Berne: 12-03-1890, Wergea
Ferstoarn: 31-12-1968, Drachten

Libben en wurk

Barend van der Veen waard berne yn Wergea as soan fan Piter van der Veen en Janke Sinnema. Yn 1913 troude er mei Martsje Wiersma en fêstige er him yn Menaam, dêr’t er acht jier kapper wie. Se krigen fjouwer bern: Janke, Tjitske, Martsje en Piter. Yn 1921 ferfear er nei Dokkum, dêr’t er behearder waard fan ‘It Noorderkwartier’, it hielûnthâldersgebou.

Lês mear...

Berne: 23-01-1959, HILAARD

Libben en wurk

Jabik Veenbaas waard berne yn Hilaard, in doarp yn de greidhoeke tusken Ljouwert en Snits. Dêr is er ek opgroeid. Neidat er oan it kristlik gymnasium te Ljouwert syn diploma helle hie, ferhuze er nei Amsterdam. Hy studearre Ingelsk oan de Universiteit fan Amsterdam en Frysk en Wiisbegearte oan de Vrije Universiteit (VU). Hy hat fan skriuwen syn berop makke: Veenbaas is oersetter, kritikus, dichter en skriuwer.

Lês mear...