Berne: 06-10-1961, Ousterhaule

Libben en wurk

Foppe Venema studearre skiednis, Frysk en Dútsk. By einsluten kaam er fia Grins, Amsterdam en Dresden yn Frankryk telâne, dêr’t er sûnt 1993 yn Grenoble wennet. As learaar ierdrykskunde en skiednis wurket er yn ’e omkriten fan Genève, dêr’t er ferbûn is oan in ynternasjonaal lyseum. Wenjend yn it bûtenlân skriuwt er yn it Frysk om, sa’t er it sels sei, ‘mei it heitelân en it eigene yn kontakt te bliuwen’.

Tematyk en resepsje
It dichtwurk fan Foppe Venema is licht fan toan. Ut Frankryk wei sjocht er fakentiids mei fernuvering en irony nei Fryslân. Ek tema’s as jonkheid, rebûlje, religy, muzyk en literatuer komme yn syn gedichten oan bod.
Syn earste bondel In slach om ’e pleats (2004) waard wikseljend ûntfongen. Henk van der Veer [1] priizget de dichter om syn ienfâldige styl, it minimum oan stilistyske middels en de mankelike ûndertoan. It lêste wurdt ûnderskreaun troch Jelle van der Meulen, al tinkt dy net dat de bondel in soad yndruk meitsje sil op literêre fynpriuwers, dêrfoar fynt er dit wurk te licht. Pier Boorsma [2] hat foaral krityk op de rymjende fersen. Hy sinjalearret in oerskot oan stoplapen en te min talint om it dichtsjen yn dy kategory ta in goed ein te bringen. Dat fynt ek Babs Gezelle Meerburg: ‘Dizze dichter kin wol rymje, net dichtsje’ [3].
Syn twadde bondel Le Tour de Frise waard publisearre yn 2013. De tema’s fan de earste bondel komme hjir werom, de boartlike behanneling ek. Eppie Dam fûn dat Foppe Venema tefolle driuwt op syn fynsten: ‘…hy moat him tagelyk beheine en soargje dat syn fynsten gjin útfynsten wurde.’ Dan hie Dam mear wurdearring foar de minder rymjende fersen: ‘Venema op syn bêst lit sjen dat er wol wat yn ’e marse hat.’ [4]

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
[1] de Moanne/Trotwaer, 21-04-04, en op eigen webside
[2] FD 03-03-2004
[3] LC 12-03-2004
[4] LC 26-07-2013

Bibliografy

Poëzy
2004: In slach om ’e pleats
2013: Le Tour de Frise

Prizen

1998: Rely Jorritsmapriis foar ‘Betinkingsdei’ (gedicht)
2001: Rely Jorritsmapriis foar ‘Aldfaars erfrûte’ (gedicht)

Mear oer libben en wurk
Jelle van der Meulen, http://www.frieseliteratuur.nl/venema-foppe/ 


Tresoar, 01-06-2016