen út de ferhalen fan Schoorstra binne minsken dy’t misfoarme binne troch opfieding, miljeu en leafdeleazens, minsken dy’t libje yn gaos en leechte en sykje om waarmte en tagedienens, mar dat net fine yn it Babel dêr’t sy yn libje, dat treasteleas is en dêr’t de minsken elkoars taal net fersteane. De ferhalen fan Schoorstra binne rau en bizar. ‘Hy leit himsels hielendal gjin beheinings op, batst der op in ûnfryske wize yn en lit sa in folslein eigen lûd hearre,’ sei Henk van der Veer. Greet Andringa wie yn har besprek fan de bondel kritysker [6]. Sy fielde by it lêzen ôfstân tusken har en it ferhaal. Sy neamde de skriuwer in ‘fakman-etaleur’, mar fielde gjin kontakt mei wat er tentoanstelde. De ‘emosjonele bloedearmoede’ dy’t út de ferhalen spriek, siet har dwars by it lêzen.

Yn 2004 kaam Schoorstra syn roman Swarte ingels út, in roman dy’t giet oer de útsûnderlike leafde tusken in broer en in suster. Ek dy roman waard troch de kritisy tige posityf ûntfongen. It boek waard yn 2005 bekroane mei de Fedde Schurerpriis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde trijejierlikse priis foar debutanten yn alle sjenres. Gerbrich van der Meer [7] frege har ôf wat de reden wêze koe om te kiezen foar in relaasje tusken broer en suster. Se kaam ta de konklúzje dat Schoorstra dy relaasje nedich hie om syn boadskip (‘Leafde lit him net liede troch maatskiplike konvinsjes’) helder te krijen. Se fûn dat de haadpersoanen dêrtroch net genôch romte krigen: ‘Hiene se mear romte krigen fan de skriuwer, dan hie in ferhaal miskien in oare kear krigen en in oar boadskip, mar fêst dat it dan wol tichter op ’e hûd kommen wie’. Jabik Veenbaas [8] sei yn syn besprek fan Swarte ingels: ‘Schoorstra jout it tema fan de ynsestueuze leafde op in knappe manier foarm. Op fernimstige wize wit er de lêzer hieltyd wer yn spanning te hâlden. Yn de earste haadstikken beseft de lêzer noch amper wêr’t it yn it boek werklik om giet. Mar sa no en dan lit de skriuwer subtile hints los, krijt er lytse tekentsjes taparte dy't him nijsgjirrich meitsje nei de fierdere ûntjouwingen. En ek as de leafde tusken Hilbrand en Fardou in beklonken saak is, hâldt er de spanning fêst. No komt it spannings-aksint wer op oare dingen te lizzen. Sil it geheim ûntdutsen wurde? Sil ien fan ’e âlden der efter komme? Sil ien fan de twa net mear tsjin de druk op woechsen wêze? Sa nimt er de lêzer mei oant de lêste siden ta.’

Yn 2007 ferskynde De ôfrekken, in roman oer de relaasje tusken de homofile Ake Visser en syn heit. Dy akseptearret de seksuele kant fan syn soan net. Nei in iensume jeugd bedarret Ake yn Brussel, dêr’t er earst studearret en letter universitêr dosint wurdt. Jaap Krol [9] fûn dat Ake benammen oan de gefoelskant goed delset waard. Krol hie lykwols muoite mei Ake syn yntellektualisme, dat er ‘neatsizzend’ neamde, mei as gefolch dat ‘de balâns tusken hert en ferstân skeef lutsen wurdt’. Yn syn slotkonklúzje fûn er De ôfrekken ‘in oerspand boek’. Jetske Bilker [10] koe ek gjin fet krije op dizze roman. Se wie fan betinken dat Schoorstra tefolle hea op ’e foarke nommen hat: ‘As Schoorstra him by ien ferhaalline hâlden hie, it minsklik konflikt tusken heit en soan, wie it better slagge. No hat er tefolle wollen.’

Yn 2011 folge de roman Rêdbâd. Kronyk fan in kening, in histoaryske roman oer de Fryske kening Redbad. Yn dit boek wurdt de konfrontaasje tusken it kristlike Frankyske en it heidenske Fryske ryk beskreaun, oanfolle mei in geheime leafdesskiednis, dy’t neffens Jetske Bilker [11] net hielendal goed útwurke is. De styl fan it boek fûn se moai, mar ek wat swier. Se rekke yn ’e besnijing fan Schoorstra syn betûft skriuwersskip: ‘It is him slagge in yndruk te jaan fan de wrâld fan trettjin iuwen lyn.’ Jaap Krol [12] beseach Rêdbâd fan twa kanten: ‘It groteske oan Rêdbâds hâlden en dragen slacht dan ek op de idee dat der anno 2011 oait sa wat west hat as it Fryske paradys, mei Fryske ridders, Fryske sport en in Frysk panteon. Dat boadskip nim ik net serieus en dat bringt my ta myn kearnkrityk op dit boek: Schoorstra hat as skepper de irony net brûkt om syn hagiografy tagelyk fan lucht en krêft te foarsjen. Hadagrim en Rêdbâd binne deadlik serieuze minsken, dy’t de oansluting op de moderne lêzer misse. It makket Rêdbâd, kronyk fan in kening fansels net mear of minder orizjineel. Sawol yn foarm as ynhâld bliuwt Schoorstra syn eigensinnichheid trou. Binnen de hjoeddeiske Fryske literatuer is er eins ien fan de moedichste skriuwers. Is dat no net hiel Rêdbâdiaansk?’

