Berne: 22 novimber 1909, Winsum
Ferstoarn: 5 april 2002, Ljouwert

Libben en wurk

Douwe Annes Tamminga is op 22 novimber 1909 yn Winsum (Fr.) berne. Nei de legere skoalle moast er by de boer oan it wurk, letter kaam er yn de bou, mar beide soarten wurk foldiene him net, hy woe leare.

Fia de kristlike ulo en normaallessen yn Frjentsjer waard er ûnderwizer. Trochdat der yn de krisisjierren te min fakatueres by it ûnderwiis wiene, slagge er earst noch net as sadanich oan wurk, mar bedarre er yn it foarmingswurk foar jonge wurkleazen. Nei de oarloch wie Tamminga dosint oan de Rykslânbouwinterskoalle (R.L.W.S.) en de Ryks-hbs yn Snits. Hy studearre foar de middelbere akten Nederlânsk en Frysk en wie fan 1962 oant syn pinsjoen yn 1974 as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan de Fryske Akademy foar it wurdboekwurk. Douwe Tamminga hat lang yn Ysbrechtum wenne. Nei it ferstjerren fan syn frou kaam er yn Ljouwert te wenjen. Dêr is er op 5 april 2002 op 92-jierrige leeftyd ferstoarn.

Dichter
As dichter debutearre Tamminga yn 1939 mei de bondel Brandaris, dêr't fuortendaliks syn grutte taalbehearsking út nei foaren kaam. Hy hat mei syn poëzy de taal ferrike trochdat er by steat wie en smei eleminten út de libbene folkstaal (útdrukkingen, siswizen, faktaalwurden) om ta in persoanlik poëtysk idioom. De behearsking yn metrum en bou jout syn gedichten wat monumintaals. Ek op it psychologysk en emosjonele mêd is behearsking in skaaimerk fan dizze dichter. Dat blykt benammen út syn meast persoanlike bondel, In Memoriam, út 1968, skreaun nei it ferstjerren fan syn iennichst bern. De fersen út In Memoriam mei har dûnkere toan steane foar de lyryske, ferwachtingsfolle út de bondel It griene jier (1943) oer. Yn dy syklus dichte Tamminga oer it swierwêzen fan konsepsje oant berte en hy ferpleatste him dêrby yn de gefoelens fan de frou dy't mem wurdt. Syn taalmasterskip koe Tamminga ek bewize yn oersettingen.

Romans
Tamminga skreau twa histoaryske romans: Frjemdfolk op Barrahiem (1978) dat yn de terpetiid spilet en De boumaster fan de Aldehou (1985) dêr't er it 16e-ieuske Ljouwert as dekôr yn brûkt hat. Al earder hie er yn it toanielstik De Hogerhuis-saek (1950) it tiidrek fan de 90-er jierren fan de 19e ieu mei syn sosjale ûnrêst skildere.

Taalkunde en literatuerhistoarje
Tamminga publisearre ek gâns op taalkundich mêd, stúdzjes oer idioom, oer nammekunde en oer histoaryske taalkunde. Fierder hiene de folkskunde en de literatuerhistoarje syn niget. Hy besoarge (soms yn 'e mande mei oaren) wurk fan oare dichters (de samle fersen fan R.B. Windsma, D.H. Kiestra, G.N. Visser en Wibren P. Altena), skreau ynliedingen op de poëzy fan Fedde Schurer en Obe Postma, sammele in boek fol anekdoaten oer Fryske skriuwers (Fan hearren en sizzen) en skreau tal fan tinkboekjes en teksten foar gelegenheidsútjeften.

Tydskriftredakteur
As redaksjeskriuwer fan it literêre tydskrift De Tsjerne hie Tamminga fan 1946 oant 1968 in sintraal plak yn it literêre Fryske fermidden, mar ek nei dy jierren bleau er warber en fol belangstelling foar de ûntjouwingen yn de literatuer.

Breed talint
Obe Postma skreau yn syn fers Fuortgean oer Tamminga, dat ‘de hertstocht fan Gysbert’ yn him libbe en joech him dêrmei syn rjochtlik plak yn de rige fan by it libben al ‘klassyk’ wurden literêre keunstners. It oeuvre fan Tamminga oersjend falt op, hoe breed syn talint wie. Net allinne skreau er yn omtrint alle literêre sjenres: lyryske en epyske poëzy oant stikeldichten en gelegenheidswurk ta, skeppend en skôgjend proaza, toanielwurk en oersettings, mar ek op it mêd fan de taalkunde hat er publikaasjes op syn namme brocht dy't har wearde hâlde. As redakteur fan tydskriften en besoarger fan tekstedysjes en skriuwersprinteboeken, bestjoerslid, meiwurker oan kranten en omrop en as sjuerylid hat er gâns út 'e wei set en him tige fertsjinstlik makke. Douwe Tamminga hat oan ’e widze stien fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, hearde yn 1959 ta it earste bestjoer en waard yn 1966 foarsitter. By syn ôfgean yn 1982 is er ta earefoarsitter beneamd. Foar syn wurk krige Tamminga û.o. wurdearring troch de literêre prizen dy't him takend waarden.

