Berne: 29-12-1919, Ljouwert
Ferstoarn: 26-01-2006, Ljouwert

Libben en wurk

Piter Terpstra is te Ljouwert berne op 29 desimber 1919. Doe’t er trije jier wie ferhuzen de Terpstra’s nei De Lemmer, dêr’t Piter syn heit in boekhannel anneks lêsbibleteek hie.

Neidat er yn 1937 mei in MULO-B diploma fan skoalle kommen wie, woe Terpstra graach de sjoernalistyk yn, mar de tiidsomstannichheden makken, dat er de earste jierren noch yn heite boekhannel bleau. Underwilens begûn er wol al te skriuwen. Nei de oarloch hat er him folslein op de skriuwerij talein. As selsstannich sjoernalist wurke er foar ûnderskate kranten ek bûten Fryslân. Hy skreau yn dy tiid in soad boeken yn opdracht. Werom yn Fryslân fêstige Terpstra him wer yn syn bertestêd en dêr is er ek altyd wenjen bleaun. By it berikken fan de leeftiid fan 65 jier hie Terpstra syn sjoernalistyk wurk al hast hielendal dellein, mar hy skreau noch al columns, kommentaren, resinsjes, toanielkritiken en skôgings, sawol foar de krante as foar omrop Fryslân. Dêrnjonken hold er him benammen dwaande mei it skriuwen fan romans, dokumintêres en harkspullen, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Terpstra krige syn grutste bekendheid doe’t er nei it ferstjerren fan Havank (Hans van der Kallen, 1904-1964), dy syn rige oer ‘De Schaduw’ oernaam en fuortsette.

Wurk
De literêre produksje fan Piter Terpstra kin sûnder mis ta ien fan de grutste út de Fryske literatuer rekkene wurde. Skreau er yn it earstoan literêre, fernijende romans, letter lei er him ta op it skriuwen fan histoaryske romans oer bekende persoanen út it Frysk ferline. Sa skreau er in rige fan trije romans oer de dichter Gysbert Japiks: de earste De dei is forroun (1972) beskriuwt de lêste pear moannen út it libben fan de dichter, de folgjende twa Mjitter fan ús jierren (1989) en Bewarje myn namme (1993) beskriuwe Gysbert Japiks as jonge en as wat âldere man. De roman Wolken en stjerren giet oer it libben fan Eise Eisinga. Yn it Hollânsk skreau er in searje fan trije romans dy’t dokter Eeltsje Halbertsma en dy syn famylje as ûnderwerp hawwe.

