Berne: 20-8-1910 Jiskenhuzen
Ferstoarn: 5-9-2001 BUSSUM

Libben en wurk

Garmant Nico Visser is berne yn Jiskenhuzen as soan fan in skoalmaster. Doe’t Germen (sa’t er neamd waard) in lyts jonkje wie, krige syn heit in beneaming yn Amsterdam. Garmant Visser hat sadwaande it grutste part fan syn jeugd bûten Fryslân trochbrocht.

Nei de middelbere skoalle studearre er sosjale geografy oan de universiteit fan Amsterdam, dêr’t er yn 1935 ôfstudearre. Nei in koarte perioade as learaar yn Alkmaar en inkelde tydlike tsjinstferbannen oan arbeidsburo’s, ûnder oaren yn Ljouwert, hat er lange jierren as sosiograaf ferbûn west oan it Instituut van de Tropen yn Amsterdam. Yn 1963 krige er in funksje as ûndersiker by it Nedersaksysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wenne doedestiids yn Bussum, mar wie troch de wike yn it noarden. Sa hat er in skoft yn Bûtenpost taholden. Syn wurk kaam iderkear mear op it taalkundich mêd te lizzen, Visser behearske ferskeidene frjemde talen wêrûnder it Spaansk en it Portugeesk. Fierders hat er him ferdjippe yn it Mid-Frysk en dan benammen yn it wurk fan Gysbert Japicx. Yn Grins die er ûndersyk nei de 17e- en 18e ieuske East-Nederlânske literatuer.

Dichter

G.N. Visser debutearre as dichter yn 1935 yn it moanneblêd Frisia. It soe oant 1947 duorje eart syn earste bondel, Jolm ferskynde. De titel Jolm betsjut ‘oanspielsel’. De sinyske toan dy’t sprekt út de fersen fan Visser, soargen foar stevige weagen yn de Fryske poëtyske fiver. Foar- en tsjinstanners warden har sadanich dat de redaksje fan tydskrift De Tsjerne yn febrewaris 1949 'de voor Friesland nieuwe figuur van een symposion' (NRC) útskreau. D6er kamen in protte minsken op ôf. Wichtige bydragers wiene ‘pro’ Anne Wadman en ‘kontra’ Fedde Schurer. Op skrift waard de diskusje yn de jiergong 1949 fan De Tsjerne noch in skoft fuortset. De iepenhertichheid yn erotyske saken, de wearze fan boargerlike sede en fatsoen en it sinisme dat sprekt út de fersen fan Visser, wiene de oanlieding ta de heftige diskusjes. Fokke Sierksma (1917-1977) en Anne Wadman (1919-1997) makken dúdlik wat har oanspriek yn it wurk fan Visser, sy seagen dêr: ‘in fertichte utering fan in reëel minsklik protest, as konsintrearre libbensgefoel, as affektive libbenswearde’ yn. Teake Oppewal skreau yn syn ynlieding yn de Spiegel van de Friese Poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994): ‘In Vissers poëzie komt het type van de individualistische en decadente romanticus naar voren, de Don Juan met misogyne trekjes’. Freark Dam skreau yn Tekst en útliz (Afûk): ‘Visser syn bondel Jolm hat, sa soe men efterôf sizze kinne, katalysearjend wurke yn it fernijingsproses dat (ek) de Fryske literatuer ûndergien hat – net sasear wat de foarm, mar wol wat libbensgefoel, toan en tematyk oanbelanget. Yn Jolm binne in tal ûngelyksoartige fersen gearbrocht dy’t opfoelen (en opfalle) troch har sterke yntensiteit en de benearjende persoanlike problematyk dêr’t hja út skreaun binne. Gefoelens fan iensumens, ûnwennigens, erotyske frustraasje en protest tsjin moai-skyn hiene har oant doe ta yn de Fryske dichtkeunst noch net sa oppenearre’.

