Berne: 19-01-1894, Hallum
Ferstoarn: 13-02-1973, GRINS

 

 

Libben en wurk

Jacobus (Koos) P. Wiersma is berne yn Hallum, mar hat in grut part fan syn libben yn Ljouwert wenne. Nei Ljouwert ferfear er nei Beetstersweach, dêr’t er ek noch in tal jierren trochbrocht hat. De lêste perioade fan syn libben wenne er yn Haren. Wiersma is yn Grins ferstoarn.

J.P Wiersma koe bestean fan syn pinne. Hy wie sjoernalist, ûnder oaren by de Noard-Nederlân edysje fan de NRC (Nieuwe Rotterdamse Courant). Dêrnjonken hat er in grut ferskaat oan toanielstikken, revu’s, sjongspullen en fersen skreaun. Under skûlnamme, J.F. Siemensma skreau er, Frou Gunne of it hûs fan Herda (1964) en ûnder eigen namme de roman Lyoeske. Yn opdracht fan de Frico skreau Wiersma de mânske dokumintêre roman, Aldfaers Groun, byld fan in tiidrek (1948). Foar de Ljouwerter krante (Leeuwarder Courant) fersoarge er, ûnder it pseudonym Gaatske Kroodsma-Sniksma, in kronyk yn brieffoarm dy’t ûnder de titel ‘Uit de Friese Lusthof’, om de fjirtjin dagen ferskynde yn it tiidrek 1949-1963. ‘Gaatske’ oppenearre har yn de, tige suksesfolle, rubryk as in dame út de goede boargerstân dy’t mei in skerp each ferslach die fan wat der yn it Fryslân fan dy tiid omhear gie. Wa’t har ferskûle efter ‘Gaatske’ wie in goed bewarre geheim tusken haadredakteur Jan Piebenga en de skriuwer J.P. Wiersma. De ferrassing wie grut doe’t by de lêste (365ste) ôflevering bekend makke waard wa’t de skriuwer wie.
Wiersma wie, wat we sa moai neame ‘in self-made man’. Omdat syn heit, dy’t slachter wie yn Hallum, tbc krige doe’t Koos noch in jonge wie, moast er helpe yn ’e slachterij en koe er net fierder leare. Boppedat moast er yn 1914 ûnder tsjinst. Hy tsjinne oant de ein fan de earste wrâldoarloch (1918) ta. Syn skriuwtalinten kamen al betiid oan it ljocht, it earste stikje dat er publisearre wie in artikeltsje oer it keatsen dat stie yn it Noord-Friesch Advertentieblad (1908).  Fan 1914 ôf, Wiersma wie doe tweintich, levere er geregeldwei bydragen oan it blêd Sljucht en Rjucht fan Waling Dykstra (1821-1914). J.P. Wiersma wie net allinnich bejeftige mei skriuwtalint, hy wie ek tige muzikaal. As bern spile er piano en op syn alfte jier rjochte er yn Hallum in fluitgroep foar jonges op, sels naam er de rol fan dirigint op him. Yn 1916 sleat er him oan by de Jongfryske Mienskip, al stie er yn it earstoan wol kritysk foar har lieder, Douwe Kalma, oer. Al leit it wol yn ’e reden dat Kalma ynfloed op syn literêre foarming hân hat. Letter hawwe de mannen in tal jierren befreone west. Al gau rjochte Wiersma it Jongfrysk Sjongkoar op, dat bestie út leden fan de Mienskip. It koar fersoarge optredens dêr’t fakentiden in soad publyk op ôf kaam. Yn ’e mande mei Kalma wie Wiersma ien fan de oprjochters fan De Fryske Bibleteek. Wat him oanspriek yn de Mienskip skreau er yn de brosjuere De Jongfriesche Beweging dy’t er yn 1922, ûnder de skûlnamme Fr. Okkinga, yn it ljocht joech. In jier neitiid ferbrutsen Wiersma en Douwe Kalma har freonskip en sei Wiersma syn lidmaatskip fan de Mienskip op.
Nei syn tsjinsttiid wurke Wiersma as redakteur by de Nieuwe Harlinger Courant. Yn 1925 troude er mei A.C. Risselada, it echtpear krige gjin bern. Fan dy tiid ôf oan bestie Wiersma fan syn sjoernalistike wurk en dêrnjonken fan it skriuwen yn opdracht en fan gelegenheidswurk. Hy skreau Frysk en Hollânsk. Syn sjoernalistike bijdragen foar kranten lykas De Telegraaf en it Algemeen Handelsblad wiene Hollânsktalich, wurk foar Fryske periodiken trochstrings yn it Frysk.
By de Jongfryske Mienskip kaam er yn oanrekking mei it toaniel, hy spile mei by it Jongfrysk toaniel. Al gau regisearre er en skreau er sels stikken. Syn earste stik ‘Blommen yn hjar tún’, waard opfierd troch de toanielgroep fan de Fryske krite yn Harns (1921). Nei syn brek mei de Mienskip rjochte er tegearre mei Lammert Popma fan Swol it Nij Frysk Toaniel op (1929). Doel wie om stikken fan nivo te spyljen dy’t dochs ek wurdearre wurde soene troch it gewoane Fryske toanielpublyk. Der moast modern toaniel spile wurde, mei goede spilers, goede dekors en stikken fan jonge skriuwers. De earste jierren waarden benammen stikken fan Wiersma sels spile, omdat oaren dêr kwalitatyf net tsjin op koene. Doe’t it sukses minder grut wie as dat se ferwachte hiene, en de skulden by it selskip oprûnen, loek Wiersma him werom út de groep. Popma waard doe yn it plak fan Wiersma de lieder fan it Nij Frysk Toaniel. Wiersma rjochte him dêrnei mear op iepenloftspullen, revu’s en sjongspullen. Yn 1932 hie er sukses mei it iepenloftspul ‘Om it heechste’, in stik oer de emigraasje fan Balkster Mennisten nei Amearika. It grut opsette spul ‘Skaed en ljocht’ in bewurking neffens de roman It Jubeljier fan Simke Kloosterman, luts mei de opfierings yn Kollum sa’n 10.000 besikers (1936). Syn sjongspul ‘Roaitske’ dat yn 1941 en ’42 opfierd waard, waard mear as fjirtich kear foar it fuotljocht brocht. Foar it fjirtichjierrich bestean fan de Frico, skreau er de revu ‘Op nije banen’ (1938). Tsien jier letter waard foar itselde fabryk de revu ‘De gouden kroade’ opfierd. Nei de oarloch stie Wiersma mei oan it begjin fan it iepenloftspul yn Diever, dat foar it earst holden waard yn 1946. Ridlik gau nei de oarloch kaam de klam fan syn wurk mear op dokumintêr en populêr-wittenskiplik wurk te lizzen. Ien fan de earste útjeften yn boekfoarm wie de sammelbondel Friesche sagen (1934), trije jier letter folge troch in bewurke ferzje ûnder de titel Friesche mythen en sagen. Beide útjeften yllustrearre mei houtfiken fan Nic. J. B. Bulder (1898-1964). Dêrnei folgen tinkboeken oer oarloch en ferset, it reedriden en de lânboukoöperaasje. Fierders toeristyske boeken oer Fryslân en in rige biografyen oer Th.M.Th. baron van Welderen Rengers, de Fryske byldhouwer Pier Pander en de lânbou foaroanman H.D. Louwes. De útjefte fan in biografy fan heit en dochter Ritske en Simke Kloosterman is it net ta stân kaam, allinnich de oantekeningen binne bewarre bleaun.
De meast bekende útjefte lykwols fan J.P.Wiersma is de mânske kultuer-histoaryske roman Aldfaers Groun : Byld fan in tiidrek (1948). Wiersma skreau it wurk yn opdracht fan de Frico, it moast in propagandawurk foar de organisaasje wurde. Yn it earstoan wie it it plan om in Frysk- en in Hollânsktalige ferzje te meitsjen. Dat is úteinliks net trochgongen. It mânske boek , 673 siden, is opdield yn trije parten dy’t besteane út haadstikken mei losse sênes. It boek moast in byld jaan fan it Fryske libben en de Fryske seden. It jout in werjefte fan it libben fan boeren, fiskers en arbeiders rûnom yn Fryslân, yn de perioade 1860-1940. De bekende keunstner Cornelis Jetses (1873-1955) út Wassenaar hat de yllustraasjes by de útjefte makke. Hoewol’t Wiersma it boek tusken 1942 en 1945 skreaun hat, kaam it krekt ta in útjefte yn 1948. De earste printinge (8000 eks.) wie yn 1966 útferkocht. De twadde printinge kaam út yn 1974, en de tredde yn de rige Fryske Klassiken yn 2001.

