Berne: 20 april 1860, Ljouwert
Ferstoarn: 12 maaie 1930, Den Haach

Libben en wurk

Piter Jelles Troelstra waard te Ljouwert berne op 20 april 1860. Fan 1868 oant 1875 wenne er te Stiens, dêr't er yn 'e kunde kaam mei it libben op it Fryske plattelân.

Hy folge de h.b.s. en it gymnasium yn syn bertestêd en studearre fan 1882 oant 1888 rjochten yn Grins. Nei syn promoasje festige er him as advokaat en prokureur te Ljouwert. Hy debutearre as dichter yn de skoalkrante fan de h.b.s. en skreau ek noch yn syn skoallejierren Hollânske en Fryske fersen foar de De Oude Huisvriend en Forjit my net! en artikels foar it Friesch Volksblad. Troch kontakten mei Fryske skriuwers as Onno Sytstra, Kees Wielsma en Tsjalling Eeltsjes Halbertsma begûn er him wat langer wat mear te ûntjaan as Frysk dichter en strider foar de memmetaal. Mei Oebele Stellingwerf besocht er fernijing yn it toaniellibben te bringen troch de oprjochting fan de "Fryske keamer Gysbert Japiks" yn 1881. Yn 'e mande mei Onno Sytstra stalde er yn 1881 de bondel It jonge Fryslân gear, in blomlêzing, dêr 't de dichters fan de jongere generaasje har yn presintearren. Yn syn studintetiid sammele er mei P.H. de Groot materiaal foar it Nij Frysk Lieteboek dat yn 1886 ferskine koe. Fan 1888 oant 1890 hie er de einredaksje fan it tydskrift For Hûs en Hiem.

 

Piter Jelles Troelstra troude yn 1888 mei Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer, dy 't in jier earder as berneboekeskriuwster har debút makke hie ûnder it pseudonym Nynke fen Hichtum. Se krigen twa bern: Dieuwke yn 1889 en Jelle yn 1891. Under ynfloed fan Oebele Stellingwerf en Lourens Zandstra krige Troelstra each foar de politike striid. Yn 1890 waard er lid fan de Friesche Volkspartij. Mei 't er him wat langer wat mear roppen fielde ta de sosjale striid kaam syn omtinken foar de advokaatpraktyk oan krapperein. Yn 1893 naam er it beslút Fryslân te ferlitten en him fierder alhiel oan de sosjalistyske propaganda te wijen. Yn 1894 wie er ien fan de oprjochters fan de S.D.A.P.. Yn 1897 kaam er foar dy partij yn de Twadde Keamer. Yn 1900 waard Troelstra haadredakteur fan Het Volk. De Fryske dichter is dan alhiel in Hollânsktalige politikus wurden. Syn houlik mei Sjoukje Bokma de Boer waard yn 1907 ûntbûn; yn 1908 troude er mei Sjoukje Oosterbaan. Doe 't er mei syn jonge frou yn de simmer fan 1909 yn Stiens wie, begûn er fannijs te dichtsjen. Datselde jiers ferskynde Rispinge, in samling fan syn âlde en nije fersen. Nei syn ôfskie fan de polityk yn 1925 sette er him ta it skriuwen fan syn Gedenkschriften. Hy kaam yn 1930 yn Den Haach te ferstjerren.

Foar de Fryske literatuer is Piter Jelles fan belang as dichter fan in grut tal sjongsume fersen. Hy wie te uzes de earste dy 't besocht syn eigen inerlik bleat te lizzen yn poëzy. Nei it befêstigjende en belearende wurk fan de folksskriuwers wie dat wat nijs, dat neifolging fertsjinne en ek krigen hat.

Sûnt 1973 hat de gemeente Ljouwert in kulturele priis foar de letteren ûnder de namme de Piter Jellespriis .

Literatuer (seleksje)

1925: A. Hahn jr. Troelstra in karikatuur
1941: G. Stuiveling. De romantiek in Troelstra’s poëzie. Yn: Rekenschap, s. 168-184
1948: Johan Winkler. Profeet van een nieuwe tijd : leven en streven van mr. Pieter Jelles Troelstra
1952: Jelle Troelstra. Mijn vader Pieter Jelles
1980: Speciale herdenkings “Roos in de Vuist” ter gelegenheid van de 50ste sterfdag van Pieter Jelles Troelstra op 12 mei 1980
1981: Ernest Hueting, Frits de Jong en Rob Ney . Ik moet, het is mijn roeping : een politieke biografie van Pieter Jelles Troelstra
1985: Pieter Terpstra. Pieter Jelles Troelstra : het leven van een strijder
1988: J.J. Kalma. Mr. P.J. Troelstra (1860-1930) : Fries dichter en Nederlands staatsman : bibliografie van werk van en over hem chronologisch bijeengebracht
1988: H.A. Bakker. Pieter Jelles Troelstra aan de Groningse Universiteit 1882-1888 : ‘de meest studentikooze van alle studenten’
1999: Johan S. Wijne. De ’vergissing’ van Troelstra
2010: Piet Hagen, Politicus uit hartstocht, biografy
2010: website IISG, Troelstra syn libbensrin, gronology

Wurk

Dichtwurk

1886: Nei de Stoarm : rym en ûnrym
1909: It Koalsiedterksjen
1909: Rispinge (2e pr. 1920; 3e pr. 1945)
1981: Samle Fersen
1993: Ik ken een meisje in Dokkum : zeven minnegedichten
1999: It sie fan moarn : geselecteerde gedichten

Toaniel
1881: Oan 'e Sédyk
1926: Waar gaan wij heen?
1995: Zijn vrouw: treurspel in vijf bedrijven

Ferskaat
1881: Fryske Brilloftswille : acht foardrachten for de brilloft (almeast mei sang) (2e pr. 1883, dêryn seis stikken mear)
1881: Wiersizzer fan âlde Foekje fan Heech : spjeldeboekje de Fryske fammen oanbean (2e pr. 1978)
1882: It jonge Fryslân : sangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers. [byenoar brocht troch P.J. Troelstra en O.H. Sytstra]
1885: Fy, Lútsen! : iepen brief oan dr. L. H. Wagenaar
1886: Nij Frysk Lieteboek. [fen P.J. Troelstra en P.H. de Groot] (2de pr. 1905; 3de pr. 1916; 4de pr. 1922)
1892-1898 : Van leed en strijd : verspreide stukken (1892-1898)
1910: Fen liet en libben : lêzing (mei oanteikeningen) fen Pieter Jelles hâlden de 30ste fen foarmoanne 1910, for it selskip " Rjucht en sljucht" yn Den Haech
1927-1932: Gedenkschriften : 1: Wording. - 2: Groei. - 3: Branding. - 4: Storm
1966: Wylde hierren en oar proaza

Mear ynformaasje

Gedichten fan Piter Jelles Troelstra by Operaesje Fers


© Tresoar, jannewaris 2005