Berne: 07-10-1959, Twizelerheide

Libben en wurk

Matty de Vries is byldzjend keunstner, performer en skriuwster. Se studearre fan 1986 oant 1991 oan de ABK Minerva te Grins (skilderjen en yllustraasje). Fan 1991 oant 1998 wie se lid fan de Groninger Ploeg. Se eksposearret har byldzjend wurk yn binnen- en bûtenlân.

Fan 2000 oant 2003 naam se diel oan in reizgjende groepseksposysje yn Ingelân en Skotlân dy’t basearre wie op widzesankjes ûnder de titel The Mare’s Tale. Yn 2003/2004 krige dy útstalling in Nederlânsk ferfolch as Een schaap met witte voetjes. Yn 2005, 2006 en 2008 wurke se mei bern yn Peru. Dat resultearre yn it projekt Ande(r)s. Se makke 25 alterkastkes mei dêr in boekje by. Har wurk is besprutsen yn keunstblêden as Kunstbeeld en Kunstwerk. Ek ynternasjonaal wie der omtinken foar har keunst. Fan 1997 ôf skriuwt se berneferhalen en sûnt 1999 poëzij, fan 2002 ôf ek yn it Frysk.
Matty de Vries is gauris warber mei optredens: se spilet akkordeon, se sjongt en se jout performances foar bern en folwoeksenen. Se trede ek op by guon festivals, lykas ‘Dichters in de Prinsentuin’ en de Poëziemarathon yn Grins en yn 2001 it Sweachster Festival.

Tematyk en resepsje
Yn Matty de Vries har wrâld slacht it lytse foar master op. Har skilderjen wurdt útmakke troch de stilte, har yllustraasjes binne direkt en boartlik. Yn har poëzij sjocht se werom op de lytse wrâld fan har bernetiid, fakentiids leafdefol en belutsen.
Eppie Dam dêroer yn de Ljouwerter Krante: ‘Echt lyts wurdt de wrâld as de mem fan in freondintsje har net yn ’e hûs ha wol omdat se ôfdroegen guod oan hat. Moedich famke as se wie hat Matty har der noait foar skamme.’ Fierder neamt Eppie Dam de bondel Wakkeromsjen wat ûngelyk fan kwaliteit, mar tagelyk ‘in goudearlike delslach’ fan har sykjen om romte, wêrby’t er referearret oan it gedicht ‘Binnen’: ‘er moest toch meer zijn // een wereld waarin ruimte was / en rek in het denken’.

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
Eigen webside

Wurk (in seleksje)


Poëzij
2013: Wakkerweromsjen (gedichten yn Frysk en Nederlânsk)

Berneboeken
2003: Abbedoedas
2008: God
2013: Binnen wil graag buiten zijn
2014: Piter, Pom en Pleister

Ferskaat
1991: Mathilda (stripboek)
2001: The mare’s tale (by in eksposysje yn Ingelân en Skotlân)
2003: Een schaap met witte voetjes (widzesankjes út Nederlân en Ingelân)
2005: Ande(r)s. Op zoek wie rijk is en wie arm (reisferslaggen)
2010: Jij bent jij en zo is dat. Ongerijmde dierversjes voor volwassenen en andere kinderen
2011: Van kinderen hou ik niet zo. Ongerijmde mensversjes voor kinderen en andere volwassenen
2013: Vol van jou

Prizen
2004: Rely Jorritsmapriis (foar it gedicht ‘Túnkabouter’)

Mear oer wurk en libben fan Matty de Vries
 Eigen webside


© Tresoar, 08-04-2015