Literatuer
1956: Hindrik de Vries yn De Tsjerne, 1956,s. 184-212, Tamminga's Balladen en it wêzen fan de Balladekunst
1956: Fokke Sierksma yn it Frysk Jierboek 1956, De poëzy fan D.A. Tamminga, s. 184-212
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s. 186, 261, 262-264, 277
1959: L.W. Nauta, D.A. Tamminga-nûmer fan it tydskrift De Tsjerne, 25-11-1959
1960: F.J. Bergstra yn De Tsjerne, 1960, s. 182-191, De dichter, de tael en de mienskip
1967: Durk van der Ploeg yn De Tsjerne, s. 441-447, Ofskie fan de grand old man
1969: Nôt oan skeaven, Ta de 60ste jierdei fan Douwe Annes Tamminga 22 novimber 1969. Mei de rede fan Jo Smit op de betinkingsdei, in bio- en bibliografy troch J.J. Kalma en in kertiersteat troch drs. J. Visser
1971: Tiny Mulder. Hwer hast it wei?, s. 59-86 (fraachpetear)
1975: Ph.H. Breuker, Tekst en Utlis
1980: Geart van der Meer yn: Trotwaer/3, Douwe Tamminga nûmer, Stapstiennen - en wat dertusken leit
1989: Douwe Annes Tamminga. Skriuwers yn byld (4).
1999: In string fersen (tsien fersen fan dichters, oanbean by de 90ste jierdei fan Tamminga)
1999: Trochpaden (Geart de Vries hat it libben, wurk en de tiidgenoaten fan Tamminga yn boekfoarm fêstlein)
1999: It FLMD oan syn earefoarsitter (red. Flippus Breuker, Jan de Vries, Jan Pieter Janzen en Tineke Steenmeijer-Wielenga, útkommen ta gelegenheid fan Tamminga syn 90ste jierdei)


Wurk

Romans
1978: Frjemdfolk op Barrahiem : in forhael út de terpetiid
1985: De boumaster fan de Aldehou (2de pr. 1986; 3de pr. 1996, 4de pr 2010)

Dichtwurk
1938: Brandaris
1942: Balladen en Lieten
1943: It Griene Jier (In ljeafdeliet) (2de pr. 1962; 3de pr. 1995 útjûn mei in Hollânske oersetting fan Annie Pansier)
1945: Leksums : In mannich stikelgedichten. Ûnder pseudonym Tamme Tysker
1945: Nije Gedichten (2de pr. 1946)
1956: Balladen
1965: Floedmerk
1968: In Memoriam (yn 1975 útjûn mei Hollânske oers. fan Theun de Vries; 2de pr. 1976; 3de pr. 1977; 4de pr. 1992)
1973: Tsien Psalmen
1973: Dagen fan heil : geastlike lieten
1979: Stapstiennen : in kar út eigen wurk
1984: Senesco
1989: Strofen foar myn soan
1999: De citadel: keur uit zijn gedichten (gearst. en oers. yn it Hollânsk fan Jabik Veenbaas)
2011: Samle fersen

Toaniel
1947: Trelit op ’e Miedpleats (2de pr. 1948)
1950: De Hogerhuis-saek
1954: God wol it : histoarysk tafriel út de tiid fan de Krústochten

Oersettings
1943: Folksforhalen en mearkes (út it Deensk nei H.C. Andersen) (2de pr. 1947; 3de pr. 1984)
1949: Wrotters fan de Froskepôlle (út it Hollânsk nei Nyckle Haisma)
1966: Don Quichot op'e brulloft fan Kamacho (út it Hollânsk nei P. Langendijk)
1974: In winterforhael (út it Ingelsk nei Dylan Thomas)
1980: Hy droeg uwze smerten (yn 17e ieusk Frysk oerset nei Jacobus Revius syn Hij droech onse smerten)
1984: Bûnte risping (Oersettingen út ferskate talen yn it Frysk)
1984: Wa wol Misja ha? (út it Deensk nei Lotte Nyholm)
1984: The Raven/De Raven (út it Ingelsk nei Edgar Allan Poe)
1989: Gysbert Japicx Gedichten : keuze uit zijn poëzie (oerset yn it Hollânsk)
1993: De blomkoalkening : libbensferhaal fan in Fryske lânferhuzer yn Kanada (út it Ingelsk nei Klaas de Jong)

Ferskaat
1945: Ryp en Grien : foardrachten foar it jongfolk (2de pr. 1946) (Gearbrocht troch D.A. Tamminga)
1961: De Friese kwestie : wat niet-Friezen ervan zeggen in kranten en tijdschriften (Douwe Tamminga en Anne Wadman)
1961: Friese verhalen in het Nederlands (Douwe Tamminga en Anne Wadman)
1963: Op ’e taelhelling (diel I)
1969: Mei fleur en faesje : fiifentweintich jier Tetman [de Vries]
1973: Op ’e taelhelling (diel II)
1980: In slach om ’e tsjerke : Fryske tsjerken yn wurd en byld (Foto's fan tsjerken mei gedichten fan ferskate skriuwers)
1981: Fan hearren en sizzen (anekdoaten oer Fryske skriuwers fan earder en letter)
1985: Kantekers : fersprate stikken oer taal en literatuer (befettet stikken oer taal en literatuer tusken 1962 en 1984)

Prizen
1957: Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Balladen
1977: Romanspriisfraach fan it Frysk útjefte Fûns yn 'e mande mei It Skriuwersboun foar Frjemdfolk op Barrahiem
1986: Piter Jellespriis foar De boumaster fan de Aldehou
1990: Dr. Obe Postmapriis foar syn oersettings yn it Nederlânsk fan in seleksje út it wurk fan Gysbert Japicx

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Douwe A. Tamminga by Operaesje Fers
Ynterview mei Jo Smit, Douwe Annes Tamminga en Anne Wadman oer De Tsjerne (Omrop Fryslân, 1986)
Douwe Tamminga leest "Folksdûns" (FLMD, Open Podium 1992)
Illegale Uitgaven WO II, B.B.C. Nieuws; 18 mei 1945: "Wellebrêge".
Fraachpetear by 70ste jierdei, LC 21-11-1979

© Tresoar, febrewaris 2005