Wurk

Proaza

1948: Aldfaers Groun: byld fan in tiidrek (1860-1940)
1953: Lyoeske (roman)
1964: Frou Gunne of it Hûs fan Herda (ûnder skûlnamme J.F. Siemensma)

Toaniel/ Sjongspullen

In seleksje:
1938: Op nije banen: historyske feestrevue by it fjirtichjierrich bistean fen de Frico op 12 en 13 October 1938
1940: Skaed en Ljocht: it Kollumer oproer fen 1797 : iepenloftspil fen J.P. Wiersma ; nei It Jubeljier fen Simke Kloosterman
1941: Roaitske: sjongspil yn twa akten
1943: It wylgesyske: Frysk sjongspil yn twa bidriuwen
1958: Om it heechste  religieus iepenloftspul yn trije bidriuwen

Ferskaat
1926: De Fryske heide yn kultuer: petearen en reizen mei domeny A.J. Visscher to Ljouwert
1934: Friesche sagen
1937: Friesche mythen en sagen
1941: Vijftig jaar Elfsteden-tochten: Friesche schaatsensport en schaatsen-industrie
1946: Kriich tsjin frjemdfolk: tinkboek fen it Fryske illegale forset yn ’e jierren 1940-1945
1948: Friese volkssprookjes: verzameld en naverteld door J.P. Wiersma / illustraties van Johan Dijkstra (1896-1978)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite


Tresoar, 13-3-2009