Berne: 17-01-1939, Akkrum
Ferstoarn: 06-06-2011, Hylpen

Libben en wurk

Itty Nijdam brocht har bernejierren troch yn har bertedoarp Akkrum. Har heit wie timmerman. Se wie de jongste fan fjouwer en kaam in skoft nei de oare bern. Se folge de mulo en wurke dêrnei by de Algemene Friesche.

Nei har trouwen kaam se yn Snits te wenjen. Se krigen twa bern. Doe't dy grutter waarden ferhuze it gesin nei Skearnegoutum. Fan 1980 ôf wurke se as amtner foar de provinsje Fryslân, dêr’t se in sit hie yn ferskillende advyskommisjes foar it Kolleezje. Har wurksumheden hiene altyd in relaasje mei de Fryske taal, de lêste jierren wie dat by it Berie foar it Frysk. Yn 1995 gie se nei in grutte reorganisaasje op mei de VUT. Sy en har man wennen sûnt 1998 yn Hylpen.

Ferhaaltsjes skriuwe die se al yn har bernejierren. De aventoeren dy’t se as famke belibbe skreau se op en bewarre se neitiid yn in skuondoaze. Doe’t de bern lyts wiene en se boppedat noch in baan hie, kaam se net mear oan skriuwen ta. De doaze mei har earste ferhalen sette se op seker stuit by it âld papier, wat har letter spiet.

Begjin jierren tachtich krige se de pinne wer op, se skreau koarte ferhalen dy’t publisearre waarden yn Hjir, Trotwaer en Frysk & Frij. Yn 1991 krige se in Rely Jorritsma-priis foar har ferhaal De spear en de fûgel. Fan it sjenre dêr’t Itty Sluis yn skreau, science fiction (sf), wie oant dan ta noch net sa folle ferskynd yn de Fryske literatuer. Har earste boek It holle ljocht kaam út yn 1992. By it skriuwen dêrfan hie se as doelgroep de âldere jongerein foar eagen, mar it úteinlike ferhaal kin troch âld en jong lêzen wurde. Yn it ferhaal rinne sf-eleminten en boppenatuerlike saken trochinoar hinne. In jonge fan begjin tweintich, dy’t troch in ûngemak yn in rolstoel bedarre is, wurdt troch bewenners fan de planeet Mare ûntfierd en bedarret sadwaande yn in foar him folslein nije, bûtenierdske wrâld. Dêr wurdt er al gau belutsen yn in striid tusken de machthawwers dy’t de planeet ferkomme litten hawwe en in groep dy’t him rêde wol. Benammen it feit dat Itty Sluis har debút in sf-roman wie, waard posityf wurdearre. De beprekken fan Sluis har debút wiene net altyd like posityf. Sa koe Babs Gezelle Meerburg [1] der min mei út 'e fuotten, foaral ek omdat se troch de kwaliteit fan Sluis har eardere ferhalen der mear fan ferwachte hie: 'De ôfstanlike fertelwize makket ynlibjen yn de personaazjes dreech. It is steurend dat der besocht wurdt om spanning yn it ferhaal te bringen troch it - mei opsetsin? - efterhâlden fan ynformaasje. De technyske snufkes en de irrasjonele ûntknoping oertsjûgje alhiel net. Dizze SF-roman fan Itty Sluis falt ôf, fral om't op grûn fan eardere publikaasjes faaks mear te ferwachtsjen wie'. Anko de Jong [2] wie it mei har iens: 'De lêzer ferwûnderje en meislepe nei in betochte wrâld freget oertsjûgjender proza en in orizjineler idee'.

Har folgjende boek, de ferhalebondel Wy dûnsje, ferskynde yn 1997. Fan de tsien ferhalen yn de bondel wiene twa earder publisearre as priiswinnende ferhalen yn de jierlikse Rely Jorritsmapriisfraach en wiene twa ferskynd yn de literêre tydskriften Hjir (1991) en Trotwaer (1990). Ek mei de ferhalen út Wy dûnsje joech Itty Sluis har op fierhinne nije wegen yn de Fryske literatuer, dy fan it surrealisme. Troch de ferskate besprekkers fan de bondel waarden har ferhalen posityf ûntfongen: Henk van der Veer [3] konkludearre: ‘It wurk fan Itty Sluis stiicht fier út boppe it provinsjalisme yn de Fryske literatuer’. Jelle Krol [4] liet ek in kritysker lûd hearre, hy skreau: ‘Al hoe nijsgjirrich de ûnderwerpen dy’t hja behannelet ek binne, it bliuwe yn ‘t foarste plak ferhalen fan de bûtenkant: yntrigearjend, sfearfol, moai fan taal, mar dochs op ôfstân’.

Yn 1994 wûn Itty Sluis de troch it Skriuwersboun útskreaune esseewedstriid (ta gelegenheid fan syn 25-jierrich jubileum), mei har essee It Park Fryslân. Trije jier letter waard har essee It feest fan de leafde bekroane yn de troch Provinsjale Steaten útskreaune esseewedstriid. It ferskynde yn de sammelbondel mei bekroande essees It obstakel fan ’e ferbylding.

