Berne: 13-08-1955, DE TYNJE

Libben en wurk

Sietse de Vries is berne op De Tynje. Yn syn jeugd yn dat doarp, wêrfan’t de bewenners rûchwei ferdield wurde koene yn grifformearden en kommunisten, is de basis lein foar syn lettere fyzje op it minskdom en de wrâld. Hy is opgroeid yn in ‘read’ nêst, syn heit wie kommunist.

Nei de middelbere skoalle ferhuze Sietse nei Grins foar in stúdzje oan de sociale academie. Tidens syn stúdzje ûntdiek er de grutte Russyske skriuwers lykas Dostojevski en Tsjechov, troch har learde er in wrâld kennen dy’t folslein oars wie as syn eigen. Dat grutte kontrast boeide him en it ynspirearre him om sels ek te skriuwen. Hy kaam, nei syn ôfstudearjen, as begjinnend sjoernalist te wurkjen by it Frysktalige blêd Frysk en Frij. Dêr hat er fjouwer jier oan ferbûn west, sûnt 1985 is er meiwurker op de kulturele redaksje fan de Leeuwarder Courant.

Skriuwer
Mei de speurdersroman De boargemaster (1998) debutearre Sietse de Vries as skriuwer. Syn earsteling is in flot skreaune roman, sûnder al te folle literêre pretinsjes. De omskriuwing fan de sletten doarpsmienskip, dêr’t in skeel ûnstiet om it rjocht fan reed, is realistysk en werkenber en it ferhaal hat in ferrassend plot. De karakters en ûntjouwing fan de haad-persoanen wurde oannimlik, mar net al te djip dollend delset. Noch gjin jier letter kaam er mei in twadde plysjeroman De dea fan Nico Dekema. Ek dat boek, fernimstich konstruearre en krûde mei humor en in bewyske erotyk, is skreaun yn in flot lêsbere styl. De wize werop’t de skriuwer Sietse de Vries sjocht nei de hjoeddeistige maatskippij en de takomst fan de wrâld komt ta utering yn syn romanpersonaazjes, yn syn beide earste romans al oanwêzich komt it eksplisiter nei foaren yn syn tredde boek Kûgels foar Kant (2002). Syn romanpersonaazjes uterje harren soarch oer minske en miljeu, filosofearje oer de tinkbylden fan de filosoof Kant, dêrfandinne de titel, en diskusearje oer polityk. Besprekker Eric Hoekstra (Hjir, 32-2, 2003) neamde it taboe-trochbrekkend dat in literator him yn syn wurk útsprekt oer syn politike foarkar.
Skriuwt De Vries oer it generaal yn it Frysk, yn 2000 ferskynde der in Hollânsktalige detektive fan syn hân, ûnder de titel De spelbepaler. It ferhaal, dat giet oer de fraach wêr’t it tafal einiget en de gearspanning begjint, spilet him fierders wol ôf yn in Frysk fermidden.
Mei Homme en it geheim fan pake, joech de skriuwer him wer op in oar paad, dat fan berneboekeskriuwer. It spannende boek ferskynde yn 2003 by de Afûk.

List fan belangrykste wurk

Proaza

1998: De boargemaster
1999: De dea fan Nico Dekema
2000: De spelbepaler (Hollânsktalich)
2002: Kûgels foar Kant
2003: Homme en it geheim fan pake (berneboek)
2009: Potstro Fongers
2012: Bak. Kadoboek Moanne fan it Fryske Boek 2012

Toaniel
2009: De tredde helte Tragikomeedzje

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuirsite


Tresoar, 14 feb. 2007