Berne 26-4-1907, FEANWȂLDEN
Ferstoarn: 21-1-2005, AMSTERDAM 

Libben en wurk

Theunis Uilke de Vries is berne yn Feanwâlden. Hy wie iennichst bern, syn âlden, Sjoerd de Vries en Elisabeth Dijkstra, kamen út in laach fan Menniste boeren. Doe’t Theun in lyts jonkje wie ferhuze de famylje nei Ljouwert, mar hy kaam geregeld werom yn Feanwâlden as er by syn famylje útfanhûs wie.

Oantinkens út dy jierren hat er ferwurke yn de Frysktalige fersebondel Earst en lêst (1977) en yn de ferhalebondels Paden fan it ferline (1997),  Stins & Krite (1997) en Westerljocht. Twa Fryske Wilt Tjaarda-ferhalen. Yn dy ferhalebondels figurearret it alter ego fan De Vries yn de persoan fan Wilt Tjaarda.
Yn 1920 kaam de famylje De Vries yn Apeldoorn te wenjen, heit De Vries besocht dêr in bestean as sakeman op te bouwen. Theun gie nei it gymnasium, mar nei fjouwer jier ferliet er de skoalle en gie er fierder mei in biblioteekoplieding yn Hilversum en Utrecht.
As jonge lies Theun de Vries in soad histoaryske ferhalen en boeken, Nederlânske en Fryske. Op it gymnasium learde er de grutte Nederlânske skriuwers kennen, dy iepenen him de eagen foar literatuer. Op syn 18e publisearre er syn earste, sjoernalistike, stikken yn it tydskrift Jong Nederland. Hy skreau yn it Nederlânsk, yn neifolging fan syn grutte foarbylden, fertsjint-wurdigers fan de literêre streaming de tachtigers. Yn syn bondel, Meesters en Vrienden, hat er beskreaun hoe’t er ûnder har tsjoen rekke.
Begjin jierren tritich koe De Vries yn de iepenbiere biblioteek fan Snits wurk krije; banen wiene doe, yn de krisistiid, net rom foar hannen. Hy akseptearre de baan en ferfear werom nei Fryslân. Sân jier hat er dêr wurke, mar it hat in drege tiid foar him west; net allinnich omdat er him yn it boargerlik miljeu fan Snits net thúsfielde, mar ek troch in psychysk swiermoedige perioade dêr’t er yn bedarre wie. Yn 1932 troude er mei Aafje Vernes, dat makke it libben foar him wat draagliker. Yn 1934 waard harren soan Hubert René berne. Geastlike stipe hie er oan de dichters J. H. Brouwer en Gerben Brouwer. De verwachting fan guon Fryske skriuwers dat er yn Snits yn it Frysk begjinne soe te skriuwen, kaam net út. Al hat er fan dy jierren wol inkelde Frysktalige publikaasjes op syn namme stean: yn 1937 ferskynde Fryske stilistyk fan syn hân (skreaun yn opdracht fan de Prov. Underwiisried). Fierders skreau er foar It Heitelân resinsjes fan nij ferskynde Fryske boeken.