Terpstra debutearre yn 1941 yn It Heitelân mei proaza en poëzy, mar as dichter hat er him net faak mear hearre litten. Syn earste Fryske roman wie it yn 1947 útkommen detektiveferhaal It geheim fan Osingastate. It boek waard itselde jiers al folge fan De trein fan healwei achten. It earste boek mei wol wat in literêre pretinsje wie de psychologyske roman Fjouwer minsken yn in stêd fan 1956. It totale oeuvre fan Terpstra omfettet sa’n 125 titels. Foar in grut part binne dat yn it Nederlânsk skreaune gelegenheidsútjeften, lykas tinkboeken, boeken oer aktuele ûnderwerpen, histoaryske, dokumintêre boeken en folksaardige romans. De Fryske romans dy’t er skreaun hat, hearre ta it bêste fan syn wurk. De skriuwer koe knap in tiidsbyld oproppe. Syn romans berêste op histoaryske feiten, mar, benammen by it útbyldzjen fan syn romanfigueren moast er op syn fantasij te seil gean.
Piter Terpstra hat ek frijwat toanielwurk skreaun. Grut sukses hie er mei syn stik De triljende ierde oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
Under de neioarlochske Fryske proazaskriuwers is Terpstra de skriuwer foar in breed publyk, mar hy wurdt net beskôge as leveransier fan maklike ‘hy-en-sy’-romantsjes of as skriuwer fan tradisjonele kristlike folksboeken. Syn ûnderwerpen binne aparter en ek wat opset en útwurking fan syn romans oangie, socht er nije paden. Benammen yn Fjouwer minsken yn in stêd, in ‘simultaanroman’, dêr’t er fjouwer romanfigueren yn folget yn har deistige dwaan en litten en yn har bewegingen troch Ljouwert hinne, hat er besocht moderne stylmiddels ta te passen en mei de struktuer te eksperimintearjen.
Piter Terpstra wie de earste Fryske skriuwer, dy’t as dekôr fan syn romans net mear útgie fan it plattelân en it agrarysk fermidden. Sels hat er it grutste part fan syn libben yn de stêd wenne, en syn romanfigueren binne dan ek fakentiids stedsbewenners: dokters, sjoernalisten, keaplju, ûnderwizers en minsken dy’t op in kantoar wurkje. It binne ek gjin minsken dy’t woartele binne yn har bertegrûn, mar it binne sykjende minsken dy’t fakentiids ûnderweis binne. Syn romanfigueren binne net maatskiplik slagge en lokkige minsken, mar se binne mankelyk en fiele har net teplak op it stee dêr’t se ferkeare. Dy pessimistyske fyzje op it libben en op it minskdom yn it wurk fan Terpstra wie yn dy tiid, de jierren fyftich, nij yn de Fryske literatuer. Hy wie dêr earder mei as skriuwers as Wadman en Riemersma. Dochs hat it wurk fan Terpstra net deselde literêre hichtepunten opsmiten as Wadman en Riemersma sjen litten hawwe. Nettsjinsteande it feit dat er ek altyd flink wat krityk op de manier fan wurkjen fan Piter Terpstra wie, waard syn literêre wurk oer it algemien posityf ûntfongen. De roman Fjouwer minsken yn it stêd (1956) hat de measte literêre kwaliteit. It boek is yn 1995 werprinte yn de rige Fryske Klassiken. De opset fan Fjouwer minsken yn in stêd wie nijsgjirrich, de libbens fan de fjouwer haadpersoanen wurde in tiidlang folge en komme oan ’e ein fan it boek yn in soarte klimaks byelkoar. Ek oan de roman De wrâld is der op tsjin (1967) is te fernimmen dat Terpstra der slach fan hie om in kompleks ferhaal op papier te setten. De roman 80.000 minsken yn in stêd fûn Terpstra sels in ferbettering fan Fjouwer minsken yn in stêd, mar de roman waard minder goed ûntfongen. De krityk bestie foar in part út it feit dat er de psychologyske ûntjouwing fan de beide froulike haadpersoanen , dy’t in lesbyske ferhâlding hawwe, mear as sjoernalist dan as romansskriuwer beskriuwt.

Nei dizze romans lei Piter Terpstra him foaral ta op it skriuwen fan, de al earder neamde, histoaryske romans.

Wurk

Romans
1947: It geheim fan Osingastate (2de pr. 1976, yn 1976 oerset troch P. Terpstra)
1947: De trein fan healwei achten
1956: Fjouwer minsken yn in stêd (2de pr. yn 1973, lêste pr. yn 1995 yn de rige Fryske Klassiken, mei in artikel fan Tineke Steenmeijer-Wielenga: Oer skriuwer, boek en útjeften. Yn 1999 Nederl. oersetting: Vier mensen in een stad, Grote Letter Boeken)
1959: Soldaten en muzikanten
1967: De wrâld is der op tsjin (2de pr. 1976)
1972: De dei is forroun (3de pr. 1997, yn 1981 oerset troch Sigrid Terpstra, De dag is voorbij)
1958: De kimen lizze to fier (oerset út it Nederlânsk yn it Frysk troch Simke de Haan) (2de pr. 1976)
1976: 80.000 yn in stêd
1989: Mjitter fan ús jierren (Histoaryske roman oer Gysbert Japicx)
1993: Bewarje myn namme (Histoaryske roman oer Gysbert Japicx)
1994: Wolken en stjerren (roman oer Eise Eisinga)
1997: Earste snie. Roman oer in eilân.
1999: In flechteling
2000: Kom oer it wetter
2003: Gysbert Japiks trilogy

Oantinkens
2007: Piter Terpstra, skriuwer

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Ynterview fan Tiny Mulder mei Piter Terpstra oer syn boek "De dei is forroun" (Omrop Fryslân, 1972)

Opnamen fan Pieter Terpstra by Operaesje Fers

© Tresoar, 15 okt. 2007

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Piter Terpstra op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.