Berne: 30 novimber 1919, Langwar
Ferstoarn: 6 febrewaris 1997, Snits

Libben en wurk

Jeugd
Anne Sybe Wadman waard grut yn in sosjalistyske húshâlding yn Langwar. Syn heit wie gemeenteûntfanger. Oer syn middelskoallejierren publisearre er letter ûnder oare yn Mei Abraham fûstkje (1969) en yn 16 (1985), in nijsgjirrich ego-dokumint, Wadman syn deiboek fan 1936.

As jonge al sluet er him oan by frysksinnige fermiddens. Fral foar it Boun fan de Frysk Nasjonale Jongerein fersette er in soad wurk. Al ier wist er feardich mei de pinne om te gean. Yn de stikjes dy’t fan syn hân ferskynden yn bledsjes as It Seinfjûr en Het Schoolblad kaam syn niget oan muzyk, literatuer en Frysk moai dúdlik út.

Stúdzje
Yn 1939 begûn er oan de stúdzje Nederlânsk yn Amsterdam. Fanwegen de oarloch koe er de stúdzje pas yn 1948 ôfmeitsje. Syn lettere oarlochsjierren wurke er foar de bonnedistribúsje yn Langwar, de lêste winter wie er ûnderdûkt op ’e Gerdyk. Sa hie er tiid ta lêzen, skriuwen en briefkjen mei in grut tal minsken. Troch it lêzen fan Ter Braak kaam er ta it ynsicht dat er yn syn skriuwen mei in grimmitige earlikens ‘syn minsklike ûnmacht belide moast’. Hy woe him as Frysk skriuwer manifestearje en de Fryske literatuer foarút bringe, yn it bewitten dat dy nêst de gruttere literatueren mar behyplik wie. Hy wurke yn dy tiid oan syn debút, Fioele en faem, dat earst fiif jier letter yn 1948 ferskine soe. Fuort nei de oarloch kamen wol de fersebondels Op koart front (1945) en Fan tsien wâllen (1945) út, mar dêrnei dichte er net wer. Yn syn lettere bondel mei oantinkens Mei Abraham fûstkje wie er tige negatyf oer it eigen dichtwurk, mar de lêzers kinne de fersen mei har anty-boargerlike en yllúzjeleaze toan, staljûn yn hechte foarmen, noch altyd wurdearje.

Begjin fan literêre aktiviteiten, kritikus
Yn de lêste oarlochsjierren fûn Wadman oansluting by Fedde Schurer en Douwe Tamminga mei syn plannen om nei de oarloch in tydskrift op te rjochtsjen. Dat waard De Tsjerne. Wadman siet oant 1953 yn de redaksje. Hy wie koart nei de oarloch ek noch twa jier redaksjelid fan it Hollânsktalige Podium, mei ûnder oaren Fokke Sierksma en syn freon Gerrit Borgers. De lêste wie in stúdzjegenoat en yn letter tiid syn kontakt yn de Nederlânsk-literêre wrâld. Yn dy acht jier boude er de reputaasje op fan skerp literêr kritikus dy’t de Fryske literatuer mjitte woe oan it ‘Europeesk peil’. Fûl kaam er op tsjin selsfoldiene en al te smûke folksaardige lektuer. Hoewol’t er sels gjin gedichten mear skreau, folge er de dichtkeunst wol. Mei de twatalige blomlêzing Frieslands dichters (1949), skreaun yn opdracht fan it lânsregear, makke er de Fryske literatuer yn Hollân tagonkliker. Hy woe mei syn blomlêzing de Fryske dichtkeunst ‘achter de kowesturten weihelje’, wat werom te sjen is yn de kar fan de fersen dy’t er makke.
Wadman syn debút Fioele en faem giet oer it isolearre bestean fan notarisklerk Jeen Joukes Offringa, ûnmachtich om relaasjes oan te gean. It is in taai boek, de hanling bestiet foaral út wat de haadpersoan allegear beprakkesearret. It ferhaal spilet, yn ôfwiking fan de measte Fryske romans fan doe, net op it Fryske plattelân mar yn Amsterdam. Troch syn ôfwikende tematyk en setting kin it boek sjoen wurde as it begjin fan de moderne Fryske literatuer, de boereroman foarby. De roman waard net sa posityf ûnthelle. Mear lof wie der foar de novelle Reedridder (1949). Dêr waard de opposysje al dúdlik dy’t yn Wadman syn letter wurk ek faak spilet: dy tusken de twivelriedige yntellektueel en de fitale trochpakker dy’t net tefolle prakkisearret, yn dit gefal pleatst yn it dekor fan it winterske feest fan de reedriderij dêr’t de klúnhakke gjin partoer jaan kin.

