Berne: 10-01-1965, winaam 

Libben en wurk

Abe de Vries is hikke en tein yn Winaam. Hy is pakesizzer fan Abe de Vries sr (1904-1996), dy't in sekere bekendheid hie as optreder op feestjûnen. Hy folge fuortset ûnderwiis oan de RSM Simon Vestdijk yn Harns en studearre dêrnei twa jier politikology yn Amsterdam. Nei it ôfbrekken fan syn stúdzje gie er yn tsjinst en wurke dêrnei noch seis jier op kontraktbasis yn it leger, û.o. as ynljochtinge-ofsier.

Hy waard frege om leden fan it fredesleger yn Bosnië les te jaan oer de achtergrûnen fan it konflikt op de Balkan. Sa begûn er dêr ek oer te publisearjen en bejoech er him yn de sjoernalistyk. Fuort nei de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP, en fan 2000 oant 2006 wie er as redakteur yn tsjinst by it wykblêd Elsevier.

Op 1 oktober 2006 waard er útjouwer by útjouwerij Friese Pers Boekerij/Noordboek as opfolger fan Wim van Dijk; hy wie benadere troch de haadredaksje fan de LC. De útjouwerij waard ein 2006 skikt ûnder Kok-ten Have yn Kampen, in útjouwer fan it mediakonsern NDC/VBK dat yn 2005 foarme wie. De Vries syn optreden wie yn it begjin suksesfol. Hy ferhege de dynamyk yn it fûns en soarge dat der mear titels ferskynden. Doe't de útjouwerijwrâld yn hyltyd swierder waar fersylde, waard Kok-ten Have fan Kampen ûnderbrocht by VBK yn Utert. De FPB/Noordboek koe net mei en der wie ek gjin keaper foar. De útjouwerij krige in apart plak binnen de krantepoat NDC en de personielsomfang waard in stik lytser makke. De Vries stapte op 1 maaie 2011 op. Op syn bloch [1] liet er syn kant fan it ferhaal hearre.

Begjin 2005 folge Abe de Vries Jabik Veenbaas op as proazaresinsint by de Ljouwerter Krante oant syn boppeneamde oerstap nei de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Yn maaie 2011 waard er poëzijresinsint by it Frysk Deiblêd, yn april 2012 by dy krante ek kollumskriuwer. Op dit stuit wurket er dêr as einredakteur.
Syn houlik mei in Joegoslavyske frou rûn út op in skieding. Syn âldste soan Tim wurdt sjoen as in talintfol fioelist. Op syn bloch skriuwt Abe de Vries dêr geregeldwei oer.

Aktivist en blogger
Mei Albertina Soepboer naam Abe de Vries yn 2009 it inisjatyf ta de pubpikaasje fan Giftige Simmer / Giftige Zomer, dêr't hast fyftich skriuwers, fotografen en byldzjend keunstners út Fryslân oan meidiene. Oanleiding wie de bou fan it nije jiskefabryk fan Omrin by Harns, mar it boek waard in eigen lûd tsjin alle ynbrek op it lânskip dy't it sûne ferstân teboppe giet.

Yn 2011 waard De Vries behelle by de groep dy't neitinkt oer Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Op ynternet hat er sûnt desimber 2010 it bloch Seedyksterfeartfisk en in twadde ûnder de skûlnamme de NachtRider, dat ûnderwilens offline is. Fierder skriuwt er Nederlânske literêre kritiken yn de rubryk Studio Oudebildtzijl op literêr webloch De Contrabas (opdoekt augustus 2015) en is er redakteur fan ynternettydskrift Fers2, dat er op 1 jannewaris 2015 tegearre mei Friduwih Riemersma oprjochte.

Om 2013 kearde er him fûleindich tsjin it fersmoargjen fan it lânskip troch it pleatsen fan wynmûnen. Yn 2016 wie er ien fan de oprjochters fan Sis Tsiis, in aksjegroep dy't him sterk makket foar in better plak fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Oansetten ta it dichtsjen

As tweintiger hie De Vries al poëzij skreaun yn it Nederlânsk. Mar it joech him net genôch foldwaning en fan de dichterij kaam earst neat. Yn 2001, doe't er in faze fierder wie yn syn libben, yntusken troud, heit fan twa jonges, syn mem ferstoarn, begûn er op in reis yn Eastenryk wer te dichtsjen, no yn it Frysk. Ut it iepeningsfers fan syn debútbondel: "Oar plak, oare tiid, op reis / myn eigen Donau bylâns, haadstrjitte / fan Europa, hear ik har. / 'Mem' skriuw ik. Net 'moeder'." De Vries waard nijsgjirrich nei Fryske poëzij en lies it wurk fan oare Fryske dichters. Dat rekke him, en hy stoarte him yn de arena fan de Fryske literatuer mei in seldsum fertoande passy. Syn earste fersen ferskynden yn Trotwaer fan 2002 (nûmer 1), en dêrnei ek yn Hjir en op Kistwurk.

