Berne: 15-03-1816, GROU
Ferstoarn: 13-09-1887, mOARmwÂld

Libben en wurk

 

H(j)erre Gerrits van der Veen wie skoalmaster en Frysk skriuwer. Syn foarâlden oan heitekant wienen skippers, mar syn heit is letter timmerman wurden. It duorre even foar 't er in baan as skoalmaster yn Dunegea krige (yn 1842). Yn 1847 komt er yn Driesum foar de klasse te stean, dêr foldocht it him better.

Yn 'e Dokkumer Wâlden is er syn fierdere libben bleaun. Hy troude dêr yn 1854 mei Aechje Jakobs Fokkema. As Van der Veen 65 is, freget er ûntslach as skoalmaster, hy wurdt dan húswarder fan it gemeentehûs te Moarmwâld. Yn syn Grouster tiid begjint Van der Veen mei gelegenheidsdichten en Fryske lieten te skriuwen. Syn earste publikaasjes ferskine yn 'e Dunegeaster tiid. Tsien jier nei syn literêr debutearjen leit er him ek ta op sjoernalistyk mêd. As korrespondint en ynstjoerde stikjeskriuwer hat er in protte wurk ferset. Yn syn wurk spilet it belearjende en opfiedende karakter in haadrol. "It Selscip foar Frysce tael in Scriftenkennisse" skreau in priisfraach út foar in folksboekje, yn 'e Fryske tael skreaun. De Kaartlizzer waard wurdearre mei in "bypriis" en it manuskript mocht útjûn wurde.

Literatuer

1955: A.S. Wadman, In skoalmaster yn 'e Dokkumer Wâlden, libbensgong fan Hjerre Gerrits van der Veen. Akademysk proefskrift.
1965: J. Stienstra yn De Kaertlizzer, 2e pr. mei in ynlieding en oantekeningen
1985: Ph. H. Breuker, Tekst en Utlis
1995: Tr. Riemersma yn De Kaartlizzer, 3e pr. 1995, Oer skriuwer, boek en útjefte

Roman

1856:  De kaertlizzer (2e pr. yn 1965 yn de Iduna-rige mei ynlieding en oantekeningen fan J. Stienstra; 3e pr. yn 1995, yn de rige fan Fryske Klassiken, mei in neiwurd fan Tr. Riemersma: Oer skriuwer, boek en útjeften)

Dichtwurk
1844:  Rymkes foär Friesen, Frijsce Fjouwerstim
1846:  Clipsrymkes
1847:  De Schoäll'forsjongerij
1871:  Frymitslery oer godstsienst, maetskippy, natûr, politiek, sedekinde, tsjerke end upfieding. mei itlike photografykes as tajefte.

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
© Tresoar, 20 aug. 2004