Akademysk wurk
Yn 1952 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn kritysk wurk, bondele yn Kritysk konvoai (1951). Fan 1948 ôf wurke er as learaar Nederlânsk, in koart skoftke op It Hearrenfean, dêrnei oan it stedsgymnasium Magister Alvinus yn Snits, dêr’t er bliuwe soe oant er yn 1971 de oerstap makke nei de learareoplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert. Yn 1953 troude er mei Hylkje Goïnga, in âld-learling fan him. Syn earder houlik wie nei in pear jier op ’e non rûn. Hylkje en hy krigen trije bern.
Yn 1953 stapte Wadman út de redaksje fan De Tsjerne. De djipperlizzende oarsaak wie in ferskil yn fizy oer hoe fier oft de Fryske literateur fan de beweging en de trochsneed lêzer ôfstean koe. Wadman gie dêr fierder yn as de oare redaksjeleden en woe romte jaan oan de moderne, eksperimintele poëzij, dy’t yn dy snuorje yn Nederlân en ek yn Fryslân trochbriek. Hy gie oan de slach mei syn stúdzje oer Hjerre Gjerrits van der Veen, dêr’t er yn 1955 op promovearre. De troch him begearde posysje fan heechlearaar Frysk yn Amsterdam krige er lykwols net. Yn akademyske rûnten telde it Frysk foaral mei fanwegen it Aldfrysk. In beneaming fan Wadman soe it belang fan de moderne Fryske literatuer erkend ha, en sa fier wiene se yn Hollân noch net.

Kritysk oan de sydline
De jierren dêrnei wie er in tige produktyf en kritysk skôger fan sawol de Fryske as de Hollânske literatuer. Hy publisearre yn it deiblêd Het Vrije Volk, yn de rubryk ‘Literair kwartier’ fan de Rono en letter ek wol wer yn De Tsjerne.
Trettjin ferhalen bondele Wadman yn 1960 as Yn 'e lytse loege. De measte dêrfan hiene earder yn De Tsjerne stien. Yn syn grutte stúdzje fan it koarte ferhaal út 1977 ornearret Riemersma dat de wearde fan Wadman syn ferhalen leit yn har yntelliginte opbou en psychologyske djipgong, en dat dat tagelyk ek as in beswier jilde kin: de psychology is te twingend en de opbou te slutend. Hoe’t dat ek wêze mei, tagelyk mei de roman Fioele en faem foarmje Wadman syn ferhalen in brek mei de eardere literatuer en binne se fan grutte wearde foar de ûntjouwing fan de Fryske literatuer. Yn 1960 ferskynde ek Wadmans twadde roman, Hoe moat dat nou, Marijke?, troch himsels oantsjut as in ‘bakfiskroman foar folwoeksenen’. De roman beskriuwt neffens it prosedee fan de soap de wederwaardichheden fan fjouwer personaazjes op fakânsje op in waadeilân, mei alle leafdesyntriizjes dy’t dêrby hearre.
De tematyk fan Reedridder komt wer nei foaren yn De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962) mei it fitale en frije libben ferbylde yn de fierder skematyske persoan fan Bjinse Houtsma, dêr’t haadpersoan Hindrik Visser, wifkjend tusken de ferkillende opsjes dy’t it leafdeslibben him biedt, net tsjinop kin. ‘Bjinse’ waard tige divers ûnthelle en joech stof ta diskusje, ûnder oare yn Wadman syn ienmanstydskrift De Teannewâdder (1961-1963). Yn dat blêd joech er him rekkenskip fan syn wurk as proazaskriuwer en dichter. De einkonklúzje yn 1963 wie dat er leaver alhiel gjin skriuwer wêze woe as in midsmjittigen-ien dy’t allinne yn Fryske ferhâldingen belangryk wie.

