Berne: 5-11-1924, Nijehaske
Ferstoarn: 9-3-1986, Ljouwert

Libben en wurk

Sybe Sybesma is berne te Nijehaske, hy wie in soan fan Rintsje Piter Sybesma en Richtsje Hepkema. Nei de legere skoalle op It Hearrenfean gyng Sybe nei it gymnasium te Ljouwert.

Dêrnei, fan 1945 ôf, studearre er oan de de universiteit fan Amsterdam Gryksk, Latyn en âlde skiednis. Foar dy fakken helle er ek it ûnderwiisfoech, njonken de stúdzje stie er geregeldwei foar de klas. Dat wie mei in reden dat er lang oer de stúdzje dien hat, hy studearre ôf yn 1969. Yn Amsterdam sleat Sybesma him oan by it Frysk studinteselskip Cygnus Resurguns. Dêr kaam er yn ’e kunde mei mannen as Marten Brouwer, Douwe A. Tamminga en Hessel Miedema.
Sybe Sybesma wie al ier warber as dichter, de earst bekende fersen fan him dy’t publisearre binne wiene ‘Sonnet’ en ‘Foarsimmerjountiid’, dy’t ûnder it pseudonym S. van der Gaast opnaam binne yn it orgaan Palmblad (1946) fan de Hearrenfeanster h.b.s.-feriening ‘De Oase’. Sybe wie sels gjin learling fan de hbs, mar se binne nei alle gedachten fia syn jongere broer Watse yn it blêd telâne kommen. (sjoch artikel T. Steenmeijer-Wielenga yn De Strikel, nû. 9, 1994).
Yn syn studintetiid wie Sybe Sybesma in tige produktyf skriuwer fan fersen, kabaret-teksten, ferhalen en skôgings. Hy die dat faak yn ’e mande mei Marten Brouwer, se liezen en bekommintarearren elkoars stikken. Tegearre skreaune se teksten dy’t se publisearren ûnder it pseudonym Iwan Fladdéraque. Ien fan de organen dy’t se pleatsten wie it Frysk Studinte Almanak. Marten Brouwer, Lambert Mulder en Sybe Sybesma namen it inisjatyf foar it oprjochtsjen fan it literêr tydskrift Quatrebras (1954). Mei syn trijen makken se ek diel út fan de earste redaksje. It blêd, ûnstien út ûnfrede mei it belied fan De Tsjerne, joech alle romte oan de eksperimintele poëzij, yn neifolging fan de yn de Nederlânske literatuer operearjende Fyftigers. Quatrebras woe net provinsjaal wêze, mar stimulearre de net-estetyske frije fersfoarm.
Yn de rin fan de jierren wie Sybesma yn ferskate plakken as learaar aktyf, ûnder oaren te Snits, Oostburg, Breda, Hoorn, Amsterdam, Grins, Hengelo en Ljouwert. Mear as tweintich jier hat er, mei wikseljend sukses, foar de klasse stien. Fierders hat er as wittenskiplik meiwurker ferbûn west oan it Frysk ynstituut fan de de Grinzer universiteit. Hy wenne lange tiid op It Hearrenfean. Sybesma hat ek meiwurke oan de Fryske bibeloersetting.
Mar hy is benammen bekend wurden as dichter, net yn it minst troch syn optredens op strjit- en oare festivals. Sybesma koe as gjin oaren yn koarte tiid in gedicht skriuwe dat er opdroech oan kunde, âlde en fakentiids nije. Talleas binne de gelegenheidsfersen dy’t er skreau op in fodsje papier of achterop in bierfiltsje en meijoech oan dyjinge foar wa’t er it skreaun hie.
Fan syn hân binne twa dichtbondels ferskynd: En marge (1978- 2e printinge 1979) en Op ’e rânne (1984).
Beide bondels binne twatalich. En marge befettet in samling fersen dy’t Sybesma yn de tritich jier dêrfoar skreau. Se binne net oardere op foarm of ynhâld, frije poezij, lyryk, epyk, chanson, ballade en bûne dichtfoarmen wikselje elkoar ôf. Tiny Mulder skreau yn har besprek fan de bondel: ‘Leveret dit earnstich-boartlik omgean mei de poëzy belangrike gedichten op? Dêr giet it yn dizze bondel net om. It giet wol om nijsgjirrige ynkykjes yn it bestean fan Sybesma as persoan en as poëzy-ferslaafde’ (...) ‘Dat Sybesma by steat is allerhanne dichterlike stilen ta te passen, stimpelet him net ta epigoan (...), mar ta tûke bestudearder fan de poëzy út allerhanne tiden en talen, dy’t dan ek noch by machte is it learde ta te passen, bytiden tige knap, om him persoanlik te uterjen’. (Friesch Dagblad, 23-9-1978).
Yn de twadde bondel, Op ‘e rânne, stean benammen koarte gedichten dy’t Sybesma skreau foar kunde, freonen, kollega’s, kastleins, hy wie in frekwint besiker fan horeka gelegenheden, of tafallige passanten.
Sybe Sybesma hat de jierren troch ek fan oare dichters fersen oerset, ûnder oaren fan A. Roland Holst en fan ûnderskate dichters út de âldheid. Yn ’e mande mei dichter Jan Wybenga (1917-1994) brocht Sybesma in bondel út mei sa’n fytich troch har yn it Frysk oersette gedichten fan de Latynske dichter G. Valerius Catullus, mei de titel Carmina Nonulla (1987). Fan akteur en toanielskriuwer Emlyn Williams (1905-1987) makke er in Fryske oersetting fan de skriller Nigt must fall, dy’t útkaam ûnder de titel De ein komt yn ’e nacht.
In twatalige korrespondinsje yn kwatrinen fan Sybesma mei de doetiidske direkteur fan de Provinsjale biblioteek Jaques van Gent, ûnder de titel Kwânskwiis/Kwansuis, ferskynde yn 1980.
Fersen fan Sybe Sybesma binne sûnt 1948 pleatst yn ferskate literêre blêden lykas; De Tsjerne, De Stiennen Man, De Stim fan Fryslân, De Strikel, Trotwaer, Alternatyf en Hjir. Hy publisearre geregeldwei ûnder skûlnammen as Ruurd Ages, Hedzer Andela, Gaston Fladdèracque, Rabindranath Kyévan en oare.
Begjin jierren santich hat er in tiidlang in sit hân yn de redaksje fan De Strikel.
Fan de Boelstra-Olivier Stichting krige Sybesma yn 1984 in Stipendium as blyk fan wurdearring foar syn dichterskip en foar syn warberens as meidogger oan en stimulator fan poëzyfestivals en oare manifestaasjes dy’t as doel hiene it fergrutsjen fan de bekendheid fan de Fryske poëzy.
Sybe Sybesma is ferstoarn yn syn wenplak Hearrenfean.

Wurk

Poëzij
1978: En Marge
1980: Kwânskwiis/Kwansuis
1984: Op ’e rânne

Ferskaat
1987: Carmina Nonulla - Gaius Valerius Catullus (oersetting: mei Jan Wybenga)

Mear ynformaasje

Ferskate opnamen fan Sybe Sybesma út it argyf fan Omrop Fryslân

Opnamen fan Sybe Sybesma by Operaesje Fers

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite


Tresoar © 04-12-2008