Berne: 7-02-1943, Hallum

Libben en wurk

Rommert Tjeerdsma waard berne yn Hallum en die syn wurk as postamtner earst yn Ljouwert en letter yn Stiens. Earst nei syn pinsjoenearring is er mei skriuwen begûn.

Tjeerdsma is troud mei de dichteresse Jelly Keekstra en wennet yn Marrum.

Rommert Tjeerdsma hie al betiid in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hie. It feit dat jo troch it lêzen fan letters bylden en dreamen oprôpen en dêrtroch yn in oare wurklikheid en in oare wrâld ferkeare koenen, hat him altyd fassinearre. Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie. Yn it Friesch Dagblad folgen yn 2003 koarte ferhalen. De lêste jierren hat de skriuwer de fêste rubryk ‘Kafee Rom Sicht’ yn Lyts Frisia. Fan 2005 ôf lei Tjeerdsma him inkeld út op it skriuwen fan proaza. Sa ferskynde syn debútroman Brekpunt yn 2006: in beskriuwing fan in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Yn 2009 ferskynde Frij as de wyn, mei as tema de grutte tsjinstellings tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847.

Wichtichste wurk

Proaza

2006: Brekpunt
2009: Frij as de wyn
2010: Reboelje yn Kollumerlân
2013: Om Doutzen
2014: Ferliezers
2015: Doutzen ûnder fjoer
2016: De foet by de kûle

Mear oer Rommert Tjeerdsma
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 06-06-2014

(c) Tresoar, 2010