Tydskrifteman
Doe't ein maaie 2002 Kistwurk op 'en nij op ynternet ferskynde ('yn 'e kist, út 'e kist', sa't skriuwer en skrepper Eeltsje Hettinga it stelde) kaam Abe de Vries yn de redaksje. Oan de ein fan dat jier rûn Kistwurk, dat sawol op ynternet as op papier ferskynde, op 'e non. Dêrop naam Abe de Vries yn febrewaris 2003 it inisjatyf ta de oprjochting fan Farsk, dat op ynternet ferskynde. Hy wie der oant oktober 2006 haadredakteur fan. It tydskrift wie yn syn sobere en basic foarmjouwing fan Marc Kooij - sûnder ek mar ien plaatsje - in statement foar it primaat fan tekst oer byld. Elk jier ferskynden ek spesjale útjeften op papier: de rigen Farskskrift en Farsk Jierboek.
De Vries syn sjoernalistike ynslach wie ek te fernimmen op Farsk: hy skreau mei in flotte pinne en wie altyd tûk op literêr nijs. Foar de rubryk 'Teleks' op Farsk makke er goed gebrûk fan de snelheid fan ynternet. Dyselde snelheid soarge der ek foar dat polemiken folle heftiger ferrinne koene as earder. Yn 2005 rûn in polemyk tusken Abe de Vries oan de iene kant en Huub Mous en Eeltsje Hettinga oan de oare oer it karakter en it belang fan Douwe Kiestra syn poëzij folslein út de hân. Der ûntstie in 'Floedstream oan skellerij op Frysk ynternet', sa't Sietse de Vries [2] konstatearre.

Kanon opskodde
Syn ferdjipjen yn it wurk fan kanonisearre Fryske dichters late ta it besoargjen fan twa karlêzingen mei poëzij, fan Obe Postma en fan Douwe Hermans Kiestra, yn in besykjen oare ynfalshoeken te kiezen as wenst wie. Yn 'e mande mei Jabik Veenbaas publisearre er in twatalige blomlêzing mei fersen fan Sjoerd Spanninga. As slútstik kamen yn 2008 de essaybondel Identiteit & kowesturten en de twatalige 'essayistyske blomlêzing' Het goud op de weg / It goud op 'e dyk, mei wurk út Fryske poëzij nei 1880. Ut beide boeken blykt in syktocht nei it eigene fan de Fryske literatuer, mear spesjaal de Fryske poëzij. Mei de blomlêzing woe De Vries 'tonen hoe de Friese poëzie zich aan haar eigen haren uit het moeras van een minderheidstaal heeft opgetrokken.' Yn it foaropwurd neamde er as grutste skaaimerk fan de Fryske poëzij de manier wêrop't dichters har plak sochten tusken tradysje en eksperimint. It meast bysûndere seach er dat by Jan Wybenga en Tjitte Piebenga. Benammen de lêste skode er nei foaren as in 'fergetten pommerant'. It essay oer Piebenga ûnder dyselde titel út Identiteit & kowesturten waard yn 2011 ek opnommen yn dy syn Samle poëzij.

Eeltsje Hettinga bestried De Vries syn posysje fûleindich yn de publikaasje De leagen op 'e dyk, mei it sizzen dat de tsjinstelling tradysje-eksperimint achterhelle wie en dat De Vries de poëzij op 'en nij tsjinstber meitsje woe oan bûtenliterêre doelen.

De twadde essaybondel Erfskip en krisis bringt in bondeling fan essays, ynterviews, literêre en regionale skiednis. Ek ferdjippet de auteur him yn syn eigen roots.

Dichtwurk
Yn syn earste twa poëzijbondels besiket de dichter syn lykwicht te finen tusken de wrâld dêr't er yn libbet en de wrâld fan syn komôf - Winaam, de bou, de see. Dêrmei besibbe is de tematyk fan de ferlerne leafde, sawol dy út de jonge jierren as dy fan it houlik dat op 'e non rûn, al stiet earne: 'Lit it gjin berêsten wêze. Neam it gjin mislearring'. In moai oantal fan syn fersen spylje yn East-Europa en wjerspegelje syn bining mei dat part fan ús wrâld. Op mear as ien plak is benammen yn syn debútbondel de besibbens mei it idioom fan Eeltsje Hettinga te fernimmen; ferwizingen nei of echo's fan oare Fryske dichters komme yn syn bondels gauris foar. De Vries syn styl is byldzjend, lykas bliken docht út fersrigels as 'Slaan do de bile no mar / yn it achtsilinder motorblok / fan dyn bouhoekster mankelikens.'

