Berne: 28-07-1943, mOARmwÂld

Libben en wurk

Akky van der Veer is berne yn Moarmwâld, dêr’t se it grutste part fan har jeugd trochbrocht. Doe’t se fjirtjin jier wie, krige se tbc en waard se opnaam yn sanatoarium Sonnevanck te Hurderwyk, dêr’t se oardiel jier ‘kuerde’.

Yn dy tiid lies se in soad en skreau se har earste, Nederlânsktalige, ferhaaltsjes. Letter gie se nei de Dokkumer kweekskoalle foar de oplieding ta ûnderwizeres. Dêrnjonken helle se de akte Frysk mû-A. Har earste baan yn it ûnderwiis fûn se yn it Drintske doarp Pesse. Inkelde jierren letter krige se in beneaming oan in skoalle yn Snits. Dêr troude se mei fotograaf Henk Kuiper (1940-2005), soan fan dûmny-skriuwer Thys Kuiper. Se krigen trije bern; beide soannen Remco en Elmar binne as dichter ek aktyf op it literêre mêd. De húshâlding ferhuze letter nei in pleats yn it Marsumer Aldlân, in krite healwei Marsum en Deinum, dêr’t Akky van der veer no noch wennet.

Skriuwster
Yn 1973 debutearre Akky van der Veer mei de roman Read hier en reinwetter, útjûn by de KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek). Neffens eigen sizzen in boek sûnder pretinsjes, bedoeld as ferdivedaasje. Se liet al gau sjen dat se har net beheinde ta ien literêre rjochting. Yn 1974 wûn se in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal ‘Pake’ en yn 1977 nochris mei ‘Folle lok en seine’. It lêste ferhaal hat demintens as ûnderwerp. Datselde tema kaam ek oan de oarder yn de skets ‘Hjoed is it snein’ foar de produksje ‘Twa froulju’ dy’t Van der Veer skreau foar toanielselskip Tryater (1983/84). In twadde skets foar deselde produksje mei as titel ‘Lytse konfrontaasje’ giet oer de konfrontaasje fan in troude frou mei de freondin fan har man. Akky van der Veer bewurke ek Ype Poortinga syn roman Ik haw in man stellen foar toaniel ûnder de titel ‘Spul fan wyn en wolken’ (1984). Yn dy tiid begûn de skriuwster har út te lizzen op jeugd- en berneboeken.

Jeugd- en berneboeken
It aventoerlike berneboek Moai waar op ’e Lemmer, dat giet oer twa jonges en in sirkus, kaam út yn 1980. Yn 1985 ferskynde it jeugdboek Swart op wyt, dat giet oer de relaasje tusken de sechstjinjierrige Femke en har mem Ida. It boek, opset as deiboek fan Femke, ôfwiksele mei flashbacks út har bernetiid en mei toanieleftige dialogen, beskriuwt tolve dagen út it libben fan de opgroeiende puber. It behannelet universele tema’s as: wa bin ik, wêr kom ik wei en wêr gean ik hinne? Van der Veer beskriuwt dy sa’t it liket heftige tema’s mei humor en op in relativearjende manier. It boek waard in grut sukses. Yn 1986 krige se der de Simke Kloostermanpriis foar. Twa jier folge ynternasjonale erkenning foar it boek mei in earfolle fermelding fan de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille, in priis foar Europeeske jeugdliteratuer fan de Italjaanske provinsje Trente en de universiteit fan Padua. Yn 1988 ferskynde ûnder de titel Zwart op wit in Nederlânske oersetting troch Jant van der Weg-Laverman. Dy útjefte krige in plak op de Vlag en Wimpel-lijst (1989) fan de Griffelsjuery.

Wurk yn opdracht
Op fersyk fan de Stichting It Fryske Boek skreau Akky van der Veer yn oparbeidzjen mei dichteres Baukje Wytsma, muzikant Jaap Oosterwijk en yllustratise Laura Tietjens in boek mei as titel Disse en Jinge en frou Hilarides. It boek waard útjûn as berneboekegeskink yn de Fryske boekewike 1987 en wie sa’n grut sukses dat it tiim yn de jierren dêrnei noch twa kear in ferfolchdiel yn it ljocht joegen. Tagelyk makken Van der Veer, Wytsma en Oosterwijk in foarstelling mei deselde haadpersoanen dêr’t se skoallen yn de provinsje mei by del reizgen.

By gelegenheid fan har 75-jierrich bestean joech it PEB (Provinsjaal elektrisiteitsbedriuw) Akky van der Veer en Jan Terlouw de opdracht ta it skriuwen fan in jeugdferhaal dat oansluet by it jubileum. Maaie 1991 kamen de romans yn ien bân út (yn keardruk) mei de titels Koartsluting en Hoogspanning. Vander veer haar bydrage waard tige goed ûnthelle. Deselde kwaliteiten fan it eardere wurk wiene ek hjir wer te sjen: in goede toan foar in jeugdboek, mei humor en relativearring en in ferrassende plotopbou. In wichtich tema yn har boeken fynt de skriuwster de ferhâldingen tusken minsken.