De twadde bondel dy’t Visser yn it ljocht joech kaam út yn 1964. De bondel krige de titel Agger, dat sokssawat as ‘neifloed’ betsjut. In part fan de fersen dy’t yn Agger opnaam binne, stamme út deselde perioade as dy fan Jolm (1936-1950). De tredde bondel Wyldewrang  ferskynde simmer 1978 by Lykele Jansma te Bûtenpost. Wyldewrang is in oare namme foar hûnebeistâl of bitterswiet. Sa, bitterswiet, soe ek de ferhâlding neamd wurde kinne dy’t de dichter mei Fryslân hie. Oan de iene kant idealisearre er Fryslân as it lân fan dream en winsken, oan de oare kant wiene syn erfarings mei it heitelân fakentiids bitter. Noch ris Teake Oppewal yn ‘De Spiegel’: ‘Visser is de dichter bij wie Friesland tot in het absurde wordt geïdealiseerd, misschien wel omdat hij het grootste deel van zijn leven buiten de provincie heeft gewoond. Uit de poëzie die hij vanaf 1970 publiceert, spreekt toenemende machteloosheid en woede om wat hij als de teloorgang van het Fries ervaart en om het tekort aan Friese strijdlust voor het behoud van de taal. (...) Hij voelt zich in Friesland teleurgesteld en afgewezen als door een vrouw en bespeurt dat zijn poëzie in een bodemloze put van absolute onverschilligheid valt’.

G.N. Visser wie ferheftich yn syn ôfwizen en yn syn leafde foar Fryslân. Yn dy leafde gie er yn de eagen fan guon kritisy te fier, sy typearren Visser as Frysknasjonalist. Eppie Dam skreau yn Hjir (nû. 3, 1990) in artikel oer it nasjonalisme by Visser. As foarbyld by syn fyzje helle er it fers ‘Nordyske geast’ oan. Neffens Dam sprekt dêr in dubieuze geast út. Tiny Mulder skreau oer itselde fers (Friesch Dagblad, 23-09-’78): ‘Is Visser hjir serieus oan it wurd, of moat men dit beflappe ûnder it etiket, dichterlike irony”. It is wol besmet, dus gefaarlik spul’. Datselde frege Willem Abma him ek ôf yn syn besprek fan Wyldewrang (De Koperen Tún, 31-08-’78): ‘Kin dit fers (‘Nordyske geast’) dan net in satire wêze? Immen dy’t de twadde wrâldkriich bewust meimakke hat, hellet it dochs net yn ’e plasse, sis mar harsens, om soks op te skriuwen yn dizze tiid? Men moat yndie betocht wêze op snijende selsspot, irony, synisme, sarkasme (...) by it lêzen fan de fersen fan Visser’.

De Samle fersen fan G.N. Visser ferskynden yn 1989, besoarge troch D.A. Tamminga. De bondel befettet neist it oarspronklike wurk in fyftich fersen ûntliend oan ferskate Romaanske talen en oerset troch de dichter. In priuwke fan syn oersettalint blykte ek by it ferskinen fan de bondel Galisyske Sangen. In kar út de fersen fan Rosalía de Castro (1837-1885), de bondel kaam út yn 1995. It wurk fan de dichteres, fan ienfâldich komôf en libjend yn de noard-westlike Spaanske kustprovinsje Galisië, is útkaam yn twa bondels. Visser hat yn oersetting in karlêzing fan dat wurk gearstald en útjûn. Visser hat ûnder oaren ek oersetten út it Braziliaansk. As opfallend skaaimerk yn sawol syn oarspronklik wurk as yn syn oersettings kin sjoen wurde de ynverzje, it omkearen fan de wurdfolchoarder yn in sin.

Wurk

Poëzij
1947: Jolm
1964: Agger
1978: Wyldewrang
1989: Samle fersen

Oersettings
1956: Pindorama / Pêro Vaz de Caminha (15e ieu)(oersetting út it Portugeesk)
1962: Twa balladen fan de sè: It lied fan de âld matroas / Samuel Taylor Coleridge (1772-1834) – It slaveskip / Antonio de Castro Alves (1847-1871) (oerset tegearre mei Klaas Dijkstra (1924-1997) út respektivelik it Ingelsk en it Portugeesk)
1995: Galisyske Sangen : kar út de fersen fan Rosalía de Castro (oersetting út it Galisysk)


Tresoar, 13-3-2009