Berne: 08-02-1906, de Jouwer
Ferstoarn:27-07-1985, Schagen

Libben en wurk

Jan Dijkstra (skriuwersnamme Sjoerd Spanninga) is op 8 febrewaris 1906 berne op 'e Jouwer. Yn syn skoallejierren is de húshâlding nei Snits ferfearn. Dêr folge er de muloskoalle.

Mei syn diploma rekke er oan it wurk op kantoar by it bûterfabryk. Omdat in baan mei fêste wurktiden, dêr't er net selsstannich yn wêze koe, him net lei, hat er letter besocht as ferslachjouwer troch de tiid te kommen. Hy makke him troch selsstúdzje foldwaande kennis fan de moderne frjemde talen eigen om fertaalwurk dwaan te kinnen. Ek út it Frysk yn it Nederlânsk hat Spanninga oersettingen makke, û.o. fan wurk fan Poartinga en Wadman.
Yn de oarlochsjierren, doe't er yn Nieuwendiep syn thús hie, hat Jan Dijkstra in skoftsje wurksum west op de stedsredaksje fan de Heldersche Courant. In spotsk krantestikje waard him needlottich. De Dútskers hawwe him fiif moanne finzen hâlden. Nei dy tiid wenne er wer yn Snits by syn âlden. Hy levere bydragen oan ûnderskate kranten en tydskriften.
Syn skriuwersnamme, Sjoerd Spanninga, hat er sels optocht. Hy fûn dat dy kombinaasje fan foar- en efternamme moai hearde en der siet foar him wat yn fan de spanning dy't hearske yn de tiid doe't er begûn te skriuwen: de lêste jierren foar de twadde wrâldoarloch. Oare pseudonimen binne: J. Wardy, J.A. Wisse en Fabulist.
Hy debutearre yn it Frysk yn 1941 yn It Heitelân mei sawol proaza as poëzy. Syn earste fersebondel ferskynde yn 1949. Foar Spegelskrift en de twadde bondel, Núnders waard him yn 1951 de Gysbert Japicx-priis takend. Hy wegere de priis net, mar woe út noch yn net huldige wurde. Yn totaal soe Spanninga mear as 500 oarspronklike fersen oan de Fryske literatuer bydrage. Syn samle fersen (fiif bondels en in grutte neirispinge) binne yn 1992 útjûn.
By de jierren lâns skreau er ek gâns in rige sketsen yn proaza dy't oant no ta net bondele binne. Spanninga syn ferhalen lykje mear oan de tiid fan ûntstean bûn te wêzen as syn fersen. It meast opfallende yn syn poëzy is it rike, wolris wat oerdiedige gebrûk fan (soms frijwat eksoatyske) bylden. Syn tema's ûntliende er gauris oan literatuer en byldzjende keunst. Neffens de skriuwer sels gong it der him yn syn dichtwurk om it geheim fan it libben te fetsjen en dat wer te jaan yn al syn aspekten, in opjefte dêr't in minske nea mei klear wêze kinne soe.
Yn 1985 is Jan Dykstra yn in ferpleechhûs te Schagen ferstoarn.

Bibliografy

Poëzij
1949: Spegelskrift
1950: Núnders
1957: Finzen en frij
1962: Rattelmansreau
1964: Kymgong
1992: Samle fersen
2007: Indian summer. [Twatalige blomlêzing, besoarge troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries]

Oersettingen
1968: De lytse karavaen

Prizen
1951: Gysbert Japicxpriis foar Spegelskrift en Núnders

Mear ynformaasje
Sjoerd Spanninga by Operaesje Fers

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 08-09-2004

 

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Sjoerd Spanninga op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.