Histoaryske romans
Mei de histoaryske roman Grutte wurden sloech Akky van der Veer wer in hiel oar literêr paad yn. De roman, dy’t spilet yn de Romeinske tiid, 14-16 nei Kristus, ferhellet fan in lytse mienskip fan boeren en fiskers. In Hollânske oersetting fan it boek kaam út yn 1986 ûnder de titel Gezworen woorden. Yn 1997 krige se foar Gezworen Woorden twaris in earfolle fermelding: by de útrikking fan de Gouden Zoen en by de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanille. It boek ferskynde ek yn in Dútstalige ferzje ûnder de titel Die Männer von Midgard.
Yn 2000 publisearre se de histoaryske novelle Kuneara, basearre op de leginde fan de hillige Kuneara fan Rhenen. It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan in trettjinjierrich famke. Dit boek wie it boekewikegeskink yn dat jier.

Yn ’e mande mei skriuwster Berber van der Geest skreau Akky van der Veer it boek 100 dingen en 1 papegaaiTriedsjes nei it ferline. It boek, fuortkaam út in edukatyf projekt fan de Centrale Biblioteek Dienst Fryslân en Tresoar, lit bern oan ’e hân fan in foarwerp út har famylje in ferbining lizze mei har eigen ferline.

Yn 2004, 1250 jier nei syn dea, kaam Van der Veer mei in boek oer Bonifatius en de tiid dêr’t er yn libbe. Fan it boek kaam tagelyk in Frysk- en in Nederlânsktalige ferzje út, mei de titels Bonifatius en syn tiid / Bonifatius en zijn tijd.

Nij libbenspaad
Yn 2013 folge Brieven oan ús mem, in tekst dy’t begjint as in samling brieven oan de ferstoarne mem, mar dy’t útrint op in 'autobiografyske learwei en in net te kearen persoanlik bewustwurdingsproses'. Nei ynhâld stapt de skriuwster dêrby bûten de ramten fan de gongbere kennis oer hoe’t de materiële wrâld yn elkoar stekt. It boek stiet ynhâldlik en nei tendins los fan al har earder wurk. Literêr resinsint Jelle van der Meulen oardielet yn in wiidweidich besprek: 'Ik had dit boek moeten laten staan waar het thuishoort: op de plank spiritualiteit.' 

Oersetwurk
Akky van der Veer hâldt har ek dwaande mei it oersetten fan berne- en jeugdboeken út it Nederlânsk; by útjouwerij Bornmeer is Akky van der Veer de fêste oersetster fan de rige Nijntjeboekjes, fierders hat se in pear dielen fan de Kameleon-searje yn it Frysk oerset.


List fan belangrykste wurk

Romans/novelle
1995: Grutte wurden (histoaryske roman)
1996: Gezworen woorden (Nederlânske ferzje fan Grutte wurden, de boeken binne 'tagelyk' skreaun)
2000: Kuneara (boekewikegeskink)

Non-fiksje
2004: Bonifatius en syn tiid
2013: Brieven oan ús mem
2017: De reuzen wurde wekker

Berne- en jeugdboeken
1973: Read hier en reinwetter
1980: Moai waar op ’e Lemmer
1985: Swart op wyt
1987: Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Baukje Wytsma)
1987: Heechterp (mei oare auteurs)
1988: Frou Hilarides en it Museum foar Moderne keunsten
1989: De saak Hilarides (mei Baukje Wytsma)
1991: Koartsluting (yn ien bân mei Hoogspanning, Jan Terlouw) 2de pr 2014 (sûnder Hoogspanning)
1997: It swurd fan Lytse Pier (mei Baukje Wytsma, Aksjeboek foar bern, Sutelaksje)
2003: 100 dingen en 1 papegaai
2008: Freoneboek mei tsien Fryske gedichten(Aksjeboek foar bern nû. 22)

Toaniel
2012: Mei sturt en earen (Ienakter)
2012: What's a woman (Ienakter)

Oersettings
1988: Zwart op wit (Swart op wyt)
1998: Die Männer von Midgard (Gezworen woorden)
2004: Bonifatius en zijn tijd (Bonifatius en syn tiid)
2005: Dick Bruna, Nijntje oan see (Nijntje aan zee)
2006: Dick Bruna, Fûgel Pyt (Vogel Piet)
2010: Dick Bruna, Stoepkant....stop! (Stoeprand ....stop!)
2016: Hiemhûntsje (Peer Wittenbols)

Prizen
1974: Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Pake’)
1977: Rely Jorritsmapriis (ferhaal ‘Folle lok en seine’)
1986: Simke Kloostermanpriis foar Swart op wyt
1987: Earfolle fermelding foar Swart op wyt by: Premio Europeo di Letteratura Giovanile
1989: Plak op de Vlag- en Wimpellijst fan Zwart op wit (CPNB)
1997: Earfolle fermelding foar Gezworen Woorden by de útrikking fan de Gouden Zoen
1997: Earfolle fermelding foar Grutte Wurden by: Premio Europeo di Letteratura Giovanille

Mear oer skriuwster en wurk
Ferslach Ynspiraasje en ynhâld, Skriuwersbounwykein 5-6 nov 2011, Riis
Fraachpetear mei Geart de Vries, de koperen Tún, Omrop Fryslân, 22-05-1986
Opname by Operaesje Fers
Jelle van der Meulen, Friese literatuur-site


(c) Tresoar, septimber 2008