Yn 2005 krige Abe de Vries de Gysbert Japicxpriis foar syn twadde bondel In waarm wek altyd, en hy is dêrmei nei Jan Wybenga, Trinus Riemersma en Willem Abma de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis ûntfong foar in jong oeuvre. De sjuery skreau hjiroer [3] yn har rapport: 'It dichterskip fan Abe dr Vries, en dan benammen syn bondel In waarm wek altyd, stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan 'e hjoeddeiske Fryske poëzy út dat wy him unanym en mei in protte nocht en wille foar de Gysbert Japicxpriis 2005 foardrage'.

Yn de tredde bondel Under fearne goaden wurdt de tematyk fan syn poëzij breder útwurke, minder skrinend, mei mear grutte gebaren en histoaryske djipte, mar de ferwizingen nei de persoanlike situaasje ûntbrekke net, bygelyks as de dichter himsels neamt 'in borderliner, pindeljend tusken ruïnearre kultueren', mei 'oardel priis foar nifelwurk / yn 'e taal fan heit-en-mem-en-dy'.

De line fan objektivearring wurdt fuortset yn de fjirde bondel Fangst fan 'e demoandolfyn, dy't meast ferheljende fersen befettet dy't har ôfspylje yn it Fryske kustlân. Dy setting is ek te finen yn de fyfde bondel Sprankeskyn, mar dan mear as dekor fan in persoanlik trochlibbe reis. Fierder biedt de lêste bondel fersen fan in religieuze ynslach, skreaun troch in dichter 'net leauwich fan hûs út / mar lykwols in freon fan ynmoed en fernuvering.'. Yn dizze bondel nimt De Vries ek, krekt as Douwe Kalma earder, fersen op by de bylden fan Pier Pander yn it timpeltsje yn Ljouwert.

Syn sechsde bondel  Ravensulver/Ravenzilver telt sân skiften fan elk trije gedichten. De rige wurt foarôfgien en ôfsletten troch in solitêr gedicht. Underwerp is it ferfleanen fan de tiid en it ferwurkjen fan ferlies. Eppie Dam [4] oer dizze bondel: 'Masterskip en skeppingsnocht spatte derfanôf'.

Yn 2015 ferskynde de bondel Brek dyn klank. Yn dizze bondel is der net allinnich omtinken foar de dichter syn jeugdjierren, mar ek skôget er syn rol as heit.

Boarnen foar dit stik
[1] Seedyksterfeartfisk, 10-05-2011
[2] Sietse de Vries, 29-04-2005
[3] Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2005
[4] Leeuwarder Courant, 12-04-2013

Wurk

Poëzy
2002: De weromkommer yn it ûnlân
2004: In waarm wek altyd
2006: Under fearne goaden
2006: Warme boxkachels & weke irenes = Gleone bokskachels & weake irenes (twatalich; seleksje fan wurk út twa earste Fryske bondels)
2008: Fangst fan 'e demoandolfyn
2010: Sprankeskyn
2013: Ravensulver / Ravenzilver
2015: Brek dyn klank

Essays
2008: Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer (it essay dêryn oer de poëzij fan Tjitte Piebenga is ek opnommen yn dy syn Sammele Wurk. dl 1.Poëzij út 2010)
2015: Essee yn bondel Fryslân en de wrâld 2.0 (Sirkwy Sympoasium)
2015: Erfskip en krisis

Besoarger en/of ynlieder en/of gearstaller

2004: Obe Postma, It sil bestean
2005: Douwe Hermans Kiestra, Skielk beart de hjerst
2007: Sjoerd Spanninga, Indian summer (twatalige blomlêzing, mei Jabik Veenbaas; útlieding troch Veenbaas).
2008: Het goud op de weg: de Friese poëzie sinds 1880 / It goud op 'e dyk: de Fryske poëzy sûnt 1880
2012: Jan Wybenga, Samle Wurk. Diel I. Poëzij. Ynlieding De tsjustere Apollo.

Oersettingen
2013: Ynferno (fan Dan Brown)
2017: Hoe't God ferdwûn út Jorwert (fan Geert Mak)

Ferskaat
2014: Friesland / Fryslân (Fotoboek mei fjouwertalige teksten)

Prizen
2002: Rely Jorritsmapriis foar de syklus 'Fersen fan ferjitten'
2005: Gysbert Japicxpriis foar dichtbondel In waarm wek altyd

Nominaasjes
2012: Shortlist Fedde Schurerpriis mei Identiteit & kowesturten
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Sprankeskyn
2017: Gysbert Japicspriis mei Brek dyn klank

Mear ynformaasje
Eigen bloch Seedyksterfeartfisk
Ynternettydskrift Fers2
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Powerpoint oer winner Gysbert Japicxpriis 2005, Abe de Vries 
Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2005
Sietse de Vries, LC 30-9-2005
Hedwig Terpstra oer Ravensulver, Ensafh. 15-02-2013
Arjan Hut, resinsje Brek dyn klank, Friesch Dagblad 12-09-2015

© Tresoar, 07-12-2016