Berne: 02-01-1971, Noardburgum

Libben en wurk

Nyk de Vries is op 2 jannewaris 1971 berne yn Noardburgum, dêr't er ek opgroeide. Hy helle syn twû-diploma op it Lauwers College te Bûtenpost en ferhuze dêrnei nei Grins om dêr oan de universiteit skiednis te studearjen. Syn earste doel wie om wat mei muzyk te dwaan, mar omdat it konservatoarium him neat talike, keas er foar skiednis. Dêr is er ek yn ôfstudearre. Sûnt 2008 wennet en wurket er yn Amsterdam. As dosint creative writing is er ferbûn oan keunstakademy Artez yn Arnhim.

Grins
Nyk de Vries hearde ta it ploechje skriuwers dat yn de twadde helte fan de jierren njoggentich en it begjin fan 2000 de stêd Grins op de ‘Frysk’ literêre kaart setten hat. De groep, dêr't fierder Meindert Talma, Albertina Soepboer, Tsead Bruinja en Jaap Krol diel fan útmakken, foel op troch it eigentiidske en eigensinnige literêre wurk en joech dêrmei in ympuls oan de Fryske literatuer. De groep wist ek effektyf gebrûk te meitsjen fan it doe noch nije medium ynternet.

Muzikant
Nyk de Vries is in twasidich talint: hy is aktyf as skriuwer en as muzikant. Al yn syn middelbereskoaltiid krige er bekendheid as sjonger fan de Noardburgumer popgroep The Amp. Yn Grins kaam er yn ’e kunde mei Meindert Talma fan Surhústerfean, ek studint skiednis. Beide hiene se deselde ynteressen en waarden freonen. Yn 1995 ûntstie de muzykgroep Meindert Talma & The Negroes dêr't Nyk de Vries gitarist fan waard. Iemand moet het doen is de titel fan de earste muzykteaterfoarstelling fan The Negroes. Yn de simmer fan 2006 wie de groep dêrmei op ferskate muzykfestivals te sjen, om letter yn it jier mei it programma de teaters yn te gean.

Skriuwer
Yn har studintetiid begûnen Talma en De Vries ek te skriuwen. Tegearre rjochten se it Frysktalige tydskrift De Blauwe Fedde (1996-2002) op.Yn it earste jier fan it ferskinen fan De Blauwe Fedde kaam der alle moannen in nûmer út, letter waard de frekwinsje minder. It lêste nûmer fan de yn totaal 29 edysjes kaam út yn 2002. De earste edysjes foelen benammen op troch de wiidweidige ynterviews en it minne Frysk. Nyk sei dêr fan dat it foaral styloefeningen wiene. Se besochten fan alles út en it wie wolris dreech om de grins te lûken fan wat noch aardich wie foar de lêzer en wat net.

Yn 2000 debutearre Nyk de Vries mei de roman Rezineknyn, in boek mei in heech autobiografysk gehalte. It boek beskriuwt in pear moannen út it libben fan in ploechje jonges út de heechste klasse fan it fuortset ûnderwiis. Jelma Knol sei yn har besprek fan it boek yn it literêr tydskrift Hjir dat foaral it aspekt fan de antiheld dy't de jonges fertsjintwurdigje, har yntrigearre [1]. Jabik Veenbaas wie kritysk op dit debút. Hy fûn net dat it De Vries slagge wie om in meinimmend gehiel te smeien fan de yn syn eagen te fragmintaryske opset: ‘Hy (De Vries) hat net genôch ynsjoen dat de werklikheid, ek yn in realistysk boek, altyd dramatisearre en yntinsivearre wurde moat’ [2]. Yn febrewaris 2003 ferskynde by de Grinzer útjouwerij Passage de Nederlânsktalige ferzje mei as titel Rozijnkonijn.

Yn 2001 waard De Blauwe Fedde yn petear publisearre, in boek mei ynterviews dy’t earder yn it tydskrift De Blauwe Fedde stiene. Ut de ferhalen docht bliken dat de ynterviewers oprjocht benijd binne nei de man of frou dêr't se in petear mei hawwe. Se stelle ûngewoane fragen en jouwe de minsken op papier alle romte. It binne benammen bewenners fan de Fryske Wâlden dy't, mei de foar har sa typearjende eigensinnichheid, oan it wurd komme. Yn De Blauwe Fedde yn petear litte de beide skriuwers sjen each te hawwen foar de sosjale kant fan har ûnderwerp.

