Berne: 06-11-1941, Huzum

Libben en wurk

Marten Gerben (Max) Wieringa waard yn 1941 berne te Huzum.

Doe’t er fiif wie ferfarde de húshâlding nei Hollân, mar Fryslân rekke noait hielendal út it sicht. Dat gie wol op foar de taal: it Stedsfrysk fan Ljouwert makke geandewei plak foar it Nederlânsk. Ienris ôfstudearre sette er him as toskedokter nei wenjen yn Leiden.

Pas nei syn pensjoen kaam der tiid frij om mear mei it Frysk te dwaan. De stúdzje fan de taal seach Wieringa as ‘in lette ropping’, sa’t er it sels omskreau.

Mei it útwreidzjen fan de learmooglikheden fia ynternet waard syn niget oan de Fryske taal fuortsterke. Boppedat wie syn lidmaatskip fan ’e Ljouwerter biblioteek en benammen de ôfdieling Frysk tige wichtich. It lêzen fan tsientallen Fryske boeken  en it folgjen fan in basiskursus joegen him in goede taalûndergrûn. Ut en troch wie Wieringa ek te finen op jûnen en gearkomsten fan de Fryske kriten yn Leiden en yn Bodegraven. De Fryske toanielselskippen dy ’t der spilen soargen foar in fierdere útwreiding fan syn taalskat.

De skriuwerij hie Wieringa fan jongs ôf oan yn ’e besnijing. Dat begûn al mei de skoalkrante. Neitiid  skreau er artikels yn it fakblêd foar toskedokters. Oan  it fakblêd foar akupunktuer levere hy lyksa bydragen, fansels yn it Nederlânsk. Sa gau as  de pensjoenperioade oanbrutsen wie, seagen de Fryske ferhalen en kollums it ljocht. Dy waarden bondele yn Noatsjitten, dat ferskynde yn 2013.

It twadde boekje kaam út yn 2016 ûnder de titel Oare Tiden. Yn dit boekje stiet ferslachjouster Jacinthe Mollinga sintraal. Mei humor en faasje wurdt beskreaun hoe't se op 'en paad giet om in portret fan krimineel Hampie Bokma te skriuwen. Yn 2017 waard it ek omset yn in audioboek.

Wurk


Romans
2016: Oare Tiden

Ferhalebondels
2013: Noatsjitten (ferhalen en kollums)

Ferskaat

2007: Albert van der Stel, 1887-1975; tijdsbeeld van een bewogen leven

Prizen

Mear oer de skriuwer en syn wurk
www.mooigedagt.nl

©Tresoar, 04-04-2018