Berne: 02-06-1946, Assen

Libben en wurk

Tineke Wielenga is berne yn Assen. Doe’t se twa jier wie ferhuze se mei har heit en mem, dy’t beide yn it ûnderwiis wurken, nei Dordrecht. Thús waard Nederlânsk praat, mar troch de Grunningse eftergrûn fan mem en de Fryske fan heit krige se ek al gau belangstelling foar dy talen.

Yn 1964 sette se útein mei de stúdzje Nederlânsk oan de universiteit fan Utert mei Frysk as byfak. Nei it kandidaats Nederlânsk gie se fierder mei Fryske taal en letterkunde. Har doktoraal helle se yn 1970 mei de literatuerskiednis as wichtichste fak.
Foar har doktoraal-skripsje Ds. J.S. Bakker en het Westterschellingers die se ûndersyk nei it West-Skylger dialekt. Yn 1970 hie de gemeente Terschelling de Lutine-priis ynsteld foar publikaasjes dy’t in wêzentlike bydrage leverje oer de kennis fan it eilân. Yn 1976 krige Tineke Steenmeijer dy priis foar har skripsje, dy’t ûnderwilens troch de Fryske Akademy yn boekfoarm publisearre wie.
Se wie yn 1970 troud mei Frans Steenmeijer, dy’t doe learaar natuurkunde oan de Rijksscholengemeenschap (RSG) yn Easterwâlde wie. Sels joech se ek in pear jier les yn Nederlânsk en Frysk oan de RSG, mar neidat se de soarch foar twa lytse bern krigw hie, sei se har baan op.
Al gau joech se kursussen Frysk foar net-Frysktaligen by de Afûk en waard se frijwillichster by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Ljouwert. Foar de Leeuwarder Courant skreau se resinsjes oer krekt ferskynde Fryske boeken.
Fjirtjin jier wurke Steenmeijer as frijwillichster by it FLMD, yn 1986 folge se Freark Dam op as konservator (letter direkteur) fan it ynstitút. Dat bleau se oant 2003. By it Letterkundich Museum wie hja ferantwurdlik foar de akwisysje en de ynhâld fan de útstallingen.
Nei har ôfskie ferhuze it echtpear Steenmeijer nei it Frânske Vensac.
As dichter debutearre Tineke Steenmeijer-Wielenga yn 1983 mei de bondel Toudûnsje. De 27  gedichten yn de bondel binne koarte ympresjes fan observaasjes dy’t de dichter waarnimt yn it libben fan aldendei. Tiny Mulder brûkt yn har besprek (Friesch Dagblad, 29-10-1983) twa eigenskipswurden dy’t neffens har typearjend binne foar de fersen, nammentlik ‘jong’ en ‘waarm’.
Wat opfoel wie it linige brûken fan it Frysk, de twadde taal fan de dichteres.
Yn har perioade as direkteur fan it FLMD wie ien fan har taken it reemeitsjen fan de werútjeften fan wurk fan Fryske skriuwers en dichters. Sa besoarge se de útjeften fan it Samle Wurk fan Fedde Schurer, Obe Postma, Piter Jelles Troelstra en Sjoerd Spanninga. By de útjeften it samle fersewurk fan Sjoerd Spanninga, Tiny Mulder en Tsjits Peanstra hat se de ynlieding skreaun.
Se skreau foar it FLMD by de permaninte útstalling oer de Fryske literatuer in brosjuere, dy’t yn fjouwer talen ferskynde: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. De Fryske titel wie: In hôf fol sang.... Fryske literatuer yn dokumint en print : koart oersjoch fan de Fryske literatuerskiednis.
It FLMD hie as ûnderdiel fan de museumkolleksje in romte ynrjochte dy’t wijd wie oan de sosjalistyske foaroanman en dichter Piter Jelles Troelstra en syn frou Sjoukje Bokma de Boer, dy’t skreau ûnder it pseudonym Nynke van Hichtum. Steenmeijer fielde har mei dêrtroch tige belutsen by libben en wurk fan it echtpear Troelstra. Dy ynteresse waard noch grutter doe’t se ds. J.J. Kalma ferfong mei in ynlieding op de stúdzjedei by gelegenheid fan de fyftichste stjerdei fan Nynke van Hichtum yn 1989. De jierren dêrnei soe se sa’n 180 kear yn ferskate fermiddens yn en bûten de provinsje in lêzing oer Van Hichthum hâlde. Ferskeidene kearen hearde se nei ôfrin fan sa’n lêzing: ‘Jo witte safolle oer har, dêr soene jo wol in boek oer skriuwe kinne’.