De novelle In pleats oan de mar kaam yn 1999 yn it ljocht. Op 'en nij sitte yn dit ferhaal absurdistyske situaasjes. De haadpersoan, Arend Jan Salverda, âld-Indiëgonger, soe dêr foar it fjoerpeloton de kûgel krije. Mar doe’t it sa fier wie achte de kaptein him te min foar de kûgel. Werom yn it Heitelân die er alle war om dochs noch de kûgel te krijen, want ‘hy hie rjocht op in minskweardige dea’. Jabik Veenbaas [5] wie posityf: 'It boekje is yn in sobere, ynhâlden styl en dochs mei in soad gefoel skreaun. Elke sin hat syn lading'. En fierder: 'Ik soe dizze novelle dan ek fakwurk neame wolle'.

Yn 2002 skreau Itty Sluis it Fryske boekewike geskink It meunster fan Skylge. It boekje is foar in part skreaun út it perspektyf fan de kat Youpe wei. Ek al die Itty Sluis dat neffens Jabik Veenbaas [6] net altyd like konsekwint, dochs fûn er It meunster fan Skylge in boeiend geskink want 'it hâldt oant de ein in nuver soarte fan spanning'.

Op in hiel oar literêr mêd joech Sluis har mei har mânske histoaryske roman oer it libben fan Geertruida (Trui) Christina Jentink, Striid sûnder ein, dy’t yn 2003 útkaam. Sluis hie lang omrûn mei it plan om in roman te skriuwen oer Trui Jentink. De figuer fan Jentink, feministe fan de earste oere en striidster tsjin ûnrjocht út de lêste desennia fan de 19de iuw, yntrigearre har, want safolle is der net oer har bekend. Sluis fielde yn Jentink ek in besibbe geast yn de striid foar frouljusemansipaasje en fûn it eins ûnbegryplik dat Jentink deaswijd wie. 'Dat wyfke ha se gewoan fergetten. Ik moast dêrom wol in boek oer har skriuwe.' Harmen Wind [7] fûn dat Sluis yn dit boek, en dan benammen yn it tredde part, in 'nijsgjirrich tiidsbyld' jout. Tagelyk wie er fan betinken dat de beskriuwingen gauris 'te wiidweidich' binne. Ek wie Wind kritysk op de karakterûntjouwing sa't dy úttekene wurdt by benammen de haadpersoan. Jabik Veenbaas [8] hie itselde beswier: 'Sluis slagget der ûnfoldwaande yn dizze stridende frou foar ús del te setten'.

Om it boek hinne ûntstie kommoasje doe't in muoikesizzer fan Trui, Carel Wentink, him kritysk útliet [9] oer it byld dat fan syn muoike sketst wurdt. Benammen hie er muoite mei de abortus dy't Trui hân hawwe soe. 'Absurd', stelde er, dat soe se hiel oars oplost hawwe. Ernst Bruinsma [10] reagearre hjirop troch oan te jaan dat it hjir om in roman giet: 'Of die abortus nu waar gebeurd is of niet doet er niet zoveel toe. De auteur heeft binnen de grenzen van het genre en binnen de afspraken die ze heeft gemaakt met haar lezers, de vrijheid om dingen te verzinnen'.

Yn 2005 ferskynde fan har hân it berneboek Jelmer en it grottemystearje yn de Trampoline-rige fan de Afûk, in speurdersferhaal mei bern yn de haadrol, dat him ôfspilet yn it noarden fan Spanje.

Boarnen foar dit artikel
[1] Babs Gezelle Meerburg, Trotwaer jiergong 24 -1992
[2] Anko de Jong, LC 08-05-1992
[3] Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 22-05-1997
[4] Jelle Krol, LC 14-03-1997
[5] Jabik Veenbaas, LC 05-03-1999
[6] Jabik Veenbaas, LC 22-02-2002
[7] Harmen Wind, De Moanne 04-2003
[8] Jabik Veenbaas, LC 24-01-2003
[9] Carel Jentink, LC 24-01-2003
[10] Ernst Bruinsma, De Moanne 03-2003

Wurk

Proaza
1992: It holle ljocht (roman)
1999: In pleats oan de mar (novelle)
2002: It meunster fan Skylge (boekewikegeskink foar It Fryske Boek)
2003: Striid sûnder ein (Geertruida Christina Jentink, 1852-1918, histoaryske roman)

Ferhalebondels
1997: Wy dûnsje
2000: Koartwei (bydrage)

Berneboeken
2005: Jelmer en it grottemystearje (berneboek)

Ferskaat
2000: 80 jaar voetbal in Hindeloopen (non fiksje, mei oaren)

Prizen
1991: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De spear en de fûgel)
1994: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Oerwintering op Gauster Syl)
1994: Esseepriisfraach Skriuwersboun (1ste priis foar It Park Fryslân)
1997: Provinsjale esseewedstryd, (2de priis foar It feest fan de leafde)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuur-site
Rou-advertinsje, LC 10-06-2011

@Tresoar, 18-07-2018