Berne: 1594, Amsterdam
Ferstoarn: 1626, Hongarije

Libben en wurk

Neffens syn houliksakte wie Jan Jansz. Starter ‘gebortich’ te Amsterdam, mar by syn ynskriuwing oan de Universiteit fan Frjentsjer liet er him ynskriuwe as ynwenner fan Londen, sa’t ek syn bruorren Frans en Rogier yn de stikken in Ingelske achtergrûn taskreaun waard.

Nei alle gedachten wykten syn âlden út nei de Nederlannen fanwege har leauwe. Hoe dan ek, yn 1614 kaam er út Amsterdam wei nei Fryslân ta en fêstige him yn Ljouwert. Dêr troude er yn augustus mei Nieske Heynis. Hy sette op de Brol útein as boekhanneler en útjouwer. Dêrneist wie er tige aktyf as dichter en sjonger. Hy stie bekend as in fleurich man dy’t bygelyks op brulloften de sfear der goed yn wist te bringen. Troch syn aktiviteiten waard er al gau in ferneamde Ljouwerter mei rûnom kontakten. Frjentsjerter professoaren as Drusius, Bouricius en Winsemius lieten boeken troch him útjaan en hy stie yn ’e geunst by de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk. In oantal fan syn gedichten waard op muzyk set troch Jacques Vredeman, lieder fan it Ljouwerter Collegium Musicorum.

Yn 1617-1618 rjochte er de rederikerskeamer Och mocht het rijsen op, wat de Ljouwerter dûmnys net al te bot op priis stelden. Doe’t Starter mei in pear folkske stikken kaam en dy útfiere liet yn wat foarhinne de kapel fan it Sint Annakleaster wie, joech dat syn tsjinstanners de kâns om de rederikerskeamer al yn 1619 ferbiede te litten. Dêrnei sette de delgong fan Starter yn. Uteinlik ferliet er de stêd om him mei syn frou nei wenjen te setten yn Frjentsjer, dêr’t er him ynskreau as studint yn de rjochten. Yn 1622 gie er fallyt, sa’t bliken docht út in iepenbiere ferkeaping fan syn guod. Starter gie werom nei Amsterdam, dêr’t er in kontrakt mei in groep keaplju tekene foar de levering fan gelegenheidslieten. Mar dêr bleau er net hingjen, ek om’t er hieltyd mear skulden makke. Uteinlik naam er mei syn broer Frans yn 1625 as nijs- en histoarjeskriuwer tsjinst yn it leger fan de graaf Ernest van Mansfelt. Sa luts er troch Europa op tochten dy’t sa’n soad fan him fregen dat er yn 1626 ferstoar yn Hongarije.

Yn 1953 waard as oantinken op Oer de Kelders nûmer 8 in brûnzen tinkplaat oanbrocht yn de gevel fan it hûs dêr’t Starter yn de jierren 1614-1619 tahâlden hat (sjoch ôfbylding boppe-oan)

Tematyk en resepsje
Mei Jan Jansz. Starter kaam der in dichter/skriuwer nei Fryslân dy’t neffens J.H. Brouwer mei ‘syn swierige spontaniteit yn de altyd de stive kant neist bliuwende Friezen hwat wekker makke hat’ [1]. Dêr lei dan ek syn betsjutting yn, wat dúdlik wurdt by it lêzen fan de fersen yn de Friesche lust-hof, dat yn 1621 publisearre waard. Dit boek waard tige populêr mei in fiks oantal werprintingen as gefolch. Syn lieten binne, lykas yn dy tiid de gewoante wie, skreaun op al besteande meldijen en binne foaral bedoeld om de fleur deryn te bringen. Heechsteande teksten binne it net, al ferriede guon fersen syn talint. Mar Starter wie tefolle breaskriuwer om dat talint om te setten yn wurk mei it nivo fan bygelyks in Gysbert Japicx, dy’t trouwens wol in eksimplaar fan de Friesche lust-hof yn syn biblioteek bewarre. Ek steane der in pear toanielstikken op syn namme dy’t it bêste omskreaun wurde kinne as folkstoaniel. Opfallend is dat Starter mei syn net-Fryske achtergrûn guon passaazjes yn it Frysk skreau.

In priuwke fan ien fan de Fryske teksten út de Friesche lusthof, de earste twa strofen út it ‘Friesch Pastorel’:
Hoe komt Jetske, sis het my
Dat ick fijn allinne dy
Te wændre, te wændre?
Swiete diær, dit het nin fly
’t Is better te ferændre.

Ick hab socht jou minne langh,
Den schaemte hiel my in betwangh
Te swye, te swye
Nu tins ick o mey mijn sangh
Yens leafelijck te frije.

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
[1] J.H. Brouwer yn it Beaken fan desimber 1953
[2] J.H. Brouwer - Handboek tot de geschiedenis der Nederlandse letterkunde deel 4
[3] G.P.M. Knuvelder – Handboek tot de geschiedenis der Nederlandse letterkunde deel 2

Bibliografy

Poëzy
1621: Friesche lust-hof (pdf en tekst DBNL)

Toaniel (in kar-út)
1618: Timbre de Cardone (mei dêryn de ‘Vermaecklijcke Sotte-Clucht van een advocaet ende een boer, op ’t plat Friesch’)
1618: Daraïde (mei as tuskenspul ‘De klucht van Jan Soetekauw’ (pdf)

Mear oer libben en wurk
G.P.M. Knuvelder – Handboek tot de geschiedenis der Nederlandse letterkunde deel 2
Eric Hoekstra, Midfrysk Goud i|15, Ensafh 12 okt 2007

Tresoar, 14-09-2016