Berne: 19-03-1958, De Lemmer

Libben en wurk

Steven Sterk waard berne op ’e Lemmer, syn bernejierren hat er trochbrocht yn Sleat. Nei de middelbere skoalle hat er yn Utert in oplieding folge oan de skoalle foar sjoernalistyk.

Mar doe’t er ôfstudearre wie, ûntdiek er al gau dat stikjes skriuwe neat foar him wie. Hy troude, ferhuze mei frou en dochter nei Drachten en waard húsman. Yntusken wie er in hanneltsje yn twaddehâns boeken begûn. Doe’t syn hannel begûn te rinnen iepene er in boekhannel yn Utert, tichtby de Dom. Nei in tal jierren wêryn’t sukses en tsjinslaggen elkoar ôfwikselen,  krige er de fuotten ûnder it gat. Sterk is net allinnich aktyf as boekhanneler, hy hat ek in útjouwerij. As útjouwer kiest er foar kwalitatyf heechweardige útjeften en net foar it kommersjele segmint fan de merk.

 

Dêrnjonken hat er begjin 2006 in keunstgalery iepene yn in earder skoalgebou yn De Sweach.

Skriuwer
Fan Steven Sterk ferskynde yn 1985 de bondel Ier wurk; in boek mei in ferskaat oan koarte en langere teksten sûnder titel. In dichtbondel kin it net neamd wurde, omdat it teksten fan ferskillend aard befettet; it binne notysjes, beskriuwings, oertinksels, advizen, kritykjes en in inkeld gedicht.
Yn deselde tiid wie er ek begûn mei it skriuwen oan syn roman, Regaad yn ’e himel. It idee foar it boek hie er lang, mar fierder as in begjin kaam er yn it earstoan net. Uteinliks hat it tweintich jier duorre foardat er it ferhaal ôfmakke hat. De roman kaam út yn oktober 2004.
De haadpersoan yn it boek, Andrys van der Keur, komt as er 76 jier is te ferstjerren. Hy hat altyd rjocht yn ’e lear west en komt oan yn ’e himel, dêr fernimt er al gau dat it der hiel oars om en ta giet as dat er altyd tocht hie. It is in oard fan ferdjer mei drank en froulju, hy beslút dêrom om yn te gripen en om de himelbewenners syn âlde grifformearde idealen op te lizzen.
Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 29-10-2004), seit Sterk: ‘Regaad yn ’e himel is in satire, mar net allinne op de grifformearde tsjerke of it kristendom. It giet oer minsken dy’t sa bot fan har gelyk oertsjûge binne, dat se alle feiten oan dat gelyk oanpasse. En it giet oer macht, oer wat der bart as minsken mei in grut gelyk de macht krije om oaren har dat gelyk op te twingen. De meganismen fan dy macht binne universeel en sa kin it dat wat yn ’e himel fan Andrys van der Keur bart gâns oerienkomsten hat mei wat der op ierde yn kommunistyske en oar diktatueren bard is de ôfrûne ieuwen’.
Sterk hat oanjûn om ynearsten net wer in boek te skriuwen omdat er syn tiid en enerzjy jaan wol oan it útjaan fan bysûndere útjeften yn it Fryske taalgebiet, lykas de oersetting fan de Ilias en de Odyssee fan Homerus fan de hân fan Klaas Bruinsma, en fan in boek mei âlde Fryske wetsteksten oerset yn hjoeddeisk Frysk en Nederlânsk, besoarge troch Oebele Vries.
It idee om Ronald Gibhart in boekje skriuwe te litten dat foarearst allinnich yn it Frysk ferskine soe, wie ek fan Steven Sterk. Hy wie tagelyk ek de útjouwer en de oersetter fan Der is gjin dêr, dêre, dat yn maart 2003 útkaam.

Wurk

Poëzij
1985: Ier wurk

Proaza
2004: Regaad yn ’e himel (roman)
2012: De midden en de beide einen (autobiografyske ferhalen)

Nominaasjes
2014: Rink van der Veldepriis, De midden en de beide einen

Mear ynfo
Opnamen fan Steven Sterk by Operaesje Fers

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Hedwig Terpstra, Breeduit 29-01-2014


Tresoar, 03-02-2016