Berne: 23-01-1959, HILAARD

Libben en wurk

Jabik Veenbaas waard berne yn Hilaard, in doarp yn de greidhoeke tusken Ljouwert en Snits. Dêr is er ek opgroeid. Neidat er oan it kristlik gymnasium te Ljouwert syn diploma helle hie, ferhuze er nei Amsterdam. Hy studearre Ingelsk oan de Universiteit fan Amsterdam en Frysk en Wiisbegearte oan de Vrije Universiteit (VU). Hy hat fan skriuwen syn berop makke: Veenbaas is oersetter, kritikus, dichter en skriuwer.


Kritikus
Veenbaas begûn mei skriuwen doe’t er yn Ljouwert op it gymnasium siet. Hy debutearre mei twa Nederlânsktalige fersen yn de bondel Mokumse dichters pleisterplaats. Healwei de jierren tachtich publisearre er Frysktalich wurk yn de tydskriften Hjir en Trotwaer. Syn brede ynteresse die fuortdaliks al bliken: hy skreau ferhalen, fersen, skôgingen, toaniel en oersettingen. Foar it Friesch Dagblad, Frysk en Frij en foar de literêre blêden Hjir en Trotwaer fersoarge er resinsjes en skôgingen oer Fryske boeken en Fryske kultuer. Yn 1999 folge er Jelle Krol op as resinsint fan Frysktalich proaza foar de Leeuwarder Courant, wat er die oant mids 2005. Dêrnjonken skreau er resinsjes en skôgingen foar it Algemeen Nederlands Tijdschrift voor Wijsbegeerte en foar Filosofie Magazine.

Oersetter
Fan 1985 ôf publisearret Veenbaas oersettingen út it Ingelsk, Dútsk en Frysk nei it Nederlânsk en út it Ingelsk en Dútsk nei it Frysk; hy set oer út allerhanne sjenres: poëzy, romans, toaniel, filosofysk en wittenskiplik wurk. Foar syn oersettingen fan fersen fan Obe Postma yn de bondel Van het Friese land en het Friese leven krige er yn 1999 de nei de dichter neamde priis fan de provinsje Fryslân foar oersettingen, de Obe Postmapriis. De list fan al it wurk dat Veenbaas oerset hat is lang, sjoch dêrfoar de seleksje ûnderoan by de bibliografy. Op filosofysk mêd moat de oersetting Kritiek van de zuivere rede út 2004 noch neamd wurde, it haadwurk fan Immanuel Kant, oerset yn 'e mande mei Willem Visser.

Proazaïst
Yn 1990 debutearre Jabik Veenbaas yn boekfoarm mei de ferhalebondel Tusken Himel en Hel. It befettet tweintich ferhalen dy’t kwa lingte en ynhâld en ek wat de kwaliteit oanbelanget elkoar nochal wat ûntrinne. Wat se mienskiplik hawwe is dat der gauris sprake is fan konflikten as gefolch fan drank- en heroïnegebrûk, generaasjekonflikten of om godstsjinst of seksualiteit hinne. Troch de ferskillende kritisy waard de bondel útienrinnend beoardiele. Anne Wadman neamde de bondel ‘gewoan, soms te gewoantsjes’ en ‘net ûnaardich beskreaun, mar sûnder folle djipgong, sûnder ferrassing’ [1]. Dêrfoaroer fûn Jan Wybenga it in nijsgjirrich debút. In sitaat: ‘… yn mannich ferhaal lit Veenbaas sjen dat er skriuwe kin en benammen dat er de keunst ferstiet om mei gewoane wurden en sonder opset of mei bysûndere klam nei djippere emoasjes te ferwizen’ [2].

Tsien jier letter kaam der in twadde bondel mei ferhalen fan him út: De brulloft fan Valentijn (2000). Yn dy bondel, dy’t troch de besprekkers posityf ûntfongen waard, eksperimintearret de skriuwer mei foarm en ynhâld. It dúdlikst komt dat ta utering yn it iepeningsferhaal De weromreis, wêryn’t de trije ferhaallagen ek typografysk faninoar ferskille. Yn de ferhalen, dêr’t symbolyk en assosjaasje in grutte rol yn spylje, figurearje minsken dy’t op de ien of oare wize kwetsber yn it libben steane of te krijen hawwe mei in traumatyske ûnderfining earder yn har libben. De wite ûle wie de tredde bondel fan Veenbaas mei, lykas faker by dizze skriuwer, ferhalen oer ienlingen, gauris ferstjitten út 'e groep. Jaap Krol neamde de tematyk 'neat-ûntsjend, fol seksuele ferhâldings, moedich beskreaun' [3]. Tagelyk fûn er dat it tempo yn in oantal ferhalen te leech leit om echt oertsjûgje te kinnen.