It idee krige ek foarm by Tineke Steenmeijer sels, begjin jierren njoggentich sette se útein mei it skriuwen fan, De oare helte: Nynke van Hichtum, de frou fan Piter Jelles. Omdat der al in Hollânsktalige biografy oer Nynke van Hichtum op kommende wei wie, woe Steenmeijer dêr net noch in Fryske neist sette. Se besleat om it libben fan de berneboekeskriuwster en frou fan Piter Jelles yn romanfoarm op te skriuwen. Mar wol oan ’e hân fan de feiten sa as dy har yn it libben fan de skriuwster foardien hiene. It resultaat wie in mânske roman fan 300 siden, dy’t ferskynde yn 1997. De roman waard troch de measte besprekkers goed ûntfongen en ferskynde yn 1999 ek yn in Hollânske oersetting. Trinus Riemersma wie yn syn besprek (Frysk&Frij, septimber 1997) tige kritysk oer foarm en opset fan it boek, hy fûn de haadpersoan net boeiend genôch as ûnderwerp fan in roman en wie net te sprekken oer de kronykeftige opset en de styl fan de skriuwster. Yn 2000 ferskynde De oare helte yn it Nederlânsk ûnder de titel Eigenwaarde yn oersetting fan Femke Bijlsma.
Filmer Pieter Verhoef brûkte it boek letter mei as útgongspunt foar syn film oer Nynke van Hichtum (2001).
Yn 2002 krige Tineke Steenmeijer foar, De oare helte, de Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert. De Piter Jellespriis is troch de gemeente yn 1973 ynsteld foar dyjingen dy’t op it literêre mêd in opfallende prestaasje levere hawwe, de priis wurdt om de fjouwer jier takend om bar foar in Frysk- of in Hollânsktalich wurk.
Tegearre mei har man, Frans Steenmeijer joech Tineke in rychje speurdersromans yn it ljocht. Harren debút ferskynde yn 2001 ûnder de titel, Moard yn it Provinsjehûs. Yn it boek is in haadrol weilein foar ynspekteur Doede Deschesne, dy’t de taak kriget om de moard op in Fryske deputearre op te lossen. Frans Steenmeijer wie fan 1981 oant 1987 deputearre fan de provinsje Fryslân en hold sadwaande in soad ta yn it provinsjehûs. Dêr waard ek it idee berne om in speurdersroman te skriuwen mei it provinsjehûs as dekôr. Skreaune se har earste boek yn it Frysk en it Hollânsk, it twadde, Moord in Slot Zeist, kaam allinnich út yn de earste rykstaal.  Ek har tredde projekt tegearre ferskynde yn dy taal. Dat spilet yn de provinsje Drinte en krige as titel, Moord bij het hunebed. Ek dy boeken binne skreaun om speurder Deschesne hinne.
In hiel oare útjefte wie it, tegearre mei Baukje Wytsma gearstallen fan it boek, Leave deade, dat ferskynde yn 2003. Yn de bondel binne hûndert fersen opnommen fan Fryske dichters oer de dea.   
Steenmeijer makke diel út fan de redaksje fan de Spiegel van de Friese Poëzie (1994) en fan de yn 2004 ferskynde Hollânsktalige standert útjefte oer de Fryske literatuer, Zolang de wind van de wolken waait : geschiedenis van de Friese literatuur. Se skreau dêryn it haadstik: ‘Meer literatuur voor mensen. Van 1822 tot 1915’. Fierders wurke se mei oan de gearstalling fan de skriuwersprinteboeken oer D.A. Tamminga (1989), Obe Postma (1997) en de werútjefte fan it dieltsje oer Gysbert Japix (2003).

Bibliografy

1997: In mylpeal : Tineke J. Steenmeijer-Wielenga 25 jier by it FLMD

Wurk

Poëzy
1983: Toudûnsje

Proaza
1997: De oare helte: Nynke van Hichtum, de frou fan Piter Jelles
1999: Moard yn it Provinsjehûs (mei Frans Steenmeijer)
2001: Moord in slot Zeist (mei Frans Steenmeijer)
2004: Moord bij het hunebed (mei Frans Steenmeijer)
2010: Moard yn 'e Médoc (mei Frans Steenmeijer)

Ferskaat
2009: In feestlift foar It Fryske Boek
2017: Obe Postma, In libben dat bloeide nei syn aard

Oersettingen
2000: Eigen waarde : herinneringen van Nynke van Hichtum (oersetting De oare helte)
2001: Moord in het proviciehuis (oersetting fan Moard yn it Provinsjehûs)

Prizen
1970: Lutine-priis fan de gemeente Terschelling foar de skripsje Ds. J.S. Bakker en het Westterschellingers
2002: De Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert foar De oare helte: Nynke van Hichtum, de frou fan Piter Jelles

Tresoar © 04-12-2008