Berne: 03-07-1960, Easterein

Libben en wurk

Yn Op e Skille, it hûs-oan-hûs blêd dat om ’e fjirtjin dagen ’e Greidhoeke ferskynt, wurdt Freddy Scheltema yn in fraachpetear mei Hinne Bokma beskreaun as in bern fan de jierren sechstich, as in muzykman yn ieren en sinen

(Scheltema spile yn de bands First Day en Common Brain) en ek as ien dy’t graach skriuwt. ‘As jonkje ha ’k al ris in boekje skreaun,’ seit Scheltema dêroer, ‘myn mem sil it wol bewarre ha.’

It idee foar syn earste boek De reüny, in rock ’n roll roman ûntstie doe’t Scheltema op in kear weromried fan it reünykonsert fan in rockband. Hy wurke it út oan de hân fan haadpersoan Jacob dy’t yn ferbân mei in reunykonsert fan syn eardere band Splitz, dêr’t er as jongfeint yn spile, weromkomt yn Fryslân. De bysûndere tiid fan de opkomst en ûndergong fan dy band, mei alles wat dêr oan tema’s by hearde (sukses, âld sear, leafde) komt alhiel werom yn dit debút. ’Muzyk is myn grutte passy, sawol rock as klassyk,’ seit Scheltema, ‘en dat fine jo werom yn dit boek.’ Oer syn wize fan skriuwen seit er yn datselde petear, dat er nei’t er it tema betocht hie, gewoan efter de laptop sitten gie en begûn te skriuwen. Sûnder in skema of sokssawat. ‘Net te wollich en to the point en begryplik foar de lêzers.’ Syn twadde roman De keet fan Annawâld giet oer de hjoeddeiske jeugdkultuer en spilet him ôf ûnder in ploech jongeren út it fiktive doarp Annawâld. Scheltema seit dêr yn Op e Skille oer dat er in nije generaasje oan it lêzen krije wol.
Freddy Scheltema wennet yn Easterein en wurket as amtner.

List fan belangrykste wurk

Proaza
2011: De reüny, in rock ’n roll roman
2012: De keet fan Annawâld

Nominaasjes
2014: Rink van der Veldepriis, De keet fan Annawâld

Mear ynformaasje oer Freddy Scheltema
Auteur op twitter


© Tresoar, 14-06-2013