Berne: 1-4-1906, De Gordyk
Ferstoarn: 8-6-2006, Oentsjerk

 

Op 1 april 2006 waard Sjoerd van der Schaaf 100 jier. Spesjaal foar dy gelegenheid makke Tresoar in "digitaal plakboek".

Libben en wurk

Berne op 'e Gerdyk, as soan fan de dichter Th. van der Schaaf. Folge de HBS op It Hearrenfean (1919-1923) en wurke dêrnei as sekretary-amtner fan de gemeente Opsterlân op De Sweach. Hy helle nei syn diploma's gemeente-administraasje yn 1928 syn m.o.-steatsynrjochting. Wurke dêrnei op de sekretary fan it Fean oant er mei yngong fan 1931 sjoernalist waard by it Nieuwsblad van Friesland. Yn septimber fan datselde jier folge syn oanstelling by Het Volk, earst yn Utert, letter yn Grins en Amsterdam dêr't er yn 1934 troude. Nei syn houlik waard er oerpleatst nei de redaksje yn Ljouwert. Dêr wurke er oant er yn 1942 troch de Dútsers ûntslein waard. Yn 1945 helle Spiekhout him by de Heerenveense Koerier, fan hokker krante hy haadredakteur waard njonken Fedde Schurer. Yn 1952 folge de oerstap nei de "Parool-groep" mei blêden as it Nieuwe Utrechts Dagblad, it Haags Dagblad en it Rotterdamske Parool. Oan 'e ein fan syn karriêre wurke er by it Amsterdamse Parool as kommentator. Hy krige pensioen yn 1971 en festige him doe wer yn Fryslân mei it each op it ûndersyk dat er dwaan moast foar syn yn opdracht fan de Fryske Akademy te skriuwen boek oer de skiednis fan de Fryske beweging.

Literatuer

1947: A. Wadman. Revue fan lytse ûndeugden. De Tsjerne 1947, s. 342-346
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skrifteken-nisse, s.270
1977: Klaes Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.125
1958: A. Wadman. Romo-bisprek oer "De wûndere simmer fan Jurrit Jongema" op 28-02-1958
1958: Freark Dam. De siele en Eva. De Tsjerne 1958, s.58
1965: G.A.G. Meerburg. Romo-bisprek oer "It gefal Hjerre Bijker en oare forhalen" op 30-11-1965
1965: Tr. Riemersma. 't Wie allegear bargebloed. De Tsjerne 1965, s.394-399
1977: Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske Biweging, s.367
1978: G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s.73, 381, 543, 558
1975: T.J. Steenmeijer-Wielenga, Tekst en Utliz

Wurk

Romans

1941: It geheim fan de Greate Wielen. In ferhael út de krisisjierren (2de pr. 1970)
1947: Abbingawâld (Yn 1999 2e pr. yn 'e rige fan de Fryske Klassiken. Yn 1947 Nederlandse vertaling: Abbingawoud)
1957: De wûndere simmer fan Jurrit Jongema (novelle)
1981: De Bijekening (2de pr. 1983)
1988: De Lawine (ferfolch op De Bijekening)

Ferhalebondel
1965: It gefal Hjerre Bijker en oare ferhalen

Ferskaat
1945: Afscheid van de mythe. Yn Friesland 1945-1970. s. 179-201
1958: Geart Lourens van de Zwaag (1858-1923) De kloklieder fan de Súdeasthoeke
1977: Skiednis fan de Fryske Biweging
1981: Reboelje yn de Dongeradielen (1749). Oerset troch Sj. van der Schaaf, nei D.P. Keizer
1985: Planetarium. Fryslânrige: nû.14. Mei Popke Popma
1985: De belofte gestand gedaan. Ggeschiedenis van de Friese Stichtingen 1940-1945
1987: Fries Letterland. Poëzie en proza op Friese bodem, Pieter Terpstra, s.197

Prizen
1978: Piter Jelles-priis foar Skiednis fan de Fryske Biweging
1983: Gysbert Japicxpriis, yn 't foarste plak foar syn roman De Bijekening, mar ek syn earder oeuvre wurdt mei eare neamd.

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite

Sjoerd van der Schaaf oer "It geheim fan de Grutte Wielen" (FLMD, 10-10-1991)


© Tresoar, 20 maart 2000