Berne: 9-7-1956, Snits

Libben en wurk

Thys Wadman groeide op yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis. Fan 1986 ôf wie er haad fan de iepenbiere basisskoalle yn Koudum, no yn Nijhoarne.

Foardat er mei skriuwen begûn wie er muzikaal aktyf as sellist yn salonorkest 'Plumeau' en as drummer yn de Frysktalige groep 'Jarje'. Letter waard er dat yn de Koudumer band 'Cajun Beano'.

Skriuwer

Thys Wadman wurke mei oan de ûntwikkeling fan de taalmetoade Studio F foar it basisûnderwiis en sa kaam er ta it skriuwen fan ferhalen en gedichten foar âldere bern, dy't publisearre waarden yn de blêden Switsj en Linkk. Se foelen der goed yn, wat him oanmoedige om fierder te gean. Dat resultearre yn de ferhalebondel De oerwinnings fan Tido Houtsma. By de metoade skreau er in lêsboek op it tema Natuer, De Fûgelklup.
It feit dat syn heit en mem beide bekende skriuwers wiene, hat him earder ôfremme as stimulearre om sels ek te skriuwen, omdat er dan dochs fergelike wurde soe mei syn âlden. 'De minsken moatte de ferhalen beoardielje op de eigen kwaliteit. Oft se dy moai fine of net, hat neat te meitsjen mei fan wa't ik ien bin', sei er yn in fraachpetear yn de LC (10-9-2010). Ynspiraasje hellet Wadman út wat er meimakke hat yn syn wurk op skoalle, mar ek de eigen jeugdûnderfiningen spylje in rol.


List fan belangrykste wurk

Proaza
2010: De fûgelklup
2010: De oerwinnings fan Tido Houtsma
2011: De bisteboel fan omke Roel. Ferhalen by ferskes fan Hindrik van der Meer
2014: In nije heit

Prizen
2013: Simke Kloostermanpriis foar De oerwinnings fan Tido

Nominaasjes
2012: Shortlist Fedde Schurerpriis mei De oerwinnings fan Tido Houtsma
2016: Simke Kloortermanpriis mei In nije heit

Mear ynformaasje oer Thys Wadman
Sietse de Vries, fraachpetear LC 10-9-2010 part 1 en part 2
 

Tresoar, 6-4-2012