Berne: 21-1-1963, GROU

Libben en wurk

Syds Wiersma is berne en opgroeid yn Grou. Nei de middelbere skoalle studearre er in skoftke oan de universiteit fan Wageningen. Dêr sleat er him oan by inkele jonge dichters en begûn er Fryske poëzy te skriuwen.

Hy debutearre yn literêr tydskrift Hjir (nû.5, 1987) mei de fersen ‘Alde Slinke’ en ‘Fryslân op syn iepenst’. Fan 1990 oant en mei 1994 makke er diel út fan de redaksje fan Hjir. Hy publisearre dêrnjonken fersen yn Fersefariaasje, jongereinblêd Sjederrr!!! en yn de Fryske Skriuwerskalinder.
Nettsjinsteande syn net-tsjerklike eftergrûn sleat er him oan by de R.K. tsjerke, nei ferskate reizen troch Súd-Europa. Hy begûn in stúdzje teology oan de Katholieke Universiteit Utrecht, dêr’t er yn 2003 ôfstudearre. Dêrnei die er promoasjeûndersyk nei de godtsjinstdebatten tusken joaden en kristenen yn de trettjinde ieu yn Spanje en it opkommend anti-judaïsme dêr. Hy is dwaande mei it skriuwen fan in proefskrift oer it wurk fan de Katalaanske dominikaan Ramón Martí (1220-1285), de earste grutte kristlike hebraïst en arabist yn Europa.

Yn boekfoarm debutearre Syds Wiersma mei de bondel Alles wat ik net betinke woe (1992). De 30 fersen yn de bondel binne ûnderbrocht yn trije skiften; ‘Dreamen achter beammeswart’, ‘Folslein dysels’ en ‘Prisma’. In part fan de fersen stiene earst yn Hjir, allinnich hat de dichter de measten, mear of minder, oanpast en feroare foardat se yn de bondel kamen. De bondel waard troch de ferskate besprekkers posityf ûntfongen. Wiersma hâldt him net oan in fêste fersfoarm, de bondel befettet sonetten, frije fersen en inkelde haikû’s. De ûnderwerpen dêr’t er oer dichtet binne metafoaren fan it libben, in syktocht nei feiligens, leafde en it efterlitten fan de bernetiid. De wurden ‘hûs’ en ‘snie’ komme opfallend faak foar. In hûs stiet foar feiligens, mar alles is net sa’t it liket. Der binne dingen dy’t de feiligens trochbrekke; yn de pleats wurdt net mear buorke, heit en mem binne har eigen wegen gien. Yn it fers ‘Nachtrein’ beskriuwt er it sa: ‘Unbewenber is dit hûs/mei sigende fêstichheden/lekkende dreamen/kreakjend ferlet’. Neffens besprekker Jan Kooistra (Hjir, nû. 2, 1993) stiet it tema ‘snie’ by Wiersma foar it bedekken fan de dea, mar ek foar it grutte ûnbekende. Hy skriuwt fierder: ‘Faak stiet dit motyf net allinne, mar wurdt it kombinearre mei stilte, nacht, keale swarte beammen en it befêrzen wêzen fan ierde en gefoel’.

De ôfrûne fyftjin jier hat Wiersma eins net mear poëzy publisearre. Yn twa resinte Ljouwerter gelegenheidsbondels, Poëtisch Leeuwarden. Een wandeling in gedichten (2007, besoarge troch Arjan Hut) en de bondel oer de Hollanderwyk (2009), makket er syn ‘rebút’ mei twa gedichten yn it Nederlânsk. En hy hat mear wurk ûnder hannen, yn it Nederlânsk en it Frysk.

Wurk

Poëzy
1992: Alles wat ik net betinke woe
2016: Raffelwjok 

 

Tresoar, 20-03-2009