Berne: 21-03-1987, Dokkum

Libben en wurk

Geart Tigchelaar waard grut yn Damwâld. Hy gie dêr nei mafû de Saad, folge dêrnei de hafû fan it Dockinga College yn Dokkum en helle doe syn propedeuse fan de pabû oan de CHN (no Stenden Hegeskoalle) yn Ljouwert.

Syn leafde foar it Frysk brocht him doe op it paad fan de bachelor- en masterstúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Aldfrysk fûn hy ien fan de moaiste fakken. Neitiid helle er ek syn bachelor foar dosint Nederlânsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert.

Yn syn studintetiid yn 2007 rjochte er yn ’e mande mei trije meistudinten (Dirk Jan Muntendam, Jurrit Jan de Jong en Truus de Vries) stúdzjeferiening Skanomodu op. It bestjoer seach de needsaak fan in ferieningsblêd en joech de oantrún ta Skanoskrift. Geart wie trije jiergongen, fan oktober 2007 oant simmer 2010, haadredakteur fan it blêd, mar ek letter levere er bydragen. Yn dy tiid begûn syn ynteresse foar it skriuwen. Mei Dirk Jan Muntendam as ko-auteur skreau er it boek De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen: in frije bewurking fan de Kening Arthur Saga (2010), dat ûnder it pseudonym Geart Jan Tigcheldam yn eigen behear útjûn waard by gelegenheid fan it ôfskied fan dosint Pieter Breuker by de oplieding Fryske taal en kultuer.

Yn 2011 ferskynde syn debút Lúshâlding, in allegoarysk ferhaal oer in luzefamylje. Njonken it skriuwen fan proaza skriuwt Geart ek poëzij en boekbesprekken. Hy is sûnt 2010 redakteur fan literêr tydskrift Ensafh en publisearret der syn wurk, op papier of yn de webedysje. Hy is ek ferantwurdlik foar it twitter-akkount fan Ensafh dêr’t hy geregeld in tweet ('literêr tweltsje') foar ferstjoert. Yn ’e mande mei oare skriuwers en mei de de oprjochters fan útjouwerij Regaad toerde Geart yn april 2014 troch de provinsje mei de Fryske Horrortour. Letter yn 2014 sette er him nei wenjen yn Denemarken.

Yn 2016 publisearre er yn koarte tiid de dichtbondel leech hert yn nij jek en de roman Bêste jonge. Eppie Dam wie yn de LC (11-03-2016) fan betinken dat Fryslân der in dichter by hat: 'Dêr't de gedichten de wriuwing tusken skjin skip meitsje moatte en tagelyk fêsthâlde wolle oan it fertroude, it skerpst ferwurdzje, is Tigchelaar op syn bêst.  Nei de presintaasje fan dy roman is Tigchelaar begûn oan in fytstocht oer de wrâld.

Literatuer is ien passy fan Geart Tigchelaar, muzyk is de oare. Hy fersoarge oant 2014 it slachreau foar de Fryske rockband Kramtried. Hy hat dy band tegearre mei syn broer Eibert oprjochte.

Fytsreis om de wrâld, eigen bloch


Bibliografy

Proaza

2010: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen: in frije bewurking fan de Kening Arthur Saga (mei ko-auteur Dirk Jan Muntendam, ûnder it pseudonym Geart Jan Tigcheldam)
2011: Lúshâlding
2016: Bêste jonge

Poëzy
2016: leech hert yn nij jek

Oersettingen
2015: Erik of it lyts ynsekteboek. Godfried Bomans.

Literêre prizen
2016: Obe Postmapriis foar Erik of it lyts ynsekteboek
2017: Douwe Tammingapriis foar leech hert yn nij jek

Mear oer libben en wurk Geart Tigchelaar
Sietse de Vries, fraachpetear LC 21-10-2011
Oankundiging horrortour, NNOF 18-04-2014
Nijsartikel fytsreis LC 09-02-2016

© Tresoar, 10-06-2014 / 03-12-2014