Berne: 22-1-1894, Tsjerkgaast
Ferstoarn: 5-2-1975, It Hearrenfean

Libben en wurk

Rintsje Piter Sybesma is berne yn in boerehúshâlding, hy waard grut op de âlderlike pleats by Tsjerkgaast. Nei de hbs yn Snits studearre er oan de universiteit fan Utert diergenêskunde.

Nei syn ôfstudearjen yn 1923, festige er him as feedokter op It Hearrenfean. Sybesma hat lange jierren praktisearjend feedokter west, yn 1973 fierde er syn 50 jierrich jubileum as sadanich.
As dichter en proazaskriuwer liet Sybesma al op jonge jierren fan him hearre. Hy debutearre noch foar syn tweintichste jier mei it fers Nijjier yn it tydskrift Sljucht en Rjucht, al gau folge troch in hiele rige oare publikaasjes. Behalve yn it al earder neamde tydskrift ferskynden fersen fan syn hân yn Forjit my net en yn de Leeuwarder Courant.
It fers Nijjier is in sonnet, de klassike fersfoarm. Sybesma wie ien fan Fryske dichters oan it begjin fan de tweintichste ieu dy’t, yn neifolging fan de troch har heechachte Tachtigers, him talei op it dichtsjen yn sonnetfoarm. De klam lei by har op it estetysk geniet fan foarm en klank, inkeld mei in keunstsinnich doel.
Neifolgers fan Tachtich stribben nei in heech literêr peil en setten har ôf tsjin de mear folksaardige skriuwerij dy’t oant dan ta wenst wie yn de Fryske letteren.
Dat stribjen resultearre yn 1915 yn it oprjochtsjen fan de Jongfryske Mienskip. Yn ’e mande mei Douwe Kalma (1896-1953) en Piter Sipma (1872-1961) stie Rintsje Sybesma mei oan de widze fan de Mienskip. De Jongfriezen woene har net beheine ta Fryslân allinne, mar har oanslute by de wrâldliteratuer; ‘Fryslân en de wrâld’, wie har biedwurd. Sy distansjearren har fan de belearende en moralistyske âldere dichters en skriuwers en leine har ta op in mear persoanlike dichtkeunst. Hja skreaune ympressionistysk proaza, besiele fan in romantysk idealisme. Se brochten nij elan yn de Fryske literatuer en krigen it foar elkoar dat hûnderten jonge minsken de eagen iepene waarden foar kultuer en literatuer. Om 1920 hinne hiene sa’n 700 har oansletten by de beweging.
Sybesma hie him der doe al wer fan losmakke, hy wie dochs mear de yndividualist dy’t leaver eigen wegen gyng.
Yn 1927 ferskynde fan him in bondel sonnetten ûnder de titel, Ta de moarn. In typografysk moai fersoarge bondel, yllustrearre mei miniatuer houtfiken fan E. Caspers. Ynhâldlik sjoen wie it in seleksje fan syn jeugdpoëzij, mei in sterke ienheid fan foarm en ynhâld, dêr’t natoerbeskriuwings en symbolyk in sintraal plak yn ynnimme. Ien fan de fersen út de bondel, ‘Corvus Cornix’ wurdt algemien sjoen as ien fan de meast slagge sonnetten fan de hân fan Sybesma.
Yn de jierren dêrnei liet er as dichter net folle fan him hearre.
Al yn de iere jierren tritich sympatisearre Rintsje Sybesma mei de Nationaal-Socialistische  Beweging (NSB) fan Anton Mussert. Yn 1940 sleat er him oan by de Nationaalsocialistische Duitse Arbeiderspartij (NSDAP) en letter by de Nederlânske SS. Yn 1944 waard er lid fan de Lânwacht. Ideologysk seach er yn de NSB nije kânsen foar it yn syn eagen ferhûddûke Fryslân. Hy, en mei him oaren yn de Fryske beweging, seagen ljocht yn de nije tiid dy’t neffens har oanbrutsen wie.
Syn bewûndering foar de Dútske supremaasje utere him yn ûnderskate fersen dy’t er skreau yn it begjin fan de oarloch. Se ferskynden yn 1941 yn in troch de East-Fries Willy Krogman yn it Dútsk oersette útjefte, mei de titel Der Zehnte Mai. De bondel kaam út by Verlag Grenze und Ausland yn Berlyn.
Ynhâdlik helje de fersen lang net de kwaliteit fan syn eardere bondel. Benammen it fers, ‘De falskermers’, dat yn augustus 1940 yn in Flaamsk blêd publisearre waard, en dêr’t er de militêre oerwinning fan de nazi’s yn priizget, joech gâns opskuor.
Yn 1942 krige Rintsje Sybesma de Harmen Sytstra-priis, in troch it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynstelde priis, dy’t bedoeld wie om de Fryske letteren te earjen. Yn datselde jier waard ek syn twadde Fryske dichtbondel yn it ljocht jûn, De swetten útlein.
Nei 1945 is der fan Sybesma gjin poëzij mear publisearre dat sprekken lije koe.
Njonken poëzij skreau R.P. Sybesma ek in searje opmerklike koarte ferhalen. De measten binne ferskynd yn sammelbondels; Om it hiem, in rige sketsen yn 1930 en It anker, in bondel ferhalen, yn 1932. It proaza fan Sybesma ûntlient syn betsjutting benammen oan de byldzjende sfearbeskriuwings en in treffende wurdkar. Weromkommende tema’s yn syn wurk binne minsken, natoer en de doetiidske Fryske aktualiteit. It ferhaal oer it jonkje Thae, dat earst yn ôfleveringen ferskynde yn de tydskriften De Holder en Frisia, hat nei alle gedachten in autobiografyske ynslach. Prof. J.H. Brouwer (1900-1981) hat dêr in stúdzje oer skreaun, dy’t ferskynde ûnder de titel Fryske styl . De stúdzje is yn syn gehiel opnommen yn de lettere útjefte yn boekfoarm, de novelle Boerke Thae (1979). De novelle wurdt rekkene ta de moaiste foarbylden fan ympressionistysk proaza dy’t yn de Fryske literatuer ferskynd binne.
Yn ’e mande mei de earder neamde J.H. Brouwer hat Sybesma fan 1926 oant 1929 de redaksje fierd fan it ferneamde literêre tydskrift De Holder.

Wurk

Poëzij
1927: Ta de moarn
1941: Der Zehnte Mai
1942: De swetten útlein

Proaza
1930: Om it hiem, in rige sketsen
1932: It anker, in bondel ferhalen
1979: Boerke Thae (novelle)

Tresoar © 04-12-2008