Berne: 31-07-1979, Ljouwert

Libben en wurk

Grytsje Schaaf is berne yn Ljouwert. Sy hat de HBÛ-oplieding Boukunde oan de NHL yn Ljouwert folge en dêrnei arsjitektuer studearre oan de TU yn Delft. Grytsje Schaaf is wurksum as arsjitekt en as dosint boukunde oan de NHL yn Ljouwert.

Skriuwerij

Grytsje Schaaf publisearre har gedichten yn Doar en Farsk en de Moanne.

Yn 2008 kaam har earste gedichtebondel Sûnder sweltsjes út, dêr’t Harmen Wind oer skreau:

‘….troch wurdkombinaasjes komme ta ferraskjende nijfoarmingen – dat kinne allinne taalgefoeligen; it kombinearjen fan tiidwurden, adjektiven en subjektiven ta benearjende, sfearfolle en fantastyske bylden – dat kinne inkeld dichters … Mar in gedicht skriuwe as dêr’t ik no foar stean, ‘Beeling’ – dat kin mar ien: Grytsje Schaaf.’ (Leeuwarder Courant 22-02-2008). Se levert regelmjittich kollumns foar de Moanne.

Fierders binne gedichten fan har opnommen yn De Spiegel van de Friese poëzie, edysje 2008, en yn Het goud op de weg, de Friese poëzie sinds 1880.

Bibilografy

2008: Sûnder sweltsjes

Tresoar, 10-02-2016