Berne: 30 maaie 1917, Damwâld
Ferstoarn: 22 augustus 1977, Leiden

Libben en wurk

Fokke Sierksma waard berne de 30ste maaie yn Dantumawâld tichteby Dokkum. As bern en opgroeijende jonge kaam hij in bulte op de buorkerij fan syn pake yn Reitsum, dat de yndrukken fan syn jonkheit ferbûn bleaune mei it libben op it Fryske boerelân yn syn hiele hear en fear.

Nei’t er it Grifformeard Gymnasium yn Ljouwert trochrûn hie studearre hij teology yn Grins, dêr’t er de ynfloed ûndergie fan de teolooch en godstsjinsthistoarikus Gerardus van der Leeuw en fan de wiisgearich antropolooch Helmuth Plessner.

Under de Dútske besetting rekke de jonge Sierksma belutsen by it ferset en syn ûnderfiningen yn ‘e yllegaliteit beskaten definityf syn byld fan ‘e minske. De roman Grensconflict (1948) beskriuwt de benearing, dêr’t er foar bleatlei as lid fan ‘e bemanning fan in fersetspost, dêr ‘t ôftape ferhearen op it haadkertier fan ‘e Dútske Sicherheitsdienst ôfharke waarden.

Yntusken wie er yn 1944 troud mei Sjoukje Geertruida Tjepkema, syn libbenspartner. Yn itselde jier sette hij mei guon oaren it ûndergrûnske literêre tiidskrift Podium op, dêr’t de opbringsten fan ferjûn waarden oan it ferset. Nei de oarloch ferfette hij syn redaksjonele aktiviteiten en makke hij namme as betûft essayist mei û.o. de bondel Schoonheid als eigenbelang (1948). Yn Tussen twee vuren. Een pamflet en een essay (1952) opponearre hij tsjin krityk fan teologyske side op Vestdijks De toekomst der religie. Ek brocht hij de Fryske letterkunde yn it omtinken yn syn radiolêzingen foar de Regionale Omroep Noord en yn syn essay Bern fan de ierde (1953) oer de dichter Obe Postma.

Yn 1950 promovearre Sierksma yn Grins op in godstsjinstpsychologyske dissertaasje; in hannelsedysje dêrfan ferskynde yn it jier dêrop ûnder de titel Freud, Jung en de religie. Doe ’t er yn 1953 yn Leien ta wittenskiplik haadamtner beneamd waard betsjutte dit in kar foar wittenskip yn pleats fan literatuer. Oant syn dea yn 1977 ta bleau hij ferbûn oan de teologyske fakulteit, sûnt 1973 as heechleraar doe ’t er yn de godstsjinsthistoaryske fakgroep K.A.H. Hidding opfolge as learstoelhâlder.

Yn ‘e perioade 1956 – 1966 ferskynden syn wittenskiplike haadwurken, dêr ’t de tema’s projeksje, seksualiteit, agresje en akkulturaasje yn sintraal steane yn harren relaasje ta de godstsjinst: De religieuze projectie (1956), De mens en zijn goden (1959), Een nieuwe hemel en een nieuwe aarde (1961)en Tibet’s Terrifying Deities (1966). Postúm ferskynde Religie, sexualiteit en agressie (1979), dêr ’t yn 1962  al in popularisearre bewurking fan útkomd wie ûnder de titel De roof van het vrouwengeheim. Yn syn ferklearring fan godstsjinstige ferskynsels brûkt Sierksma ynsichten út etology, wiisgearige en kulturele antropology en djiptepsychology.

Sierksma wie mei syn ynset, belêzenheid en multidissiplinêre oanpak in ynspirearjend dosint. Syn wurkkolleezjes stiene boarch foar in libbene gedachtewiksel, wêrta geregeld kollegas út oare fakgebieten útnoadige waarden.

Dat de essayistyk by him net ôfdien hie bewiisde Sierksma mei syn boek Testbeeld. Essays over mens en televisie (1963). Hjiryn hifke hij de betsjutting fan dit jonge medium foar minske en maatskappij – in medium dat yn Nederlân troch yntellektuelen doedestiids nochal lytsachte waard. Dêrnjonken spriek hij yn dei- en wykblêd syn betinken út oer in ferskaat fan aktuele ûnderwerpen. Sa ferskynden fan foarjier 1966 ôf oant simmer 1968 meast wyklikse bydragen fan him yn it progressive roomske wykblêd De Nieuwe Linie. Yn 1975 publisearre hij yn it Fryske tiidskrift Trotwaer noch in wiidweidich artikel oer Picasso.

