Berne: 17-03-1959, Drachten

Libben en wurk

Jaap Veenstra is as dosint ferbûn oan Stenden Hogeschool en wennet yn De Rottefalle.

Jaap Veenstra syn gedichten binne yn ’e regel beskôgjend fan aard. Hy besjocht de meiminske en syn krewearjen mei in myld each. Dêrneist skriuwt er ek gedichten dy’t mear op syn persoanlik fielen yngeane. Dat docht er bygelyks yn syn debútbondel De nacht midstwa yn it religieuze trijelûk . Yn dy fersen beskriuwt er de relaasje tusken minske en God, mei de twivels dy’t dêrmei anneks binne. Folkert de Jong priizget dit debút om de suggestive lading dy’t de dichter syn wurk meijout. Ek sinjalearret er immen dy’t net benaud is om maatskippijkrityske stânpunten yn te nimmen. Minder wurdearring hie er foar de mear anekdoatyske gedichten [1].

Yn 2016 ferskynde de bondel Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Yn dizze twadde bondel hat de tematyk fan de skriuwer him ferdjippe. Fannijs set Jaap Veenstra him ôf tsjin de systemen dy’t de minske bine wolle, oft it no giet om it leauwen of de managementkultuer dy’t hjoed-de-dei foar master opslacht. Abe de Vries [2] stelt yn syn besprek fêst dat it net om maklike kost giet, mar wól kost dy’t wat te melden hat, neffens him in seldsumheid yn ‘it hast ferlitten paradyske fan de Fryske poëzij’. Eppie Dam [3] sjocht it sykjen om ‘ljochtynfal en libbensromte’ as de essinsje fan Veenstra syn poëzy. Dat docht er net allinnich ‘ynholden en fynbesnare’, mar ek troch ‘as in profeet’ út te pakken as dat nedich is. Geart Tigchelaar [4] sinjalearret in 'hechte bondel', al wiist er ek mooglikheden ta ferbettering troch de ynset fan 'in kritysk each en in goeie redaksje', wêrby't er weromwiist nei eardere opmerkingen oer de yn syn eagen oerstallige wiidweidigens dy't er yn guon gedichten sjocht.

Neist it skriuwen fan poëzij en ferhalen is Jaap Veenstra ek ferteller fan (folks-)ferhalen. Hy is lid fan it Rottefalster Fertelkollektyf.

Boarnen foar dit stik
[1] Folkert de Jong, Drachtster Courant 10-12-1986
[2] Abe de Vries, FD 21-05-2016
[3] Eppie Dam, LC 08-04-2016
[4] Geart Tigchelaar, Ensafh 08-10-2016

Wurk

Poëzy
1986: De nacht midstwa
2016: Gatten yn it tek / Gaten in het dak

Proaza
2015: Tusken Leijen en Mûntsegroppe (Ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Rottefalster fertelkollektyf, in bydrage fan twa ferhalen)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 08-04-2016 (fraachpetear)
Friduwih Riemersma, Fers2 15-05-2016

© Tresoar, 13-12-2017