Begjin jierren tritich kaam de driging fan it nasionaal-soasjalisme út Dútslân fûl opsetten. Oant dan ta hie Theun de Vries him noch nea dwaande holden mei maatskiplike en politike problemen, mar de ûntwikkelingen yn Dútslân laten der ta dat er him begjûn te ferdjipjen yn de politike situaasje fan syn tiid. Yn 1936 waard er lid fan de Communistische Partij Nederland (C.P.N.), yn it Marxisme fûn syn stribjen, ferwachtsjen en sympaty in útwei. Al gau wie er in foaroansteand lid fan de partij dy’t him yn 1937 nei Amsterdam helle. Hy waard keunst-redakteur fan de partij-krante De Tribune (letter: De Waarheid). De Vries en syn frou giene yn 1938 útelkoar. Tidens de twadde wrâldoarloch siet Theun de Vries yn it ferset, hy wie in tiidlang ferbûn oan it yllegale blêd De Vrije Katheder. Yn it lêst fan de oarloch setten de Dútsers him fêst yn kamp Amersfoort. Tsien moanne letter befrijde it ferset him dêrút. Theun de Vries en Aafje Vernes trouden yn 1946 foar de twadde kear meielkoar, noch datselde jier waard har dochter Maria Elisabeth Alexandra (Sandra) berne. Nei de oarloch siet De Vries foar de CPN in skoftsje yn de Amsterdamske gemeenteried en yn de Twadde Keamer, mar hy waard al gau skriuwer fan berop. Dat koe mei omdat syn frou ek in betelle baan hie.
Mei de ferhalebondel Friesche sagen, oer de romrofte Fryske kening Redbad, wie er yn 1925 debutearre. De twadde útjefte yn boekfoarm, de dichtbundel De terugkeer, kaam út yn 1927. Rembrandt (1931) wie syn romandebút; dêrnei soe Theun de Vries alle jierren oant flak foar syn ferstjerren yn 2005,  ien of mear útjeften jierliks yn it ljocht jaan.
Hy skreau romans, gedichten, koarte ferhalen, essays, reisferhalen, histoaryske stúdzjes, harkspullen, biografyen en toanielstikken. Dêrnjonken hat er in grut tal oersettings út it Frânsk, Dútsk, Ingelsk en Frysk op syn namme stean.
De ûnderwerpen foar syn boeken helle er út de libbens fan tal fan ferneamde minsken út keunst, skiednis en wittenskip. Mar ek de Twadde wrâldoarloch, de Fryske skiednis en sosjale en politike ûntwikkelingen op it agrarysk plattelân wiene foar Theun de Vries boarnen fan ynspiraasje.
De Vries hat nei 1945 in protte reizen makke nei East-Europa, China en Cuba. Benammen it feit dat er de ynfal fan de Sovjet-Uny yn 1956 yn Hongarije goed prate, late ta ferwidering tusken De Vries en de literêre mienskip. Krekt nei de ynfal yn Tsjechoslowakije (1968) briek er mei dy, ymperialistyske,  foarm fan it kommunisme, mar hy bleau marxist en siet oant 1971 yn it bestjoer fan de CPN. Yn dat jier betanke er foar it lidmaatskip fan de partij.

