Berne: 17-07-1949, SNITS

Libben en wurk

Willem Verf hat syn jeugd trochbrocht yn Snits, it plak dêr’t er berne is. Nei it Bogerman Lyceum yn syn wenplak folge er in stúdzje oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middelloo yn Amersfoort.

Nei syn ôfstudearjen gie er werom nei Fryslân, tegearre mei syn frou sette er him nei wenjen yn Ikkerwâld (no Damwâld). Hy krige in baan as foarmingslieder yn Beetstersweach, en nei in ferskaat fan funksjes yn it jongereinwurk, de folwoeksenenedukaasje en de arbeidsbemiddeling waard er yn 1996 direkteur fan de Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden (HWL). Verf hat him altyd belutsen field by dyselden yn de maatskippij dy’t it dreech hawwe om meidwaan te kinnen. Dat utere him yn syn wurk en oplieding, mar ek yn politike aktiviteiten. Earst by de Politike Partij Radikalen (P.P.R.) en neidat dy partij opgien wie yn Grien Links foar dy partij. Fan 1994 oant 2004 wie Verf fraksjefoarsitter fan Grien Links yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Op de middelbere skoalle die syn ynteresse yn skriuwen al bliken, hy siet bygelyks yn de redaksje fan de skoalkrante en skreaun no en dan foar Hitweek. Doe ûntstie by him al it idee om ea noch ris in boek te skriuwen. Yn 1980 stjoerde er it manuskript fan in roman nei de sjuery fan de Rely Jorritsma-priis. Dy oardiele dêr posityf oer,  it resultearre yn in oanmoedigingspriis. Hy krige it advys om noch ris kritysk nei it ferhaal te sjen en it op guon plakken oan te passen en te bewurkjen. Verf hat dat opfolge en it resultearre yn 1982 yn it útkommen fan syn debút, de roman: It bliuwt pielen. Yn it ferhaal, dat him ôfspilet oan it begjin fan de tweintichste ieu, lit Verf sjen wat de sosjale striid fan de fean- en lânarbeiders doedestiids betsjutte foar it libben fan de minsken dy’t dêrby belutsen wiene. Syn libbene wize fan skriuwen en de sterke beskriuwing fan benammen de frouljusfigueren yn it boek makken syn debút ta in tige lêzensweardige roman. It waard ek troch de ferskate besprekkers posityf wurdearre, al hie benammen Tineke Steenmeijer-Wielenga krityske opmerkings oer de opbou en it net konsekwint útwurkjen fan guon haadstikken en de deryn foarkommende persoanen (Leeuwarder Courant, 21-08-1982).

In jier letter kaam fan Verf in ferhalebondel út ûnder de titel: In delgeande tiid en oare plysjeferhalen (1983). Yn tsjinstelling ta wat de titel suggerearret binne it net plysjeferhalen yn de wênstige betsjutting fan it wurd, mar spylje plysjeminsken in sydlingse rol. Yn de tiid dat Willem Verf de ferhalen skreau, stie er as jongereinwurker temidden fan de jongerein dy’t as kânsearm, drop-outs of rânegroepjongerein typearre wurde. Yn dat fermidden spylje de ferhalen yn de bondel har ôf, jongerein yn in útsichtleaze situaasje mei problemen dy’t har geregeld yn oanrekking mei de plysje komme litte. Ek dizze bondel waard wer posityf ûntfongen, Willem Verf krige der de doe krekt troch de provinsje ynstelde Fedde Schurer-priis foar. Yn jannewaris 1984 stelde de provinsje twa nije literêre prizen yn; de Fedde Schurer-priis foar debutanten en de Obe Postma-priis foar oersettings. Willem Verf wie sadwaande de earste debutearjend skriuwer dy’t dy priis yn ûntfangst nimme mocht.

De twadde roman fan Verf kaam yn 1987 yn it ljocht. Dy roman, mei de titel Tiid fan libjen, spilet him foar it grutste part ôf yn it noard-Dútske Sealterlân. Eelke, de haadpersoan, is learaar sûnder wurk. Yn it ferline hie er al ris it grut-rydbewiis helle; as tydlik frachtwein-sjofeur bedarre er, mei pech, by in tal froulju en it soantsje fan ien fan harren, op in grutte suterige pleats yn it plakje Scharrel. By tafal komme de bewenners, en Eelke, der efter dat de efterein fan de pleats ferhierd is oan in ploechje neo-nazi’s. Der blike konneksjes te wêzen mei groepen oant yn Libanon ta. De spannend skreaune roman lêst flot en krige goede kritiken. Besprekker Anne Wadman wie yn syn krityk (Frysk&Frij, 07-11-1987) posityf oer it ferhaal, mar kritysk oer benammen it wiidweidich beskriuwen fan persoanen dy’t foar it oare in lytse rol spylje yn it boek. Fierders foel it Wadman op dat it taalgebrûk fan Verf wol ris wat al te folle Hollanismen befette.

Op fersyk fan It Fryske Boek skreau Willem Verf de novelle De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy, dat yn 1993 ferskynde as boekewikegeskink. Sintraal stean twa âlder minsken, dy’t opnij fereale wurde. Dêrnei bleau it om de skriuwer Willem Verf hinne in hiel skoft stil, troch syn drokke wurksumheden koe er gjin tiid en rêst fine foar it skriuwen fan in nij boek. It soe oant 2008 duorje ear’t er him wer ta skriuwen sette. Hy naam syn opsparre fakânsjedagen op en sette yn ’e maitiid útein. Fjouwer moanne letter yn augustus fan datselde jier presintearre er syn nije roman It swijen net wurdich. It idee fan de roman hie er al jierren yn ’e holle, it útwurkjen wie in kwestje fan dissipline en steech trochwurkjen. It ferhaal draait om it gesin fan ‘stille Job’ dy’t wennet yn de omkriten fan Damwâld. Job Haalstra, in man dy’t net mear seit as nedich is, syn dochter Nynke, dy’t al fyftjin jier swijend troch it libben giet, en syn beide soannen, de iene troud en de oare frijfeint, allegear oankaam op in krúspunt yn har libben.  

Op libbene wize, yn haadstikken mei wikseljend perspektyf, beskriuwt Verf hoe’t yn ien maaitiid troch de aktiviteiten en aksjes fan de haadpersoanen harren libben yngeand feroaret.


Wurk


Proaza

1982: It bliuwt pielen (roman)
1983: In delgeande tiid (ferhalebondel)
1987: Tiid fan libjen (roman)
1993: De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy (novelle: boekewikegeskink)
2008: It swijen net wurdich (roman)
2013: Bûtenman & Bûtenfrou (roman)

Prizen
1980: Oanmoedigingspriis Rely Jorritsma-fûns foar manuskript It bliuwt pielen
1984: Fedde Schurer-priis foar In delgeande tiid en oare plysjeferhalen

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite


Tresoar, 4-12-2008