Berne: 03-03-1925, IT HEARRENFEAN
Ferstoarn: 18-06-2007, IT HEARRENFEAN

Libben en wurk

Janny van der Knoop waard berne yn It Mear, tichteby It Hearrenfean, dêr’t se ek opgroeide. Se learde foar ûnderwizeres en stie foar de klas oant se troude mei ûnderwizer Geart Vledder, tegearre krigen se trije soannen en ien dochter.

It echtpear Vledder wenne lange jierren yn Grou, dêr’t se beide aktyf wiene yn de mienskip. Sa sette Janny Vledder har yn foar de Grouster ôfdieling fan de PvdA en de Vara, foar har krewearjen foar it Sint Piterfeest waard se yn 2004 beneamd ta Sint Pitergenoat.

Mei skriuwen begûn Janny van der Knoop al op jonge leeftyd, ûnder skûlnamme skreau se in boekje dat noait útjûn is. Efterôf wie se dêr bliid om, de skûlnamme dy’t se betocht hie, Kitty Carson, like hiel bot op dy fan in doetiids bekende bokser, Kit Carson. Nei har trouwen wie it har man dy’t har frege om, yn ’e mande mei twa oare ûnderwizeressen, Jikke Hylkema en Froukje Sinnema, Fryske lêsboekjes foar it ûnderwiis te skriuwen. Doe’t begjin jierren tachtich it Frysk as fak ynfierd waard yn it leger ûnderwiis die bliken dat der te min lêsmateriaal wie. De gearwurking resultearre yn de útjefte fan in rige fan fjouwer lêsboekjes: Hessel de Knyn (Hylkema), Wipke Mosk (Sinnema), Melle Mich en Durk de Kikkert (1961-1962, Vledder-van der Knoop). Tegearre mei har man skreau se; Sinnedagen, Hjertsttriedden en Winterwille. Janny Vledder-van der Knoop skreau gauris op fersyk fan in útjouwer, dat hie as foardiel dat har boeken ek útjûn waarden. Wiene har earste boekjes foaral mearkes, letter waarden se realistysker en giene se oer it gewoane deistige libben. Har ynspiraasje helle se út de belibbenissen fan har bern of út har eigen jeugd.
Begjin jierren tachtich keas de Afûk op de Frankfurter Buchmesse boekjes út dy’t se oersette litte woene. Janny Vledder die dat foar har; út it Frânsk fertaalde se De foks mei de winterjas (1976) en út it Dútsk Motsjebaarch is net sa min (1984). Dernei folgen noch in hiel soad oersettings út ferskate talen fan har hân.
Al ridlik gau ûntdieken se by de Afûk de Max-boekjes fan de Sweedske skriuwsters Barbro Lindgren en Eva Eriksson. Yn it Frysk waard Max Jentsje. De Sweedske boekjes hiene by elke yllustraasje in tekst fan twa of trije wurdsjes, by de Afûk woene se der fjouwer rigelege rymkes by. Janny Vledder makke sels nije ferskes by de yllustraasjes. Sa ûntstiene de Jentsje-boekjes. De boekjes wiene tige geskikt as foarlêsmateriaal en sloegen tige oan. It earste diel út de rige, Jentsje syn koekje, ferskynde yn 1981, it lêste, Jentsje syn sobber, yn 1995. Wol wurde der fan de measte titels wer nije printingen útjûn. Yn 2001 waard, yn in feestlike gearkomste, de 50.000ste Jentsje oanbean oan de skriuwster.
Dêrnjonken hat Janny Vledder in grut tal lêsboekjes foar basis-skoallen skreaun en skreau se sjongstikken en toanielstikken foar bern.
Janny Vledder hie ek in oandiel yn de útjefte fan it Frysk skoalwurdboek : taalstipe foar it basis- en fuortset ûnderwiis (1991), skreaun troch har man, Geart Vledder. Datselde jilde foar it yn 1998 ferskynde Frysk basiswurdboek : foar skoalle en thús.
Yn ’e mande mei de skriuwsters Riemkje Pitstra en Anny de Jong en mei skriuwer Jan Schotanus, skreau Janny Vledder mei oan in rige lêsboekjes foar basisskoallen dy’t as mienskiplik tema ’Op reis’ hiene. It boek fan Janny Vledder, Kamera op Kameroen, wie skreaun foar de boppebou en ferskynde yn 1988.
Nei oanlieding fan har freonskip mei in doarpsgenoatsje, Meinte Sixma, dy’t letter nei Skylge ferhuzet, skreau Janny Vledder it boekje, Meinte ... in bysûndere freonskip (1996).
Foar de krant Mid-Frieslander skreau Janny Vledder-van der Knoop geregeld bydragen foar de rubryk ‘Griemmank’ (1997-2007), de lêsten skreau se út it revalidaasjesintrum fan Anna Schotanus wei.
Janny Vledder-van der Knoop is op 18 juny 2007 ferstoarn yn har wenplak It Hearrenfean.

Wurk: berneboeken
(in seleksje)
1962 : Melle mich
1971 : Fon Teddy en Wûf
1972 : De slyde fon Klaas
1981 : Jentsje syn koekje
1981 : Jentsje syn bear
1981 : Jentsje syn auto
1986 : Jentsje syn pot
1986 : Jentsje syn wein
1987 : Kamera op Kameroen
1988 : Jentsje yn ’t bad
1988 : Jentsje en de lampe
1988 : Jentsje syn bal
1995 : Jentsje syn pemper
1995 : Jentsje syn sobber
1996 : Meinte : in bysûndere freonskip

Tresoar © 18-1-2008