De twadde roman fan Nyk de Vries, Prospero: in simmerskiednis, kaam yn maart 2006 út yn it ramt fan de Fryske Modernen, in inisjatyf fan ûnderskate útjouwers, It Fryske Boek en it Skriuwersboun, oprjochte om it skriuwen fan modern proaza troch nije literêre skriuwers te stimulearjen. Spile Rezineknyn him wat foarm en ynhâld oanbelange ticht by hûs ôf, mei Prospero siket De Vries it letterlik fierderop. De haadpersoan yn it boek, Marco Vandaan, is in jonge muzikant dy't mar net syn draai fine kin. Hy sit op in dea spoar, oant er oan it wurk rekket yn de Spaanske heechlannen, by wetterkundich projekt Prospero. It liket derop dat er in útwei fynt en oan syn persoanlike omstannichheden ûntkomme kin, mar krekt as foar in protte oare dielnimmers oan it projekt is it ferbliuw yn Spanje in flecht. It skriuwen fan it boek wie foar Nyk de Vries sels ek in drege put. Op healwei hat er it boek hielendal oer de kop hân om't it ferhaal te fol en te yngewikkeld wurden wie. Uteinlik is it him slagge om der dochs in kompakt ferhaal fan te meitsjen. Abe de Vries beneamde de styl as iroanysk realisme: ‘Ofstân en detaillearring geane hân yn hân en gauris seit de tekst ek wat oer de tekst sels, dy't op ferskate mominten in ferdjipping kriget, in ekstra laach’ [3]. Hy beslút syn besprek mei de opmerking dat mei Prospero de nije rige Fryske modernen op yndrukwekkende wize stal krijt. Ek Yvonne Dijkstra seach in moaie roman, al wie se wol kritysk oer de losse eintsjes dy’t De Vries hingje lit by de ôfwikkeling fan it ferhaal: ‘Romantechnysk is it wat koart troch de bocht’ [4]. Neffens har soe it goed wêze as de roman oerset waard om sa in grutter publyk te berikken.

It literêr tydskrift Hjir publisearre geregeld proazagedichten (koarte ferhalen mei it uterlik fan in gedicht) fan De Vries. Yn 2007 waarden dizze en oare proazaferhalen útbrocht yn de bondel Motorman en 39 oare proazagedichten. It is in sjenre dat de skriuwer neffens Yvonne Dijkstra past as in jas [5]. It lêzen die har tinken oan it bylâns zappen fan telefyzjekanalen: ‘Jo sjogge mar koarte glimpen, mar werkenne dochs daalk wat it is’.

De dingen gebeuren omdat ze rijmen, it ferfolch op Motorman en 39 oare proazagedichten, kaam út yn 2011. Dit wurk draacht De Vries ek in soad foar op poëzy-poadia, meastal yn Nederlân. Yn it ramt fan it Spaansktalige projekt Planeta Pato brocht Nyk de Vries yn oparbeidzjen mei syn maten Donald Donleben en Michiel Meeuwsen de teksten ek yn Madrid foar it fuotljocht. Fierder stie er op it Poetry International Festival, waard syn wurk publisearre yn it Amerikaanske onlinetydskrift Words without borders en trede er op yn New York en Boston. Yn septimber 2010 folge in optreden op it Frank O’Connor International Short Story Festival yn Cork, Ierlân. Nei oanlieding dêrfan ferskynde in oantal fan syn teksten op de Ingelske literêre app Ether Books. Ek waarden guon teksten oerset yn it Dútsk en trede er op yn Bremen. Fan 2011 ôf wie er gauris te hearren op Radio 1 mei koarte ferhalen. Earder makke er foar it VPRO-programma Cantina it 10-dielige radiofúljeton Wachten op Sumaisi oer syn ferbliuw yn Malawi. Foar Omrop Fryslân makke er mear as 80 ultrakoarte harkspullen, in searje dy’t nominearre waard foar de NL-Awards.

Wurk fan De Vries is ek te finen yn ferskate Frysk- en Nederlânsktalige blomlêzingen. De bekendste dêrfan is de twatalige bondel Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas (2004), gearstald troch Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides.

Boarnen foar dit artikel
[1] Hjir, nûmer 3, juny 2000
[2] Leeuwarder Courant, 19-05-2000
[3] Leeuwarder Courant, 07-04-2006
[4] Friesch Dagblad, 13-05-2006
[5] Friesch Dagblad, 19-04-2008

List fan belangrykste wurk


Romans
2000: Rezineknyn
2001: De Blauwe Fedde yn petear (ynterviewboek tegearre mei Meindert Talma; 2e pr. 2001)
2006: Prospero: in simmerskiednis
2010: Per ongeluk reed ik naar het zuiden (bibliofile útjefte ta gelegenheid fan it Belcampo Stipendium)
2015: Renger (Nederlânsktalich)
2016: Renger (Frysktalich)

Poëzy
2007: Motorman en 39 oare proazagedichten
2011: De dingen gebeuren omdat ze rijmen (

Oersettingen
2003: Rozijnkonijn (oersetting fan Rezineknyn)
2007: Motorman en 39 andere prozagedichten (oersetting Motorman en 39 oare proazagedichten)
2007: Prospero (oersetting fan Prospero: in simmerskiednis)

Prizen
2010: Belcampo Stipendium, literêre priis Provinsje Grins
2012: Prix Europa, kategory Bêste radio dramasearje, foar 1 minuutje, dêr’t Nyk de Vries ien fan de auteurs fan wie
2016: Piter Jellespriis fan de gemeente Ljouwert foar Renger

Nominaasjes
2012: J.C. Bloemprijs foar De dingen gebeuren omdat ze rijmen
2012: Kultuerpriis Gemeente Tytsjerksteradiel
2014: Friese Popawards (kategory Bernlefpriis)
2014: NL-Award (foar ultrakoarte ferhalen Omrop Fryslân)
2016: Kultuerpriis Gemeente Tytsjerksteradiel

Mear ynformaasje

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Webside Nyk de Vries
Fraachpetear Hedwig Terpstra op Ensafh.
Jaap Krol, fraachpetear mei de skriuwer, FD 28-12-2016 [**link folget]



© Tresoar, 15 okt. 2007, bywurke 20-07-2016