Berne: 06-01-1946, WOLVEGA

Libben en wurk

Nijeholtpea, in lyts doarp yn de Stellingwerven, is it plak dêr’t Johan Veenstra opgroeide. De earste tweintich jier fan syn libben wenne er mei syn mem en in omke op in lyts pleatske efterôf. Neidat it spultsje sanearre waard, setten se har in heale kilometer fierderop nei wenjen.Veenstra hat altyd by syn mem wenne. Hy wie iennichst bern, syn mem wie net troud.

Wa’t syn heit wie hat sy him by har libben nea ferteld en woe hy út piëteit mei har har net freegje.Wol hat dat feit fan grutte betsjutting west op syn persoanlike ûntwikkeling. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 25-06-2004) sei er dêr oer: ‘Et maekt je introvert, et belemmert je in je spontaniteit. Mien schrieveri’je het me hulpen om dat te overwinnen. Daor bin ‘k veul vri’jer deur wodden’.

Nei de ulo rekke Johan Veenstra oan it wurk op it belestingkantoar op It Hearrenfean. It wie syn earste en fuort ek syn lêste baan, tritich jier hat er dêr wurke. Doe is er foar de helte ôfkeurd omdat in kroanyske kwaal him it wurkjen hieltyd lestiger makke. Sûnt dy tiid fertsjinnet er de oare helte der by mei skriuwen en mei it fertellen út eigen wurk.

De earste fiifentweintich jier fan syn libben wiisde neat der op dat er him ûntwikkelje soe ta de bekendste skriuwer yn it Stellingwerfske taalgebiet. Wol lies er altyd in soad en mocht er op skoalle graach opstellen skriuwe. Mar om sels boeken te skriuwen kaam net yn him op en al hielendal net yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk. De omkear kaam yn 1971, nei’t er it boek De oolde pook fan H.J. Bergveld lêzen hie. Dat wie it earste boek dat yn it Stellingwerfsk ferskynde, it ynspirearre Veenstra ta it skriuwen fan ferhaaltsjes en gedichten yn syn eigen taal. Hy stjoerde se op nei de Leeuwarder Courant. De doetiidske haadredakteur Jacob Noordmans frege nei oanlieding dêrfan Veenstra, en in tal oare Stellingwerver auteurs, om bydragen te leverjen foar in eigen rubryk: Uut ’e Pultrum. It wie benammen folkspoëzy en humoristyske stikjes dy’t yn ‘Uut ’e Pultrum’ ferskynden.

Yn ’e rin fan de tiid is der in twasidige ûntwikkeling yn it skriuwersskip fan Johan Veenstra te merkbiten; oan de iene kant de humoristyske sketsen en ferhalen, oan de oare kant it persoanlike, djipper geande wurk. Op beide mêden toant Veenstra him in skriuwer mei in grutte taalbehearsking en literêr talint. As skriuwer is er tige produktyf, hy debutearre yn boekfoarm yn 1974 mei in bondel mei ferhalen en gedichten, ûnder de titel Wilde gaanzen. Syn earste roman, Een vlinder van zulver, ferskynde yn 1981. Trije jier letter folge troch de roman Naachs goelen de honnen. Foar dy roman krige Veenstra yn 1984 de troch de gemeenten East- en West Stellingwerf ynstelde H.J. Bergveld-pries. Yn 1991 krige er de priis nochris foar de werprintinge fan Een vlinder van zulver. Sa om it jier ferskynt der by de Stellingwarver Schrieversronte in wurk fan de hân fan Veenstra, hy publisearret gedichtebondels, romans, ferhalebondels en folksferhalen. It serieuze en it lichtere humoristyske wurk wikselet him ôf yn benammen de ferhalebondels, yn de romans leit de klam op syn persoanlike kant. Al lit er yn De boot naor Valhöll sjen dat ek it skriuwen fan net-humoristyske ferhalen him goed ôfgiet.

