Berne: 27-7-1948, Weidum

Libben en wurk

Arjen Terpstra, soan fan Anneke de Vries en skriuwer/sjoernalist Piter Terpstra (1919-2006), is opgroeid yn syn berteplak Weidum. Terpstra hat al fan lyts of oan in sterke driuw om syn eigen wegen te gean.

Op ’e legere skoalle koe er him mar min oanpasse. Letter doe’t er nei de mulo gyng, wie it net better. Al rillegau bedarre er, tolve jier âld, op in ynternaat te Delfsyl. In pear jier letter fear er as lichtmatroas op in coaster. Nettsjinsteande it feit dat er amper skoalle-oplieding hie, slagge it him om op de seafeartskoalle fan Skylge it diploma 3e stjoerman te heljen. Letter helle er oan de Hegere Seefeartskoalle op Skylge ek de papieren foar stjoerman op de Grutte Feart. Dêrnei reizge er sa’n fyftjin jier op in supertanker oer de wrâld. De frije tiid oan board brûkte er om te lêzen en te studearjen. En hy skreau, benammen toaniel en ferhalen. Dêr wie er al op jonge leeftyd mei úteinset, om syn trettjinde hinne skreau er in boek fan om en de by de fiifhûndert siden. It is op ’e planke lizzen bleaun. Inselde lot trof in pear detektives dy’t er dêrnei skreau. Mear sukses hie er mei skriuwen foar toaniel. Mei syn eksperimenteel stik In deserteur,  wûn er yn 1973 de Fryske Toanielpriisfraach. It derop folgjende jier hat Tryater it stik foar it fuotljocht brocht. Yn 1980 spile Tryater fan Terpstra it jûnfoljende stik Ik bin de rjochter. Doe’t Arjen Terpstra 29 wie sloech er oare wegen yn, hy begûn mei in stúdzje filosofy oan de universiteit fan Grins. Dêr wie er noch mar krekt mei út ein set doe’t er skriuwer/sjoernalist Klaas Jansma trof; dy stelde him út om tegearre in parseburo te begjinnen. De ûndernimming hie sukses en al gau hie Terpstra it sa drok dat der gjin tiid foar studearjen mear oerbleau. Nei fiif jier fûn er it tiid foar wat oars, it buro wie doe útgroeid ta in ynternasjonaal parse- en reklameburo. Syn kreativiteit en syn driuw nei feroaring brocht him op hiel ferskillende wegen. Hy hat in syljacht ûntwurpen dêr’t grutte fraach nei is, mar hy wie ek direkteur fan in filmmaatskippij. En fan in cd-bedriuw dat yn koarte tiid in grutte omset helle út it ferkeapjen fan goedkeape cd’s fia ûnder oare drogisterij Kruidvat. Terpstra is aktyf op ûnderskate mêden fan publisiteitsmedia. Neidat syn earste bedriuw fallyt ferklearre wie, rjochte er letter in selde soarte bedriuw op. Fan dat bedriuw, de Foreign Media Group, waard Terpstra presidint-kommisaris.
Hy krige doe mear tiid om dat te dwaan wat er al lang woe, in boek skriuwe. Neidat er de, troch de KFFB yn 2007 útjûne, memoires fan syn heit lêzen hie, wist er ek wêr’t er oer skriuwe woe. Oer it wjerfarren fan de nei Amearika emigrearre famylje fan syn mem. Syn heit hat der yn syn memoires net in wurd oan wijd, wylst it yn it libben fan syn mem in yngripend barren west hat.  
De famylje emigrearre yn de jierren tritich. Arjen syn mem Anneke soe ek mei, mar se hie krekt dêrfoar ferkearing krigen mei har lettere man, Piter Terpstra, en bleau dêrom yn Fryslân. Sy fûn it dreech om sûnder har famylje efter te bliuwen. Arjen hat letter de famylje yn it lân dat ek syn hert hat, Amearika, geregeld opsocht. It lân appelearret oan syn eigen gefoel fan frijheid en fuort wolle. Yn syn reizen troch de Feriene Steaten hat er lânskip en bewenners aardich kennen leard, boppedat is Terpstra ridlik op ’e hichte mei de moderne Amerikaanske literatuer.
Yn 2008 ferskynde syn debútroman De hearen fan Fryslân. De haadpersoanen yn it ferhaal, de twilling Tsjalling en Tseard, binne tige ferskillend fan aard. Tseard is rêstich, in echte boeresoan, it leafst thús op de pleats oan it wurk, yn tsjinstelling ta Tsjalling, dy’t fol ûnrêst sit en fuort wol. Beide bedarje úteinliks yn Amearika, dêr’t it ferhaal him ek foar it grutste part ôfspilet. Terpstra lit yn de roman fiksje en wurklikheid trochinoar rinne, de wederwaardichheden fan syn famylje rinne troch dy fan it ploechje emigrearre Fryske boeren hinne. It sintrale tema fan it boek, de striid tusken ferantwurdlikheid en langstme, stiet ticht neist wat de skriuwer sels yn syn eigen libben ûnderfûn hat.
Arjen Terpstra skriuwt yn it Frysk omdat dy taal him as skriuwtaal it bêste leit. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 5-9-2008) seit er dêr oer: ‘As ik yn it Hollânsk oer in bûthús skriuw-ik wit net iens wat dat yn it Hollânsk is- rûk ik it net, yn it Frysk wol. Yn it Frysk kin ek folle mear, it Hollânsk is fierste strak. Yn it Frysk plakst alles lekker oan elkoar: watsto, datsto. Yn it Hollânsk bliuwt dat hiel formeel ‘wat jij’ en ‘dat jij’. Dat it Frysk sa’n moaie taal is, ûntdekte ik pas doe’t ik it skreau.’

Wurk

Proaza
2008 : De hearen fan Fryslân (roman)
2010 : It Eagleton Segel

Toaniel
1973 : In deserteur
1980 : Ik bin de rjochter

Prizen
1972 : 1e priis Fryske toanielpriisfraach 1972 foar In deserteur
2010 : Rink van der Veldepriis foar De hearen fan Fryslân

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Tresoar, 19-1-2009