Bestseller
Wadman syn skriuwdriuw lykwols wie grutter as syn tsjinsin, en net lang nei syn sombere fizy op syn Frysk skriuwerskip yn De Teannewâdder skreau er op It Amelân yn fiif dagen De smearlappen, in moderne ferzje fan de tradisjonele boereroman. De jonge boeredochter Eelkje wurdt leafdeleas grut en it slachtoffer fan har eigen langst nei leafde. Se docht nei ôfrin ferslach as wie it in bycht, wat de sizzingskrêft fan it ferhaal tige fersterke.
It boek ferskynde yn oktober 1963 yn pocketfoarm, doe in nij ferskynsel, en sloech yn as in bom. Foar in tal lêzers wie de foar dy tiid iepentlik beskreaune seks in stroffelstien. It gûnze om en der ferskynden ynstjoerde stikken yn de krante. Dat hie effekt op de ferkeap: de earste printing fan 1500 eksimplaren wie yn trije wike útferkocht; ein 1964 stie de teller op 6500. Oer gjin inkelde oare Fryske roman is safolle skreaun en wreaun. Under de beropskritisy wiene de mieningen ferdield. Guon fûnen dat it ferhaal in te negative fizy joech op it libben, en dat Eelkje net tagelyk ûnnoazel en tûk wêze koe, oaren wurdearren it boek krekt posityf as in warskôging tsjin leafdeleazens. De eksplisite seks waard yn de Fryske kontekst wol as fernijend sjoen, mar net yn fergeliking mei de Nederlânske literatuer. Yn 1964 ferskynde in oersetting yn it Hollânsk yn de rige ‘Zwarte beertjes’ fan útjouwerij Bruna. De ferkeap berûn sa’n 30.000. De lanlike kritisy wiene oer it generaal posityf; se wurdearren it boek benammen as in streekroman dy’t in realistysk byld fan Fryslân joech.

Produktive jierren en dosint oan learare-oplieding Ubbo Emmius
Nei it ferskinen fan De smearlappen skreau Wadman troch. Yn de tsien jier dy’t folgen kamen noch fiif romans út. It sukses fan De smearlappen soe er net wer helje, mar de nei foarm eksperiminteel opsette roman De feestgongers wurdt ta syn bêste wurk rekkene. Yn dizze perioade komt ek de oarloch as tema yn syn wurk nei foaren, meast as de omstannichheid dat minsken twongen wurde ta in kar, wat de altyd wifkjende personaazjes fan Wadman yn in noch griller ljocht set. Yn 1969 ferskynde ek noch it autobiografyske Mei Abraham fûstkje, allyksa in hichtepunt yn Wadmans oeuvre.
Yn de tsien jier dat er by Ubbo Emmius wurke, fan 1971-1981, stie syn produksje sawat stil troch it beslach dat it wurk op him lei. Syn houlik mei Hylkje Goïnga rûn speak, en sûnt 1981 wennen se apart fan elkoar. Hylkje Goïnga har literêr wurk liet him net ûnferskillich. Benammen Frijende kikkerts út 1986, dat er yn literêr opsicht in lyts masterwurk neamde, dreau him derta it autobiografyske karakter derfan iepentlik yn de kiif te stellen.

