Berne: 19-03-1971, feinsum

Libben en wurk

Hilda Talsma folge de oplieding ta dosint tekenjen twadde graad oan de NHL yn Ljouwert. Se wennet mei har man yn Warten. Se ha trije soannen en in dochter.

 

Skriuwer

‘It giet altyd troch. Se binne der altyd, de ferhalen’, seit Hilda Talsma yn in fraachpetear mei Sietse de Vries fan de Ljouwerter Krante. ‘Dat is ek wolris yrritant. Ik kin der soms net iens fan sliepe.’
Hilda Talsma folge skriuwkursussen by Akky van der Veer; doe’t har jongste bern nei de basisskoalle gie, hie se har earste manuskript klear en bea it oan by de Friese Pers Boekerij. Dêr kaam it lykwols net ta in útjefte. ‘Te soapeftich’, wie it oardiel. ‘Ja, der bart in soad yn myn boeken’, seit Talsma dêr yn datselde ynterview oer. Nei dy ôfwizing frege se begeleiding fan inkele minsken fan it projekt Skriuw. Yn 2011 ferskynde by útjouwerij Elikser har debút, De twadde hûd. Abe de Vries dêroer yn in besprek op syn bloch: ‘Hilda Talsma hat in tagonklik boek skreaun dat lêst as it spoar. It grut oanpart fan dialogen soarget foar in protte faasje. It hie de baas (al) west en wikselje se wat mear ôf mei ôfdalingen fan de skriuwster yn de geast en it ferline fan de haadpersoan Elske. In wurkwize dy’t Talsma yn in twadde boek wat mear útprebearje kinne soe.’ Yn 2012 folge Flammen, ek by Elikser.

Oer de ynhâld fan har wurk seit Hilda Talsma: ‘Myn boeken beskriuwe sa realistysk mooglik en yn in Frysk sa’t ik dat sels praat, it Fryske doarpslibben en dan benammen dat wat him efter de skermen, bygelyks by in doarpsfeest, ôfspilet.’ Talsma jout yn dat fraachpetear oan dat se in tige dissiplinearre skriuwer is: ‘Moarns om healwei njoggenen begjin ik en skriuw oan tolve oere ta. En as it kin pak ik middeis ek noch in pear oeren.’ Ut de reaksjes fan har lêzers fernimt se dat der ferlet is fan har boeken en har wize fan skriuwen. ‘Dy lêzers wolle gewoan in moai ferhaal’, seit se dêroer. En dêrmei hat Talsma in eigen doelgroep fûn.

Hilda Talsma wie fierder yntinsyf belutsen by in publikaasje oer skûtsjes, dat skreaun waard yn ’e mande mei Klaas Jansma en Klaas Meeter. Dêrnêst skreau se in fjouwertal ienakters foar bern en folwoechsenen, dy’t opfierd waarden troch toanielselskip Warten.


List fan belangrykste wurk

Romans
2011: De twadde hûd
2012: Flammen
2013: It geloksbern
2014: Brekber
2015: Wyn fan feroaring
2016: Wyn fan de wierheid
2016: Frisum trilogy (De twadde hûd, Flammen en It geloksbern)
2017: Wyn fan de winners

Non-fiksje
2010: De Jonge Jan, De Poep en de Sytsema’s

Toaniel
It hier fan de kening [bern]
Boerenbont [folwoeksenen]
Apen en Be[a]ren [bern]
2015: Suze Nane [folwoeksenen]

Mear ynformaasje oer Hilda Talsma
Sietse de Vries, fraachpetear LC 09-11-2012
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 30-06-2014
Eigen webside

© Tresoar, 15-04-2013

 

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.