Mei Pier. De profesij fan bline Simen út 2015 set Schoorstra de line fan Rêdbâd troch: Ek hjir giet it om in histoaryske heldefiguer út it Fryske ferline. De skriuwer set Grutte Pier del as in man dy’t dwyl is fan wraaksucht. As er ta besinning komt, sinkt er wei yn wroeging oant er oan de ein fan syn libben sielerêst fynt troch it tadwaan fan de mûnts Petrus Thaborita. De mûnts sjocht yn it libben fan Grutte Pier it útkommen fan in âlde profesije oer de Wolfshûn. Doeke Sijens [13] fûn dat mei it ynbringen fan dizze muonts de roman in gewisse krige: ‘Sa bringt de skriuwer ferdjipping oan yn in roman dy't oars miskien wol te'n ûndergien wie oan ferfeelsume fjochterij.’ Jelle van der Meulen [14] hie lykwols sa syn betinkingen: ‘Wat bij mij ook wat wringt is het telkens opduiken van het personage Petrus Thaborita, een lekebroer uit het klooster Thabor bij Sneek, die de taak op zich genomen heeft om de geschiedenis van Friesland te beschrijven. Hij praat daarom af en toe met Pier, want hij weet: Pier schrijft geschiedenis. Hij is het die in de profetie van ene blinde Simen over een wolfshond de gelijkenis ziet met de verhalen over Pier. Die profetie moet het verhaal waarschijnlijk meer spanning geven, maar maakt het eerder wat ongeloofwaardiger. Verder is het blijkbaar de bedoeling dat Petrus af en toe een gesprekspartner is voor Pier, maar dat komt toch niet echt uit de verf. Ondanks deze bedenkingen vind ik wel dat Schoorstra knap werk geleverd heeft door zich voor te stellen hoe Grutte Pier, die legendarische figuur uit de Friese geschiedenis, zich door de eerste, roerige decennia van de zestiende eeuw bewogen zou kunnen hebben.’ Klaske Hiemstra [15] wie tige te sprekken oer dizze roman: Schoorstra hat mei Pier in grut wurk dien. It boek lêst no en dan as in spannend skiednis- en jongesboek en skilderet de tiid en de minsken hiel libbensecht’.

Boarnen foar dit artikel

[1] Trotwaer, nummer 8, oktober 2001
[2] Friesch Dagblad, 04-09-2002
[3] Leeuwarder Courant, 07-09-2001
[4] Kistwurk V, juni 2002
[5] Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 15-08-2002
[6] Hjir 3, juni 2002
[7] Friesch Dagblad, 28-04-2004
[8] Leeuwarder Courant, 13-02-2004
[9] Friesch Dagblad, 03-11-2007
[10] Leeuwarder Courant, 20-07-2007
[11] Leeuwarder Courant, 20-05-2011
[12] De Moanne, 06-06-2011
[13] Leeuwarder Courant, 28-08-2015
[14] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
[15] It Nijs, 11-09-2015

 

Wurk

Romans
2004: Swarte ingels
2007: De ôfrekken
2011: Rêdbâd. Kronyk fan in kening
2015: Pier. De profesij fan bline Simen
2017: De nacht fan Mare

Ferhalebondel
2002: Berjochten út Babel

Poëzij
2001: Ynwijing

Oersettingen
2007: Zwarte engelen (Swarte ingels)
2015: Pier. De profetie van blinde Simon (Pier. De profesije fan bline Simen)

Prizen
1998 : Ruurd Wiersma Poëziepriis foar it fers ‘Neffens it ynderlik bern’
1999 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: ‘Trettjin dagen’)
2005 : Fedde Schurerpriis foar de roman Swarte ingels

Nominaasjes
2012: Rink van der Veldepriis, Rêdbâd
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, Rêdbâd
2016: Rink van der Veldepriis: Pier. De profesije fan bline Simen

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Fryske nasjonaliteit yn pas, Omrop Fryslân 01-05-2012
De toan fan Willem Schoorstra, Omrop Fryslân, kollum

© Tresoar, 24 septimber 2008 / 18 oktober 2016