Berne: 18-03-1966, Ie

Libben en wurk

Eelkje Tuma is berne yn Ie, in doarpke oan de noardkant fan Dokkum. Se groeide op yn in middenstânsgesin, har âlden hiene lange jierren in winkel yn Ie.

Nei de middelbere skoalle studearre Eelkje kulturele antropology oan de universiteit fan Amsterdam. As ûnderdiel fan har oplieding bestudearre se begraffenisrituelen foar it kultuerhistoarysk museum yn Luleä, in stêd yn it noarden fan Sweden. Dêr learde se har man kennen. Nei har ôfstudearjen gie se werom nei Luleä, dêr is se troud en hat se har nei wenjen set. Tuma wennet no mei man en bern noch noardliker yn Sweden, boppe de poalsirkel.

Skriuwer
Skriuwe die Tuma al lang. As bern skreau se ferhalen foar har sels, mar se naam har ek al jong foar om ea noch ris in roman te skriuwen. Se debutearre as skriuwster mei in Frysk ferhaal yn in sammelbondel mei de titel, Mijn refrein is anders (1984). De bondel wie in inisjatyf fan dosinten en learlingen fan it Lauwerscollege yn Bûtenpost, ta gelegenheid fan it 10 jierrich bestean fan de skoalle. De skoalle hat it boek ek útjûn. De gelegenheid om in roman te skriuwen krige se neidat se har yn Sweden festige hie. De keunst seach se min of te mear ôf fan har man, dy’t syn brea fertsjinnet mei it skriuwen fan berneboeken, toanielstikken, poëzy en televyzjedrama.

Debút
Literêre ynspiraasje helle se út de moderne literatuer, ûnder oaren troch it lêzen fan jongere Fryske auteurs. Har debútroman Leafste lea, ferskynde yn 1996. De haadpersoan, de jonge studinte Riemkje, ferhuze krekt lyk as Eelkje sels, foar har stúdzje nei Amsterdam. Riemkje kaam út in behâldend miljeu, mei in dominante en bemuoisuchtige mem. Yn Amsterdam besiket de jonge frou har los te weakjen fan har eftergrûn en in eigen libben op te bouwen. In wichtige rol yn dat proses spilet har lesbyske ferhâlding mei har freondinne José.
De roman is net autobiografysk, al barre der wol dingen dy’t Eelkje Tuma sels ek ûnderfûn hat. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries sei de skriuwster dêr oer dat se wit hoe betiizjend oft it wêze kin om jin as jonge frou fan it plattelân in plakje yn it moderne stedslibben feroverje te moatten: ‘Men hat gjin foarbylden fan hûs út mei krigen fan froulju dêr’t men jin oan spegelje kin en dat makket it noch slimmer om jins eigen rol te finen. Ik ha fan Riemkje mei opsetsin in wat saaie persoan makke, ien dy’t hiel foarsichtich is en neat fan harsels sjen lit. Dat makke it konflikt neffens my ynteressanter’ (Leeuwarder Courant, 22-11-1996).
Troch de ferskate besprekkers waard it boek ridlik posityf ûntfongen. Harmen Wind (Boekekatern Frysk & Frij, febrewaris 1997) is posityf oer opbou en gong fan it ferhaal, krityk hat er op de neffens him te opperflakkige petearen. Sa no en dan fynt er boppedat it taalgebrûk net hielendal passen. Jelle Krol (Leeuwarder Courant, 29-11-1996) neamde de roman út emansipatoarysk eachpunt net fernijend, omdat de lesbyske ferhâlding gauris op in stereotipe manier beskreaun wurdt. Mar technysk besjoen fûn er de roman knap skreaun en foar in debutante fan 30 jier yn hast fertocht geef Frysk. Dy lêste opmerking rôp nochal wat reaksjes op. Minsken as Tony Feitsma en Trinus Riemersma lieten yn ynstjoerde stikken en in artikel yn Frysk & Frij witte wat se fûnen fan it taalgebrûk yn Tuma har roman en fan de opmerking fan Krol.

Wurk

Romans
1996 : Leafste lea
2009 : Paadwizer

Tresoar, 20-03-2009