Sierksma’s lêste grutte projekt wie in ûndersyk nei it plak fan moade en it hâlden en dragen fan hier yn de minsklike natuer en kultuer. Dit fûn syn delslach yn ferskate kolleezjes en yn in inkeld artikel, mar ta de publikaasje fan in nij boek kaam it net mear. Koart foar ‘t er de noch troch him opstelde rede ta de betinking fan it hûndertjierrich bestean fan de Leidse learstoel foar godstsjinstskiednis, de âldste yn Nederlân, útsprekke soe, stoar hij op 22 augustus 1977.

Literatuer

Geale [Pieter Wijbenga], “By it forskieden fan Fokke Sierksma”, Friesch Dagblad, 23/8/1977, s. 7.

H.J. Franken, “Grensconflict. Een onkerkelijk man te midden der theologen. Bij het overlijden van Fokke Sierksma”, Vrij Nederland, 3/9/1977, s. 13.

P. Sjoerd van Koningsveld, “Fokke Sierksma (1917-1977) als schrijver. Een christelijk-historische communist”, De Nieuwe Linie, 21/12/1977, s. 8.

Th. P. van Baaren, “In Memoriam prof. dr. F. Sierksma”, Nederlands Theologisch Tijdschrift 32, 1978, s. 42-47.

Herman Beck, “A Bibliography of the Printed Writings of Professor Dr Fokke Sierksma”, yn: H.L. Beck en K.D. Jenner, Fokke Sierksma. A Biographical Sketch and Bibliography, Leiden, [Rijksuniversiteit, Faculteit der Godgeleerdheid], 1982, s. 27-67.

Konrad D. Jenner, "Fokke Sierksma. A Rough Sketch of His Life", yn: H.L. Beck en K.D. Jenner, Fokke Sierksma. A Biographical Sketch and Bibliography, Leiden, [Rijksuniversiteit, Faculteit der Godgeleerdheid], 1982, s. 7-26.

J.J. Kalma, Dr. Fokke Sierksma, een Fries in een grenskonflikt. Bibliografie van en over hem, Leeuwarden, 1983, 2 dln.
(Utjefte yn eigen behear, opnomd yn ‘e bibleteek fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert. In fotokopy is oanwêzich yn ‘e Universiteitsbibleteek Leien. Diel 2 te rieplachtsjen foar sekundêre literatuer oer Sierksma foaral fan Fryske kant.)

K.D. Jenner, "Fokke Sierksma", Biografisch Woordenboek van Nederland, dl. 2, Amsterdam, Elsevier, 1985, s. 509-511.

Piet Calis, Het ondergronds verwachten. Schrijvers en tijdschriften tussen 1941 en 1945, Amsterdam, Meulenhoff, 1989. Dissertaasje Nijmegen.
- Speeltuin van de titaantjes. Schrijvers en tijdschriften tussen 1945 en 1948, Amsterdam, Meulenhoff, 1993.
- De vrienden van weleer. Schrijvers en tijdschriften tussen 1945 en 1948, Amsterdam, Meulenhoff, 1999.
- Het elektrisch bestaan. Schrijvers en tijdschriften tussen 1949 en 1951, Amsterdam, Meulenhoff, 2001.

J.H.P.M. van Iersel, Wetenschap als eigenbelang. Godsdienstwetenschap en dieptepsychologie in het werk van dr. F. Sierksma (1917-1977), Rosmalen, Dora, 1991. Dissertaasje Utert.

E.T. van der Vlist, Inventaris van de schriftelijke nalatenschap van Fokke Sierksma (1917-1977), Den Haag, Koninklijke Bibliotheek, 1992.

D.H. Hak, Stagnatie in de Nederlandse godsdienstwetenschap 1920-1980. De bijdrage van Gerardus van der Leeuw, Fokke Sierksma en Theo P. van Baaren aan de godsdienstwetenschap, Amsterdam, Thesis Publishers, 1994. Dissertaasje Grins.

J. Platvoet, “From Consonance to Autonomy: The Science of Religion in the Netherlands, 1948-1995”, Method & Theory in the Study of Religion 10, 1998, s. 334-351.

J.H.P.M. van Iersel, "Fokke Sierksma", Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme, dl. 5, Kampen, Kok, 2001, s. 468-471.

J.A. van Belzen, Psychologie en het raadsel van de religie. Beschouwingen bij een eeuw godsdienstpsychologie in Nederland, Amsterdam, Boom, 2007.

R.A. Ubbink, “‘Literair kwartier’. Fokke Sierksma als literair radiocriticus bij de Regionale Omroep Noord, 1946-1955", De Vrije Fries 89, 2009, s. 9-44.

Fokke Sierksma - Bibliografie samengesteld door H.L. Beck herzien en uitgebreid door R.A. Ubbink

@Tresoar, 17-02-2016