Berne: 07-05-1900, Nijeberkeap
Ferstoarn: 303-10-1975, Snits

Libben en wurk

(Dizze tekst is foar it grutste part oernommen út in kollum fan Pieter de Groot, sjoch foar in link hjirûnder)

Bauke – de frysksinnigen woene hawwe: Bouke – Tuinstra waard berne te Nijeberkeap, groeide op yn Tsjalbert, gong nei de HBS op it Hearrenfean, wurke nei in stúdzje notarieel rjocht ûnder oare as kandidaat by notaris Sjirk Linzes van der Burg te Makkum en rekke lang om let te stoel en te bank as notaris te Wommels.

Hoewol’t syn âlden, beiden Wâldsjers, Frysk praten, brochten se Bauke yn it Hollânsk grut. It Frysk skriuwen learde er himsels oan sûnt er mei fakânsje by in omke yn de jiergongen fan it tydskrift Ferjit my net omblêde hie. Syn each foel op in sechje dat him syn libben lang bybleau: ‘It is in âld teltsje, op stront draait it út, sa is it wol faker by eintsjebeslút’. ‘It mâle en it moaie, dêr haw ik altiten aardichheid oan hân’, sei de man dy’t troch syn kreaze klaaiïng en syn ivige dwersstrikje by it establishment rekkene waard, mar in rebelse aard hie.

Wurk, tematyk en resepsje
Op syn achttjinde debutearre er yn Frisia, it blêd fan de Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma, by wa’t er it net lang úthâlden hat. De ‘liturgy fan de ferhearliking’ sinnige him net. Leaver briefke er mei de Flaamske skriuwers fan Het Fonteintje, de groep om Richard Minne hinne, dy’t de Earste Wrâldoarloch meimakke hiene en literêr ferarbeiden. Sels waard er echt literêr warber yn De Holder (1926-1929), it blêd fan syn freon Jelle Brouwer, dy’t him oantrune om koarte ferhalen te skriuwen. Op dy ‘sketsen’, in populêr sjenre yn dy jierren, die er o sa syn bêst, hy slipe en beslipe syn wurden foar’t er se goedernôch achte. Pas yn 1937 kaam it ta in publikaasje yn boekfoarm: de novelle Hwet scil it libben ús bringe, letter opnommen yn syn sammelbondel Earste keur. Yn de koart foar syn ferstjerren yn 1975 ferskynde ferhalesyklus Ealse en ik liet er fannijs sjen dat er gjin skriuwer wie fan hurde stappen gau thús. Hy makke stilistyske juwieltsjes as in ympresjonist syn skilderij.

Oare warberheden
Tuinstra hat ek warber west as toanielskriuwer en regisseur en hat yn de jierren ’50 mannich Fryske boekejûn yn Boalsert opfleure mei eigen koartswilige teksten. Mar earst en meast wie er in organisaasjeman, dy’t him ynsette foar keunst en kultuer. Hy wie fûl anty-Dútsk. Doe’t de Dútskers yn 1941 it Boun fen Fryske Kunstners ynliivje woe by de Kulturkammer, twivele er gjin amerij, hy liet it bûn ynsliepe. Nei de oarloch skodde er it bûn wer wekker, dat yn him in redenrike en swierige foarsitter krige. Syn yn it lêst fan de oarloch yn it geheim skreaune keunsterapport waard de basis foar it nei-oarlochse Fryske kultuerbelied, dêr’t de Fryske Kultuerried út fuortkommen is. Wizer as mei syn ridderoarder fan Oranje-Nassau - ‘ik bin sa read as in kraal’ – wie er dan ek mei de gouden spjelde fan dy Ried, al waard de nei-oarlochse wurklikheid in oarenien as wat him as ideaal foar eagen stien hie: ‘Wy ha de reinbôge sjoen, mar binne der net oan takommen.’

(Mei tank oan Pieter de Groot [1])

Boarnen foar dit stik

[1] Leeuwarder Courant, 16-09-2016

Bibliografy
Romans
1937: Hwet scil it libben ús bringe (novelle)
1949: Earste Keur (samle wurk)
1975: Ealse en ik (ferhalesyklus)

Toaniel
1929: As dy oare der net west hie (mei Jelle Hendriks Brouwer)

Ferskaat
1954: De bûnte akster (samle kabaretteksten, mei S.J. van der Molen)

Mear ynformaasje oer Bauke Tuinstra

Leeuwarder Courant, 04-10-1975

©Tresoar, 02-11-2016