Yn 2006 ferskynde syn autobiografyske roman Een brogge van glas, in jier letter kaam de dichtbondel Longerlaand út. Yn beide útjeften sjocht de skriuwer/dichter werom op syn libben, ynhâdlik fertoane se in soad oerienkomsten. It is net om ’e nocht dat se pas ferskynden nei it ferstjerren fan syn mem, doe gie er ek op syk nei de identiteit fan syn biologyske heit, en dêrmei nei himsels. It ferhaal yn Een brogge fan glas begjint as de skriuwer in brief op ’e bus docht oan syn ûnbekende healbroer. It einiget fiif dagen letter as er antwurd kriget. Yn de tuskentiid skriuwt er oer de dingen en de minsken dy’t yn syn libben fan belang wiene en fakentiids noch binne. Neist de syktocht fan de soan nei syn heit, kin de leafde yn al har ferskiningsfoarmen sjoen wurde as ien fan de sintrale tema’s yn it boek. De leafde fan mem en soan, de geheime, homoseksuele leafde fan de soan foar syn freon, mar ek de leafde foar it lânskip en de natuer. Dat Veenstra mei syn iepenhertige roman syn lêzers wit te reitsjen blykt wol út it feit dat yn 2007 al de 4e printinge útkaam. Deselde syktocht nei ‘wa bin ik’ en ‘wêr kom ik wei’ komt ek ta utering yn de prachtich útfierde dichtbondel Longerlaand. Foar Longerlaand hat Johan Veenstra 23 fersen skreaun oer plakken yn de Stellingwerven. Keramist Peter Hiemstra makke bylden by de gedichten. Se binne fotografearre troch it Snitser echtpear Eric Hesmerg en Petra Hesmerg-Everaarts.

Johan Veenstra is fierder tige bekend wurden mei syn foardragen út eigen wurk. Seis jier lang hat er foar Omrop Fryslân sawat alle wiken op tongersdei temiddei in ferhaal foardroegen ûnder de titel Stellingwarver Stiekelstokkies. De humoristyske stikjes wiene populêr en Veenstra hie al gau in fêst harkerspublyk. Trije kear (yn 1991/93 en ‘95) is der in seleksje fan 50 ‘Stokkies’ yn boekfoarm ferskynd, mei dêrby in kasettebantsje mei opnames fan de ferteller. Yn 2004 kaam der in dûbel-cd út mei 24 fan de beste Stellingwarver Stiekelstokkies. Fierders giet er der meast alle wiken sa’n trije kear op út om te fertellen út eigen wurk en om ‘Stiekelstokkies’ foar te dragen by ferienings yn it hiele noarden fan it lân en by Drintse en Fryske ferienings yn de rest fan Nederlân.

Sûnt 2001 skriuwt Johan Veenstra kollums foar de Leeuwarder Courant yn de rubryk Klunderen.

Yn 2001 is Veenstra foar syn krewearjen foar de Stellingwerfske taal beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau.

Wurk

Romans

1981 : Een vlinder van zulver
1984 : Naachs goelen de honnen
1999 : Toegift
2006 : Een brogge van glas (2e, 3e pr. 2006, 4e pr. 2007)
2009 : Et geheim van de wiend
2015 : Een vrouw van ivoor

Ferhalebondels
1974 : Wilde gaanzen : verhaelen en riempies in de Stellingwarver tael (2e pr. 1977)
1977 : Fluitekruud
1987 : Lamert en Lutske
1990 : Lamert, Lutske en Doerak
1992 : De boot naor Valhöll
1997 : Een meenske is gien eerpel
2002 : Wonder boven wonder (volksverhaelen)
2004 : De wereld is gek
2012 : Mit et waeter veur de dokter Poëzy
1979 : As de wilde roze bluuit
1988 : De toren van De Lichtmis
1994 : Sletel parredies
2001 : Winterlaand
2007 : Longerlaand Ferskaat
1991 : Stellingwarver Stiekelstokkies  (radiokollums)
1993 : Stellingwarver Stiekelstokkies 2 (radiokollums)
1995 : Stellingwarver Stiekelstokkies 3 (radiokollums)

Oersettingen
1998 : Verrassend Stellingwarfs (vertaelings)
2009 : In brêge fan glês, oerset troch Folkert de Jong
2014 : Dick Bruna, Pake en beppe Pluus (oers fan Opaen oma Pluis)
Prizen
1984 : H.J. Bergveldpries (foar: Naachs goelen de honnen)
1991 : H.J. Bergveldpries (foar werprintinge fan: Een vlinder van zulver)
2002 : Siemonsma Cultuurprijs

Nominaasjes
2016 : Rink van der Veldepriis, Een vrouw van ivoor

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Tresoar, 19-1-2009