Frij man
Yn 1981 gie Wadman út it wurk, wat him de romte joech om op ’en nij in protte te skriuwen. Tusken 1982 en 1994 ferskynden noch in kear tsien romans fan wikseljend nivo. Yn Adams harnas (1982) is in ambisjeus boek mei in politike strekking, dat in warskôging wêze wol tsjin de bedrigingen foar de demokrasy. It is net sa tagonklik skreaun. ‘It boek is tefolle essay om as roman te boeien en tefolle roman om as essay lêzen te wurden.’ (Steven H.P. de Jong). Wol tagonklik skreaun en goed ûnthelle is In bolle yn ’e reak (1985), in oarlochsroman dy’t yn 2009 mei twa oare titels as omnibus op 'en nij útûn waard.
Wadman wie ek in Simon Vestdijkkenner en hy publisearre ûnderskate stúdzjes oer Vestdijk. It plan foar in Vestdijk-biografy tegearre mei Hans Visser rûn yn 1984 op ’e non, omdat de widdo fan Vestdijk dêr it near op lei. Visser en Wadman soene temin respekt ha foar Vestdijk syn privacy.
As taalkenner fersoarge Wadman in rubryk foar de Ljouwerter Krante en hy levere bydragen oan it wittenskiplike tydskrift Us Wurk. Foar it wykblêd Frysk en Frij bespriek er benammen de nij ferskynde Fryske romans.
Foar al syn Frysktalige romans krige Wadman yn 1989 foar de twadde kear de Gysbert Japicxpriis. Dochs naam dy erkenning syn twivel oan de betsjutting fan syn fiksjoneel proazawurk net wei, in twivel dy’t er net hie by syn wittenskiplik wurk en syn kritiken. Alle jierren troch wie de muzyk syn grutte leafde, sawol klassyk as jazz. Hy hie al jong fioelespyljen leard en spile yn ferskate orkesten. Dêrnêst publisearre er oer ûnderwerpen op it mêd fan de muzyk.

Literatuer foar fierdere stúdzje (in seleksje)
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skrifteken- nisse, s. 12, 13, 247, 261, 262, 272-274. 276. 277
1976: D.A. Tamminga, Tekst en Utlis
1977: Tr. Riemersma, It koarte ferhael yn de Fryske literatuer fan de tweintichste ieu, s. 183-190
1977: Klaes Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s. 112, 113, 115-117, 131, 139, 151, 157, 158
1977: Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske Biweging, s. 81, 355, 390, 393, 394, 400, 401
1978: G.R. Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s. 26, 55, 56, 249, 250, 414, 416, 417, 549
1989: Anne Wadmannûmer fan Trotwaer (jg 21, nr. 6).
1997: Nijsberjocht LC 07-02-1997
1997: In memoriam, LC 07-02-1997 part 1 en part 2
1997: Flippus Breuker, 'De Fryske wrâld is foller wurden. Ta oantins oan Anne Wadman', FD 10-02-1997.
1997: Pieter de Groot oer Wadman, LC 14-02-1997
1997: Freark Dam oer Wadman syn poëzij, LC 14-02-1997
1997: Babs Gezelle Meerburg, 'Ta in oantinken oan Anne Wadman', Trotwaer jg 29 s. 4-6.
1997: Babs Gezelle Meerburg, 'Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne'. De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma as 'fernijende' Fryske romans. Proefskrift, Ljouwert 1997.
2006: Zolang de wind van de wolken waait, hdst 6 en hdst 8.
2007: Steven de Jong. Ta in hichte, of de balke yn eigen each. Monografy oer it literêre wurk fan Anne Wadman
2009: Joke Corporaal: Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur. (proefskrift, online beskikber)