Dichter
Syn earste dichtbondel, Metropolis, ferskynde yn 2001, oardel jier letter folge troch De jefte (2003) en Brieven oan myn bern (2004). Eksperimintearret Veenbaas as proazaskriuwer, soks is folle minder it gefal yn syn poëzy. Pier Boorsma sei yn syn besprek fan De jefte dat de dichter net in pregnante eigen styl hat, mar yn in tradysje stiet: ‘Syn bylden binne lykwols orizjineel. (…) Nettsjinsteande syn tradisjonaliteit is De jefte ien fan de bêste Fryske bondels, dy’t ik besprutsen haw’ [4].
Like posityf is Boorsma oer Brieven oan myn bern. Hy neamt Veenbaas yn dat besprek ien fan de wichtichste dichters fan syn generaasje [5].
De sinne, it smelle bêd, myn lichem is is syn fjirde bondel, mei mear as fyftich gedichten, ûnderferdield yn seis skiften. It binne gedichten dy't kwa foarm opfalle troch it ûntbrekken fan haadletters en it sunich brûken fan lêstekens. Underwerp is de kwetsberens fan it bestean. Harmen Wind fûn dizze bondel in oanwinst foar de Fryske poëzy [6]. Hy neamde de bondel 'subtyl en ûntfanklik', in besykjen om de eangst te beskriuwen en te beswarren. Twa jier nei it ferskinen kaam der in Nederlânske ferzje út.
De sinne, it smelle bêd, myn lichem wie oant no ta syn lêste Frysktalige bondel. Hjirnei ferskynden twa Nederlânsktalige bondels, te witten Om de zee te bevaren en Mijn vader bad. Yn in ynterview nei oanlieding fan it ferskinen fan Om de zee te bevaren mei Sander de Vaan sei Veenbaas hjiroer: 'Dat Om de zee te bevaren Nederlandstalig werd, heeft te maken met een innerlijk proces, waarbij de Nederlandse taal het simpelweg meer en meer is gaan overnemen. Maar een eigen taal is geen jas die je eventjes uitdoet. Tweetalig ben je voor het leven en vergeten of verloochenen zal ik mijn Friese herkomst nooit' [7].

Essayist
Tuskentroch joech Veenbaas noch de bondel De lêzer is in duvel út, mei essays oer it wurk fan in oantal skriuwers en skôgingen oer postmodernisme en de wurdearring fan literatuer. In grut part fan de stikken wie earder al publisearre yn û.o. Trotwaer. Veenbaas oefene krityk út op de oerhearskjende pozysje yn de Fryske literatuer fan dy skriuwers dy’t de klam op de literêre foarm leine. Dat waard him net yn tank ôfnaam. De reaksjes fan ferskate skriuwers op De lêzer is in duvel waarden troch Harmen Wind sammele en ynlaat yn In dynamyske diskusje: reaksjes op it literatuerkrityske wurk fan Jabik Veenbaas. Op filosofysk gebied mei it suksesfolle boek De Verliching als kraamkamer net ûnfermeld bliuwe, in bondel mei opstellen oer fyftjin ynfloedrike filosofen út de tiid fan de Ferljochting, skreaun foar in breed publyk.

‘Zolang de wind’
Yn 2006 levere Veenbaas in wichtige bydrage oan de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait. Hy skreau it haadstik oer it Fryske proaza nei 1970, dat er de titel ‘Experiment versus psychologie’ meijoech. It wie ien fan de lestichste parten fan it boek, omdat der net folle sekundêre literatuer oer wie. Syn bydrage levere krityk op omdat it te skematysk wêze soe en te wurdearjend. Abe de Vries kaam mei in nuansearre oardiel: ‘Ik bin it iens mei de krityk op it wurdearjende karakter fan it Wolkeboek, benammen by Jabik Veenbaas, mar der is by de kritisy te min each foar it feit dat de auteurs út it neat wei oarder yn de gaos bringe moasten’ [9].

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
[1] Frysk & Frij, 06-09-1990
[2] Leeuwarder Courant, 21-09-1990
[3] Friesch Dagblad, 02-06-2007
[4] Friesch Dagblad, 03-11-2004
[5] Friesch Dagblad, 09-02-2005
[6] Leeuwarder Courant, 17-10-2008
[7] Meander, 22-03-2012
[8] Abe de Vries, It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer, op Farsk 2008, ek yn Erfskip en krisis (2015)

List fan belangrykste wurk

Ferhalen

1990: Tusken Himel en Hel
2000: De brulloft fan Valentijn
2006: De wite ûle

Poëzy
2001: Metropolis
2003: De jefte
2004: Brieven oan myn bern
2006: Darwinistische weemoed - Darwinistyske weemoed
2007: Brieven aan mijn kind
2007: De sinne, it smelle bêd, myn lichem
2009: De zon, het smalle bed, mijn lichaam
2011: Om de zee te bevaren
2015: Mijn vader bad

Ferskaat
2003: De lêzer is in duvel (essays) mei diskusje oer dit boek op de Friese literatuursite (Jelle van der Meulen)
2013: De Verlichting als kraamkamer (Over het tijdperk en zijn betekenis voor het heden)

Toaniel
1994: Der wie in man dy’t Job hiet
1995: De ferlossing (in satire)
1995: It hûs mei de roazen (drama yn trije bedriuwen)
1996: Sear (earnstige ienakter)
2001: Moeke (ienakter)

Oersettings
(in seleksje)

Ingelsk–Frysk

1991: In krystliet yn proaza (in spoekferhaal oer krysttyd / Charles Dickens)

Frysk-Nederlânsk

1997: Van het Friese land en het Friese leven (een keuze uit de gedichten / Obe Postma)
1999: De citadel (een keur uit zijn gedichten / D.A. Tamminga)
2002: Jij bent zacht als zomerregen (de mooiste Friese liefdesgedichten)
2004: Alles begint bij de dingen / Theun de Vries
2006: De 100 mooiste Friese gedichten
2007: Sjoerd Spanninga, Indian summer (twatalige blomlêzing mei Abe de Vries; útlieding Veenbaas)

Prizen

1999: Obe Postma-priis, foar oersettings bondel Obe Postma (Van het Friese land en het Friese leven)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 5 okt. 2007, bywurke 22-06-2016