Berne: 19-05-1947, Westergeast

Libben en wurk

Aldfrisist en histoarikus Oebele Vries is in boeresoan út Westergeast. Nei it heljen fan syn gymnasiumdiploma oan it Dokkumer Lyceum begûn er yn 1965 mei de stúdzje skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei syn stúdzje en militêre tsjinsttiid sette er him wer nei wenjen yn Westergeast.

Vries wie fan 1974 oant 1978 as ûndersiker yn tsjinst fan de Stichting voor Zuiver Wetenschappelijk Onderzoek, earst by it Frysk Ynstitút en dêrnei detasjearre by it Instituut voor Geschiedenis fan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1978 oant syn pinsjoen yn 2012 wie er wittenskiplik meiwurker / universitêr dosint by it Frysk Ynstitút. Hy ferrjochte dêr ûndersyk en joech ûnderwiisop it mêd fan de Aldfryske filology en de Fryske skiednis. Vries promovearre yn 1986 op in dissertaasje oer de midsieuske Fryske frijheid, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid. As dosint waard er tige wurdearre troch syn studinten om syn kunde, entûsjasme, moaie ferhalen en humor. Yn 2009 krige Vries foar syn folslein oeuvre de Joast Halbertsmapriis, de wittenskipspriis fan de provinsje Fryslân, takend. Njonken syn drok libben as ûndersiker en dosint is Oebele Vries in sportleafhawwer. Sa hat er trije kear de Alvestêdetocht útriden en hat er op ’e kop ôf fyftich jier fuotballe by VV De Wâlden.

Wichtichste publikaasjes
Oebele Vries publisearre sa’n twahûndert (populêr-)wittenskiplike artikels en boeken. Hoewol’t er fan hûs út histoarikus is, ûntwikkele er him stadichoan ek ta filolooch en frisist. Sa beskreau Vries yn syn boek Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal út 1993 de ferkringing fan it Frysk as skriuwtaal troch it Nederlânsk yn de tiid oant 1580. It ynspirearre mei frisist Rolf Bremmer ta it skriuwen fan Hir is eskriven út 2004. Wêr’t Vries de midsieuske teloargong fan it Frysk as skriuwtaal beskriuwt, giet Bremmer syn stúdzje oer de opkomst fan it Frysk as skreaune taal nei 1200.
Njonken de midsieuske (taal)skiednis hat ek de tweintichste-ieuske skiednis Vries syn belangstelling. Sa publisearre er yn 1990 Het strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: dagboek en herinneringen januari-mei 1945, dat giet oer it strafkamp Schwarzer Weg yn Wilhelmshaven, dêr’t, njonken gâns mear Friezen, ek Vries syn omke ynternearre wie.
In boek dat mei syn eigen regio te krijen hat, is Boer Gerben Feitsma – Portret van een Friese NSB-burgemeester (2008). Heareboer Feitsma wie in NSB’er út Kollum, dy’t yn 1941 ta boargemaster fan de gemeente Kollumerlân oansteld waard. Oebele Vries gie de libbensrin fan Feitsma nei, ûndersocht wat him dreau en karakterisearre syn boargemasterskip.
By it Fryske publyk is it boek Asega, is het dingtijd? út 2007 ien fan syn bekendste wurken. It mânske boek omfettet de hichtepunten fan de Aldfryske tekstoerlevering (almeast rjochtsteksten), mei in oersetting yn it Nederlânsk en it Nijfrysk. It earste eksimplaar waard útrikt oan Frits van Oostrom, dy’t yn syn Stemmen op schrift (2006) de loftrompet stutsen hie oer de poëtyske eleminten yn guon Aldfryske rjochtsteksten.
Vries ûntdiek yn 2009 in ûnbekende midsieuske tekst yn it Geldersk Argyf yn Arnhim. It giet om in Nederlânske oersetting fan de oarspronklik Latynske tekst fan it Stellingwerver lânrjocht. It is tige útsûnderlik dat der noch midsieuske rjochtsregels fan in gebiet weromfûn wurde. Yn 1999 wurke Vries mei oan in rige skiednisprogramma’s fan Omrop Fryslân ûnder de titel It oare Fryslân. Yn dy programma’s reizget er nei East- en Noard-Fryslân en is er in ynspirearjende gids foar de taskôgers.

Beheinde bibliografy
1977: Oudfriese Oorkonden, deel IV
1986: Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid
1990: Het strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: dagboek en herinneringen januari-mei 1945
1993: Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal: de verdringing van het Fries als schrijftaal door het Nederlands (tot 1580)
1999: De Heeren van den Raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811 (mei B.S. Hempenius-van Dijk, P. Nieuwland en P. Baks)
2001: Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies (mei-redakteur)
2002: Westergeastmer strjitnammen
2007: Asega, is het dingtijd? De hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering (mei meiwurking fan B.S. Hempenius-van Dijk)
2008: Boer Gerben Feitsma – Portret van een Friese NSB-burgemeester
2009: Bernardus Bucho Aytta van Swichum: vorstendienaar in priesterhabijt
2012: De taal van recht en vrijheid: studies over middeleeuws Friesland (in karlêzing út syn wittenskiplik wurk ûnder redaksje fan Anne Tjerk Popkema, Han Nijdam en Goffe Jensma)

Prizen en ûnderskiedingen
2009: Joast Halbertsmapriis
2012: Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau

Mear oer de skriuwer
Oaren oer Oebele Vries, by gelegenheid fan syn ôfskied: Vriesnûmer Skanoskrift
Utjouwerij Bornmeer, ynformaasje en resinsjes Boer Gerben Feitsma
Wieberen Elverdink, oer it Stellingwerver lânrjocht, LC 04-07-2009
Riddere by syn ôfskie, Kollumer Courant 30-05-2012
Sietse de Vries, synjalearring De taal van recht en vrijheid, LC 17-08-2012
Erik Betten, FD 11-06-2015

© Tresoar, 10-06-2014