Bibliografy

Romans

1948: Fioele en faem
1960: Hoe moat dat nou, Marijke?
1962: De oerwinning fan Bjinse Houtsma (2de pr 1984, 3de pr 2014; yn 1965 oerset troch Anne Wadman, De overwinning van Bjinse Houtsma)(yn 1986 De overwinning fan Bjinse Houtsma yn "grutte letter", by Grootdruk-Uitgeverij Eindhoven B.V. )
1963: De smearlappen (ûndertitel: boereroman)(6de pr.1983, yn 1964 oerset troch Sj. Spanninga, De smeerlappen, yn 1965 oerset yn it Dútsk troch G. Hermanowski, Elke und die Männer)
1964: Kûgels foar in labbekak (yn 1966 oerset troch de skriuwer, Kogels voor een labbekak)
1966: By de duvel to bycht (yn 1968 oerset yn it Nederl. troch de skriuwer, Bij de duivel te biecht)
1968: De feestgongers (yn 1971 oerset troch de skriuwer, De feestgangers, 2de pr. 1995)
1970: It rammeljen fan de pels. (ûndertitel: damesroman) (yn 1983 yn it Nederl. oerset troch Albert van der Meer, mei meiwurking fan Anne Wadman, Een klein sadistisch trekje)
1973: As in lyts baeske
1982: Yn Adams harnas
1984: De verkrachting (Nederlânsk)
1985: Tinke oan âlde tiden
1986: In bolle yn 'e reak
1987: De terechtstelling (Nederlânsk)
1988: De frou yn 'e flesse (ûndertitel: roman fan Janneke en Jip)
1990: De fearren fan de wikel
1991: Fjoer út in dôve hurd
1992: In ûnbetelle rekken (Boekewikegeskink nû.4)
1994: In okse nei de slachtbank
2009: De oarloch fan Wadman (samling mei Kûgels foar in labbekak, In bolle yn 'e reak en De fearren fan de wikel)

Novelle
1949: Reedridder

Ferhalebondel
1960: Yn 'e lytse loege

Dichtwurk
1945: Fan tsien wâllen (2de pr. 1946)
1945: Op koart front (2e pr.1946)

Blomlêzingen:
1949: Frieslands Dichters (bloemlezing uit Friese Lyriek sinds 1880 met vertalingen in het Nederlands, samengesteld, ingeleid en van een bio-bibliografie voorzien door Anne Wadman)
1950: Kleine keur uit Frieslands dichters sinds 1880 (mei Fedde Schurer en D.A. Tamminga)
1960: Friese verhalen in het Nederlands (Samengesteld en vertaald door Douwe Tamminga en Anne Wadman)

