Berne: 04-04-1962, Hijum

Libben en wurk

Hijum, in doarpke yn it noardwesten fan Fryslân, is it plak dêr’t Janneke Spoelstra opgroeide. Se wenne mei har heit en mem, broer en suster op in boerespultsje.

Heit wie gernier, hy hold in stik of tsien kij en ferboude weet, ierappels en blombollen. Yn de tiid dat Janneke grut waard, midden jierren sechtich en santich, wiene der noch in soad sokke gernieren, lytse boeren yn Hijum en omkriten. Se wennet sûnt 2004 mei har freondinne op in stjelpke yn Alde Leie.
Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. Se hie ek wol wat mei taal dwaan wollen, mar omdat in tale-stúdzje meastal betsjut dat je it ûnderwiis yngeane, besleat se om dêr net foar te kiezen.
Skriuwe hat se fan jongs ôf oan dien, as fanke skreau se yn it kuorbalkrantsje, de Goocheme Goaijer en stjoerde se, sûnder sukses oars, gedichten nei de Lyrische Courant, dy’t fan 1973 oant 1985 as bylage by de Leeuwarder Courant ferskynde.
Uteinliks begûn se, neidat se kursussen Frysk by de Afûk folge hie, oan de hbû-oplieding Frysk oan de  Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid publisearre se fersen yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder.
Yn 2000 kaam fan har in oersetting yn it Frysk út fan de roman Pan fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004). De gedichten fan Janneke Spoelstra ûnderskiede har troch har ienfâld en direkte formulearringen. Se skilderet mei sa min mooglik wurden bylden út it no en en út har ferline. It fers ‘Fytse’, dat opnaam is yn de bondel, kin beskôge wurde as ien fan de earste fersen yn har oeuvre dêr’t se yngiet op homoseksualiteit.
Folle yngeander beskriuwt se har lesbysk wêzen yn de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t yn 2008 ferskynde. Spoelstra is dêrmei de earste skriuwster yn de Fryske literatuer dy’t de leafde tusken froulju ta ûnderwerp fan har ferhalen makket. Yn In Jikse-libben fertelt se yn trije soarten ferhalen de wrakseling fan in opgroeiend famke ta jonge frou, en har ûntweitsjende seksualiteit. En dermei fan de ôfstân dy’t se stadichoan fernimt tusken harsels en har freondinnen en freonen út it doarp. Spoelstra woe yn har ferhalen ticht by harsels bliuwe, feit en fiksje rinne trochinoar. Yn ôfwikseljende sênes fan it famke, de puber en fan de folwoeksen frou, beskriuwt se hoe’t Jiks der linkendewei efterkomt dat se net oan it alâlde byld fan ferkearing, trouwe en bern krije foldwaan kin. Dêr tusken troch steane ferhalen fan froulju út it ferline dy’t mei deselde fragen en problemen omgean moasten.
Janneke Spoelstra is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir. Mei yngong fan 2009 makket se diel út fan de redaksje it nije yntermediale blêd ensafh,dat ûntstien is út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.

Wurk

Poëzij
2004: Goeie is it wachtwurd
2011: Langst fan 'e dagen

Proaza
2008: In Jikse-libben (ferhalen)

Oersettingen
2000: Pan  (Pan – Knut Hamsun)

Prizen
2015: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht In wykein as dit

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Hedwig Terpstra, fraachpetear oer Langst fan 'e dagen op Ensafh., 11-11-2011

Eigen webside fan Janneke Spoelstra

@Tresoar, 19-01-2009