Berne: 01-02-1966, Snits

Libben en wurk

Liuwe Westra studearre klassike talen en teology yn Grins. Op it stuit is er dûmny fan de gemeenten Lollum-Waaksens en Burchwert-Hartwert-Hichtum. Hy wennet yn Lollum.

Yn syn stúdzjetiid waard er lid fan 'e Fryske studinteferiening Bernlef. Dêr rekke er mear en mear belutsen by it Frysk. Hy joech him ek by de Ried foar de Fryske Beweging, dêr’t er letter foarsitter fan waard. Under syn lieding waard de hâlding fan de Ried nei bûten ta iepener en kaam der mear ôfstân ta in al te folkloristyske en nasjonalistyske ynstek. Tagelyk hiene ek mear formele saken, lykas de ferfrysking fan de provinsjenamme, de plaknammekwestje en de wetjouwing oer it Frysk yn bestjoerlik en rjochtsferkear syn omtinken.
As dûmny preket er yn it Frysk. By in ynterview yn it Friesch Dagblad sei er dêroer: ‘Ik koe de tsjerkeried dúdlik meitsje dat as ik op sneon yn it Frysk by de bakker in bôle helje, ik op snein dy bêste man net yn in oare taal te wurd stean koe.’ Nei syn beneaming ta dûmny yn de gemeente Lollum/Burchwert lei er de foarsittershammer fan de Ried del. Yn 1998 waard er foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip, wat er bleau oant 2013, doe’t it KFS oergie yn de Stifting Krúspunt.
Yn 2002 promovearre er op de Apostoalyske Geloofsbelidenis. Neist dûmny waard er yn 2010 meiwurker oan it ‘Centrum voor Patristisch Onderzoek’ fan de universiteit fan Tilburch foar it ûndersyk nei ier-kristlike teksten.
Fierders is er bestjoerslid fan de Stifting WFD (Wereldkampioenschap Fries Dammen), dy’t ta doel hat it Fryske damjen oftewol ‘oer alles’ om te foarmjen ta in hjoeddeiske en wrâldwiid beoefene wedstrydsport.

Oersetter
As oersetter krige Westra yn 2011 bekendheid mei de oersetting It Selskip fan de Ring, it earste diel fan de trilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. Dêrby sluet er oan op De hobbit, de foarrinner fan de trilogy, oerset troch Anne Tjerk Popkema yn 2009. Nammen fan persoanen en plakken yn beide boeken binne op inoar ôfstimd.
Neist syn wurk as oersetter fynt Westra it wichtich by te dragen oan de Fryske essayistyk, hjirby stimulearre troch in fraach fan de redaksje fan Skanoskrift. Ek foar de Moanne skriuwt er út en troch in essay of in wiidweidiger boekbesprek.
As proeflêzer wie er belutsen by de oersetting fan de fantasyroman The Hallowed Hunt fan skriuwster Lois McMaster Bujold troch Willem Sjoerds Janzen ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf (2014). Westra wurke ek mei oan de oersettingen foar it Lieteboek (2015).
Op it stuit wurket Westra oan de oersetting fan it twadde diel fan The Lord of the Rings, dat hooplik yn 2015 útkomme sil as De Twa Tuorren.

Nut fan oersettingen en resepsje
Oer it nut fan oersettingen nei it Frysk ta ferskille de mieningen. As pluspunten wurde neamd dat op dizze manier it oanbod fan Fryske boeken grutter wurdt, wylst de oersetting fan klassikers in bydrage foarmet ta de status fan it Frysk. Abe de Vries stelt yn it Friesch Dagblad dat in oersetting benammen syn krêften mjit mei de doeltaal, yn dit gefal it Frysk. Liuwe Westra sels hâldt it derop dat er benammen in ‘alderferskuorrendste wille’ hân hat by dit muontsewurk dat sa’n tsien jier yn beslach naam.
Sietse de Vries ornearre yn syn besprek dat de Fryske ferzje it op alle fronten wint fan de Nederlânske oersetting fan Max Schuchart. Benammen de gedichten binne neffens De Vries by Liuwe Westra yn bettere hannen. Abe de Vries is it dêrmei iens, al hat er wol krityk op de bytiden fonetyske stavering dêr’t Westra foar keas.
Sels giet Liuwe Westra yn syn essay “‘Not wholly true, not perfectly theocentric’: in dwerse wurdearring fan Tolkien syn The Lord of the Rings as in kristlik boek” wiidweidich yn op de religieuze kanten fan de trilogy sa’t Tolkien dy sels seach. Sa kinne it sykjen om it goede en de striid tusken goed en kwea neffens Liuwe Westra aspekten wêze dy’t yn wêzen in godstsjinstige achtergrûn hawwe, wêrby’t it taalgebrûk fersterkjend wurket. Likegoed sjocht er Tolkien syn trilogy as heidenske mytology, sa’t er stelde yn in ynterview mei de Ljouwerter Krante fan 18 novimber 2011.

Boarnen foar dit stik

Kranteartikels ûnderoan neamd

Bibliografy (in seleksje)
Oersetting
2011: It Selskip fan de Ring, diel 1 fan The Lord of The Rings troch J.R.R. Tolkien

Essee
2006-2007: ‘Not Wholly True, Not Perfectly Theocentric’ - In dwerse wurdearring fan Tolkien syn The Lord of the Rings as in kristlik boek. Trije dielen.

Mear oer wurk en libben fan Liuwe Westra

Oankundiging oersetting, LC 30-09-2011
Sietse de Vries, fraachpetear LC 18-11-2011
Sietse de Vries LC 06-01-2012
Abe de Vries FD 31-03-2012
Opheffing KFS, LC 31-12-2012
Site Krúspunt des 2012

Mear oer Liuwe Westra
Petear mei Hedwig Terpstra op Ensafh. 11-05-2014

© Tresoar, 24-04-2015