Ferskaat
1945: De baenfager: algemien Frysk jongereinblêd: ien yllegaal en ien befrijingsnûmer
1951: De Friesche kwestie, wat niet-Friezen er van zeggen in kranten en tijdschriften, Anne Wadman en D.A. Tamminga
1951: Kritysk konfoai (essays)
1953: Fryske Fersleare (oer poëzij)
1955: Harkspul: in gast op Liaukama-state (nei it grouwe pak)
1955: In skoalmaster yn 'e Dokkumerwâlden, libbensgong fan Hjerre Gjerrits van der Veen (dissertaasje)
1958: Schola Alvini, lotgevallen van de Latijnse school en het gymnasium te Sneek
1959: Taeleigen en eigen tael (didaktysk wurk)
1960: Friese verhalen in het Nederlands (Samengesteld en vertaald door Douwe Tamminga en Anne Wadman)
1961/1962: Taeleigen en eigen tael (didaktysk wurk)
1965: Handdruk en handgemeen, leesavonturen met Simon Vestdijk
1966: Zestig jaar wereldgeschiedenis, Beknopt overzicht 1900-1960, deel 1 1900-1920, deel 11 1920-1940?
1969: Mei Abraham fûstkje (bondel útjûn by de 55e jierdei fan de skriuwer. Dêryn: Net nei de Costa Brava, in autobiografysk ferhaal, earder ferskynd as apart nûmer fan De Strikel)
1970: De toekomst van het Sneker gymnasium (mei A.J. Keulen en S. Sybesma)
1979: Oer Obe Postma (mei J.H. Brouwer, Fokke Sierksma, ynlieding: A. Feitsma)
1981: Historye van Pyramus ande Thisbe (mei Erna Aman,GeesjeLeferink, Pyt Zylstra). Utjûn by it ôfskied fan Anne Wadman as meiwurker by "Ubbo Emmius"
1981: Van Drien ghesellen Die den Bake stalen, door: Maria Oudekerk, Anne Wadman, Hilde Wobma-Dethmers, m.m.v. Jan F. de Boer. Utjûn by it ôfskied fan Anne Wadman, as meiwurker van "Ubbo Emmius", 1 des. 1981
1984: Een hartversterking, de reacties op Vestdijks eerste dichtbundel, ingeleid en toegedicht door A. Wadman met medewerking van Gerben Wynia
1984: Biografisch Bijwerk, (Reeks 'Rondom S. Vestdijk') door Hans Visser en Anne Wadman, met medewerking van Willem Diemer en Gerben Wynia
1984: Knett'rend vuurwerk, Brieven aan S. Vestdijk, ingeleid en toegelicht door Hans Visser, Anne Wadman, Mick de Vries en Gerben Wynia, met medewerking van Xaviera Hollander
1985: 16 deiboek 1936
1987: Stukjes uit de voortijd... Dat hij niet tot de minst critische personen behoort..., aan de nagedachtenis van mijn zeer gewaardeerde leraar Nederlands - S. M. Noach (1879-1944)
1987: De grote explosie, snuffelen in de marge van Vestdijks gedichten 1930-1932
1988: Veronie Brouwer, Dokteraal skriptie: Anne Wadman en de verkrachting (ferliking fan twa romans fan Wadman: Verkrachting/De smeerlappen)
1989: Veel meer dan tien geboden - over S.M. Noach (1879-1944)
1989: Dou sjochst it oars as ikke, in briefwiksel út 1944- '45, Piter Terpstra en Anne Wadman (Byskriften nr.1)
1990: It kritysk kerwei. Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (mei bibliografy)
1994: Oer oarmans en eigen. Essayistysk en kritysk ferskaat. Mei bibliografy 1972-1994.

Ienmanstydskrift
1961-1963: De Teannewâdder, 8 nûmers

Toaniel
1949: De kronyk fan Frija, mei Abe Brouwer
1952: Prins Karnaval, in klucht fan Roparz Hemon, oerset út it Bretonsk, oarspronklike titel: Meurlarjez (troch Anne Wadman oerset út it Ingelsk)
1958: Spoekpastorij (mei Hein Groeneveld, ûnder skûlnamme Rudmer Douma jr)
1959: As de kat fan hûs...(ûnder pseudonym, Jelmer Wiegersma)
1962: In slet fan tsien dollar (nei J.P. Sartre)
1964: Omsjen yn lilkens (Look back in anger, oerset nei John Osborne)
1973: Oersetting fan brief Encounter, troch Anne Wadman, In tútsje oer de toanbank (nei Noël Coward/Jack Dixon)
1990: Ynterieur (1894), Maurice Maeterlinck, oerset út it Frânsk troch Anne Wadman

Prizen
1952: Gysbert Japicxpriis foar: Kritysk Konfoai
1989: Gysbert Japicxpriis foar de yn 1986 ferskynde roman In bolle yn 'e reak en it yn 1988 útkommen De frou yn 'e flesse en foar al syn fierdere Fryske romans


Mear ynformaasje oer Wadman
Geart de Vries, Omrop Fryslân, fraachpetear, fragminten
Wadman lêst Lyts Heechliet, opname: 1959
Ferskate opnamen fan Wadman út it argyf, RONO en Omrop Fryslân 
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Nekrology Tr. Riemersma, NRC 12-02-1997


Tresoar, 11-12-2009 / 20-06-2014