De Fryske jeugd fan De Vries komt werom yn in protte fan syn boeken, ferhalen en gedichten. It meast bekend is nei alle gedachten Stiefmoeder aarde (1936), it earste diel fan de mânske romansyklus oer it boeregeslacht Wiarda, dêr’t ek Het rad der fortuin (1938) en de novellebondel Noorderzon (1958) diel fan útmeitsje. It skriuwen fan Stiefmoeder aarde betsjutte foar De Vries de definitive kar foar it sosjaal-realisme en in ôskie fan de romantyk.  
Wat it skriuwen fan dat boek mei himsels die, hat er sa ris beskreaun: ‘Het werk werd voor mij onder het schrijven het boek der ontdekkingen. Ik ontdekte de maatschappij in haar eigenlijke beweegkrachten en samenhangen. Ik ontdekte mezelf in die historische verbanden, kind van een bepaalde tijd, land en groep. Ik ontdekte de tradities, die mij hadden gemaakt en ik beleefde hun crisis in mij en buiten mij.’ Yn 1994 kaam it boek yn in Fryske oersetting fan Jan de Jong út by de KFFB ûnder de titel Stiefmem ierde.
De Vries hat Stiefmoeder aarde yn 1975-1976 foar de Vara-radio bewurke ta in harkspul-syklus. Syn roman Het meisje met het rode haar, oer de fersetstriidster Hannie Schaft, is yn 1981 troch  Ben Verbong ferfilme.
In sammelbondel mei de titel, De vertellingen van Wilt Tjaarda, ferskynde yn 1982 by útjouwerij Querido.
Theun de Vries waard as minske faak beskreaun as koppich, iensum, fêsthâldend sykjend nei rjochtfeardigens, him net mear thús fielend yn eigen lân.
As skriuwer waard er priizge foar syn alsidigens, syn ynlibjend fermogen yn de beskriuwing fan personaazjes yn har histoaryske kontekst, it oproppen fan sfear en syn kompositoaryske kundigens. De klam yn in protte fan syn boeken leit op it sosjale elemint yn it maatskiplik libben fan de minske, faak yn tiden fan sosjale, maatskiplike en politike feroarings.
Literêre erkenning krige er ek rom taparte, in kar út de him takende prizen: yn 1962 krige er de P.C. Hooftpriis foar syn (oant doe ta) hiele oeuvre, yn 1984 de Henriëtte Roland Holst-priis foar it histoarysk, esseeïstysk wurk: Ketters. Veertien eeuwen ketterij, volksbeweging en kettergericht (1982). De Ryksuniversiteit fan Grins kende him yn 1978 it eredoctoraat yn de letteren ta foar syn histoaryske stúdzjes. It feit dat guon fan syn boeken yn sechtjin Europeeske talen oerset binne, mei ek as in earbetoan oan syn wurk sjoen wurde.
Syn berteplak Feanwâlden eare him yn 1979 troch de iepenbiere basiskoalle syn namme te jaan.
Nei syn sechtigste begûn Theun de Vries pas gedichten yn it Frysk te skriuwen en publisearre er Frysktalige dichtbondels.
Yn 2004 kaam fan him de twatalige dichtbondel Alles begjint by de dingen / Alles begint bij de dingen  út, gearstald troch Jabik Veenbaas. De bondel befettet in seleksje fan syn Frysktalige poëzy, útjûn mei in Hollânsktalige oersetting fan de hân fan Veenbaas.

List mei in seleksje fan syn Frysktalige wurk

Poëzy
1977: Earst en lêst
1981: Snie en oare gedichten
1990: It Noarden (spesjale útjefte yn oplage fan 99 eksimplaren)
1997: Stins en krite
1997: Fûgel
2001: Iisgong  
2004: Alles begjint by de dingen / Alles begint by de dingen

Ferskaat
1937: Fryske stilistyk. In paedwizer yn it foarmferskaat fen de Fryske stilistyk
1975: Oersetting fersebondel In Memoriam fan D. A. Tamminga
1997: Paden fan it ferline. In karlêzing út de fertellingen fan Wilt Tjaarda (ferhalen)
2003: De soldaat dy’t weromkaam (roman)

Prizen en earbewizen
1930: Domprijs voor poëzie voor de dichtbundel Westersche Nachten (1930)
1932: Meiprijs voor Rembrandt (roman)
1945: Verzetsprijs voor letterkundigen voor WA-Man en andere werken
1951: Vijverbergprijs (tegenwoordig bekend als F. Bordewijkprijs) voor Anna Caspari of Het heimwee
1962: P.C. Hooftprijs voor zijn gehele oeuvre
1970: ANV-Visser Neerlandia-prijs voor het hoorspel ‘Een god in haar schoot’
1973: ANV-Visser Neerlandia-prijs voor het televisiespel ‘De weduwen’
1976: Piter Jelles-prijs voor Nederlandse vertaling van de verzenbundel In memoriam van Douwe Tamminga
1979: Eredoctoraat in de geschiedenis aangeboden door de Rijksuniversiteit Groningen
1984 Henriëtte Roland Holst-prijs voor Ketters. Veertien eeuwen ketterij, volksbeweging en kettergericht (1982)
1987 : Verzetsprijs voor zijn gehele oeuvre

De Vries krige ek de sulveren medalje fan de stêd Amsterdam

Mear ynformaasje û.o.
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite


Tresoar © 19-4-2007