Berne: 14-02-1944, Ferwert

Libben en wurk

Oene Spoelstra is berne te Ferwert en dêr ek opgroeid. Neidat er de Dokkumer kweekskoalle ôfmakke hie, studearre er psychology, andragogy  en filosofy yn Grins en Utert. Yn Erlangen en Bournmouth hâlde er him dwaande mei Dútse literatuer en film.

De earste publikaasjes fan Oene Spoelstra ferskynden begjin jierren sechtich yn de foarm fan gedichten en proaza yn de literêre blêden De Tsjerne en Trotwaer. Ek yn De gouden tiid, it jongereinblêd fan de KFJ (Kristlik Fryske jongerein) en yn De Harpe fan Bernlef (orgaan fan de Fryske studinteferiening yn Grins) stiene bydragen fan Spoelstra. Hy hat inkelde jierren diel útmakke fan de redaksjes fan De Tsjerne en Trotwaer.

Skreau er yn it earstoan foaral proaza en poëzy, al ridlik gau lei er him ta op it skriuwen fan toaniel. Syn toanielstikken wiene oarspronklik, boppedat wie er tige produktyf. Tusken 1969 en 1976 waard in stik fan syn hân fiif kear beleanne mei de provinsjale toanielpriis. Foar de Rono (regionale omroep noord en oost) skreau er it harkspul ‘Waermte’ (1969). Letter hat er dat stik bewurke ta in televyzjestik foar de Avro. Mei Klaas Rusticus makke er in televyzjespul fan it ferhaal ‘Boete dwaan’ fan Teatske Aalzum. Belangryk tema yn it wurk fan Spoelstra wie de tsjinstelling tusken libbenslust en de net te ûntkommen dea. Hy eksperimintearre fierder mei it ritueel as foarm, de dúdlikste eksponint fan dat eksperimintearjen wie de opfiering fan de ienakter ‘Spul’ (1969), weryn’t it publyk nei in reiniging op it toaniel úteinliks troch bleate aktrises mei in wetterpistoal fuortjage waard. Hy hie al in grut oeuvre oan stikken skreaun foardat se opfierd waarden. It Fryske beropsselskip Tryater hat trije jûnfoljende stikken fan Spoelstra opfierd, nammentlik ‘Thús’ (1978),  ‘Ik kin net oars’ (1980) en ‘In doarp sa lyts’ (1982). ‘Ik kin net oars’, dat de dichter Fedde Schurer as haadpersoan hat, is yn opdracht skreaun. Yn it stik oer Schurer wurdt it ferhaal ferteld troch in koar, ek yn twa oare jûnfoljende stikken, ‘Snipperdei’ en ‘Afke D.’, eksperimentearre Spoelstra mei de foarm.

Njonken toaniel hold er him ek dwaande mei it skriuwen fan ferhalen, foar it ferhaal ‘Dukke Bukke dea’ krige er yn 1976 de Rely Jorritsmapriis. Letter soe er noch inkelde kearen dy priis foar in troch him ynstjoerd ferhaal krije.
Yn 1999 debutearre Oene Spoelstra yn boekfoarm mei de ferhalebondel Kommen en gean. It boek befettet sân ferhalen dy’t allegear as sintrale tema de iensumens fan de minske hawwe. Yn de ferhalen siket de skriuwer nei de essinsje fan it bestean: ‘Wa bisto, wat wolsto en wêrom rint it gauris mis?’. It is de skriuwer slagge om it keale bestean fan syn haadpersoanen op in ôfwikseljende en lêsbere wize stal te jaan.

List fan belangrykste wurk

Toaniel
1969: Waermte (harkspul)
1969: Fûgels
1971: Kinne jo my sizze faeks (oer Fedde Schurer)
1972: Afke D. (jûnfoljend stik)
1974: Thús (ienakter)
1976: Snipperdei (in komeedzje)
1979: De Hogerhuissaek Iin bewurking fan it stik fan D.A. Tamminga)
1980: Ik kin net oars (oer libben en wurk fan Fedde Schurer)
1981: De ein fan it slot (in kluchtige trageedzje)
1982: In doarp sa lyts of sa fijn en sa fredich
1988: Jierdeifeest (ienakter)

Ferhalebondel
1999: Kommen en gean

Prizen
1969: Provinsjale toanielpriis (Fûgels)
1971: Provinsjale toanielpriis (Kinne jo my sizze faaks)
1972: Provinsjale toanielpriis (Afke D.)  
1972: Provinsjale toanielpriis (Thûs
1976: Provinsjale toanielpriis (Snipperdag
1976: Rely Jorritsma-priis (ferhaal - Dukke Bukke dea)
1994: Rely Jorritsma-priis (ferhaal - Bei dir)
1996: Rely Jorritsma-priis (ferhaal - Jierdeifeest)
2002: Rely Jorritsma-priis (wurdearringspriis fers - It doarp)
2006: Rely Jorritsma-priis (ferhaal - It paradys)

© Tresoar, 15-01-2007